Sier is in ferdwûne buorskip súdwest fan Hollum op It Amelân. It lytse fiskersdoarp waard rûn 1730 ferlitten, mei't de dunen de leefberens ferhinderden troch ûnderstowing. Lyk nei de Twadde Wrâldkriich, yn 1947, kaam in sechtichtal âlde putten foar it ljocht, nei't in stik dún weislein wie.

Om 2012 hinne waard benoarden de fjoertoer op It Amelân in nij doarp stiften mei de namme Sier, wêr't hjoeddedei tsien huzen stean.

In fear nei It Amelân, MS Sier, is ferneamd nei it doarp.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: