Deensk Fryslân is in part fan Noard-Fryslân dat nei it lûken fan de nije Dútsk - Deenske grins yn 1920 yn it Deenske part fan (Noardsleeswyk) foel. Dy grins waard troch it noardlikste part fan de streek lutsen; de grins gong foar in part troch de Widuu dêr't op beide iggen Friezen wennen. Hjoed-de-dei is Deensk Fryslân "formalisearre" as in diel fan it poldergebiet tusken de Dútske grins en de Deenske stêd Tønder, de saneamde Tøndermarsken.

Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


Taalkaart fan Sleeswyk út 1838. It gebiet om Tønder hinne is foar 't neist mear Deensk as Dútsk, dochs leit dêromhinne in giele gloede dat foar in part Frysk taalgebiet foarstelle moatte soe.

De Deenske waadeilannen Rømø, Mandø en Fanø wurde geografysk ta it gebiet fan de Noard-Fryske waadeilannen rekkene; op it stuit hearre dizze trije eilannen lykwols net by it wengebiet fan de Friezen. Dat hat yn it ferline mooglik oars west. Sa hat Faaneach in dracht dy't sterk ôfwykt fan dy fan de rest fan Denemark en taskreaun wurdt oan de Friezen en wie der op Romeach yn it ferline in Noardfrysk dialekt.

Neffens de Deenske publisist Benny Siewertsen binne de Friezen by de kust lâns sa noardlik kaam as de line Romeach - Skærbæk. Hja kamen dêr neffens him yn de 12e iuw oan yn in tiid doe't hja mei harren terpen yn de wiete kustlannen in wenplak fine koenen. In pear iuwen letter moasten hja lykwols beliis jaan doe't de see wer heger kaam en rekken hja wei yn de Deenske befolking fierder fan de kust. Siewertsen fertrout benammen op in leginde út de 17e ieuw, dy't seit dat guon Friezen út in ferdronken kustgebiet har nei wenjen setten yn Hjerpsted.

Histoaryske boarnen stypje dit net. Neffens in kontrakt út 1417 gie it om Holllânske kolonisten (hollændere) dy't har yn Misthusum yn de Ballummarsken nei wenjen setten. Yn de kwelders bouden se alve pleatsen op terpen yn in simmerpolder, dy't omjûn wie troch in lege dyk.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Hans Schultz Hansen, Lars N. Henningsen & Carsten Porskrog Rasmussen, Sønderjyllands historie, dl. 1: indtil 1815, Aabenraa 2008, s. 166.