West-Flylân wie oant de 18e iuw ta in doarp op Flylân. It doarp wie ûntstien yn de 14e en 15e iuw en hat jierren lang it haadplak fan Flylân west. It doarp sakke yn de rin fan de 18e iuw fuort yn de see.

Kaart út 1743 mei Westeijnde

It doarp hie har eigen skoalle, tsjerke, mûne, spinhûs en bierbrouwerij, der wie sels in earmhûs. West-Flylân hie ek in eigen fiskersfloat. De toer fan it riedhûs foarme it beaken foar de skippen op de Noardsee. It doarp hie deselde doarpsstruktuer as East-Flylân, in lang doarp mei trije evenredich oanelkoar rinnende strjitten. Yn 1590 joech Johan van Oldenbarnevelt West-Flylân in eigen wapen. Op it wapen wie in skriele beam te sjen.

Op it hichtepunt fan it doarp wiene der sa'n 400 huzen en wennen der sa'n 1.000 minsken yn it doarp. Dit hat oan it begjin fan de 16e iuw west. Twa iuwen letter, oan it begjin fan de 18e iuw wie dit weromrûn nei sa'n 150 huzen. En yn 1736 wiene der noch mar twa hûzen yn it ea sa libbene doarp oer.

Yn 1714 waard troch in febrewarisstoarm in grut diel fan it doarp fuortslein. Der is noch besocht om it doarp te rêden mar it mocht net mear bate. Yn 1727 oerstreamde wer in grut part fan it doarp wêrtroch in protte minsken it beslút namen om nei East-Flylân te gean. Njoggen jier letter waard de predikant en de noch oanwêzige húshâlding fuorthelle en wie it foargoed dien mei it doarp.

Wêrtroch it doarp krekt ûnder wetter sakke is net wis. Wierskynlik hat it te krijen mei de oanwaaks fan in stodyk op Tessel. Hjirtroch feroaren de seestreamingen yn de Noardsee en yn de Waadsee.

De ekonomy fan it doarp bestie benammen út de walfiskfeart, fiskerij, hannel en lânbou. Foar de fiskersfloat fan it doarp wie gjin haven.