Upstalbeam

(Trochferwiisd fan Opstalbeam)

De Upstalbeam (Aldfrysk: Opstallisbaem, Dútsk: Upstalsboom) wie yn de tiid fan de Fryske frijheid yn de 13e en 14e iuw it gearkomsteplak fan ôffurdigen fan de Fryske lannen, de Sân Seelannen. Hja kamen dêr gear om (pan-Frysk) rjocht te sprekken en as bûn mienskiplike besluten te nimmen. De Upstalbeam leit súdwestlik fan Auwerk, by it plak Rahe. Sûnt 1833 stiet der in stiennen piramide op de prehistoaryske grêfheuvel. De grûn en de piramide binne hjoed de dei eigendom fan de Eastfryske Lânskip.

Hjoeddeiske tastân fan de Upstalbeam mei piramide
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân

Grutsegel fan it Upstalbeambûn (1324)
Aldst bekende ôfbyld fan de Upstalbeam, troch C.B. Meyer (1790)
Fryske lannen om 1300 hinne

De oarsprong fan de namme is net bekend. It wurd 'Upstalbeam' kin skieden wurde. Mei 'beam' wurdt net perfoarst in heech opgeand gewaaks ornearre. It kin likegoed om in peal, ôfsetting of grins gean. 'Upstal' is in greide mei in dúdlike grins en wie mandeguod fan de mienskip.[1]

Geakundige beskriuwing

bewurkje seksje

It gebiet leit op in hege sângrûn (geast) dat troch gletsjers yn de Saale-iistiid opskood is. Op dy sângrûn ferriisde yn de prehistoarje in grêfheuvel. Yn de grêfheuvel binne urnen fûn út de brûns- en izertiid, dy't no bewarre wurde yn it Eastfryske Lânmuseum (Ostfriesischen Landesmuseum) yn Emden. Neffens archeologysk ûndersyk waard de hichte fan de 8e iuw ôf bebuorke. Op in skildering fan 1790 is in iik te sjen. It is net bekend oft der yn de midsiuwen begroeiïng wie op de hichte. It plak wie doe wol goed berikber oer it lân en wetter. Yn 1833 is ta oantinken oan de histoaryske betsjutting fan de Upstalbeam boppe-op de grêfhichte in piramide boud. De Upstalbeam leit hjoed de dei yn in lyts bosk. It gebiet dêromhinne wurdt foarme troch in kûlisselânskip. De Upstalbeamhichte is mei 6,8 meter it heechste punt yn it gebiet.

Ut argeologysk ûndersyk hat bliken dien dat de grûn by Upstalbeam sûnt de 8e iuw yn gebrûk wie.[2] Wierskynlik brûkten de boeren út de omkriten de grûn om harren deaden te bedobjen. It is net dúdlik wêrom't de Friezen dizze grêfheuvel as gearkomsteplak keazen. Mooglik spile de relatyf sintrale lokaasje, tusken Fly en Wezer, in rol. Boppedat wie it plak sawol oer it wetter as oer it lân goed te berikken.[3]

Fryske frijheid

bewurkje seksje

Yn de 11e en 12e iuw wie de greeflike macht ôfbroazele en dêrmei begûn it tiidrek fan de Fryske frijheid. Mei it weifallen fan 't greeflike gesach ferdwûn ek de funksje fan skelta, mar dêr foar yn de plak kaam de grytman. Yn Easterlauwersk Fryslân waard de grytman mei "redjeva" oantsjutten.[4] Om 1300 hinne, de bloeitiid fan de Fryske frijheid, wienen der sa'n 27 lângemeenten tusken Fly en Wezer. Dy lângemeenten ferienigen har mei it Upstalbeam-bûn yn de „Sân Seelannen“. De grytmannen/redjeven moeten inoar by de Upstalbeam om rjocht te sprekken en mienskiplike besluten te nimmen. De ôffurdigen waarden mei Peaske yn harren eigen gebiet keazen. De gearkomsten wienen ienkear yn 't jier op de tiisdei nei Pinkster. De lângemeenten waarden ornaris elk mei twa ôffurdigen fertsjintwurdige. Sa stiet yn it Iemsigoaër rjocht fan om 1300 hinne:

Thit send tha urkera allera Fresena. Theth forme, theth hia gaderkome enes a iera to Upstelesbame a tyesdey anda there pinxstera wika and ma ther eratte alla tha riucht, ther Fresa halde skole. Jef aeng mon eng bethera wiste, theth mathet lichtere lette and ma theth bethere helde. Thiu othere kere: ief there soghen selonda aeng vrherath vrde auder fon tha suther sareda ridderum jeftha fon northeska wigandum, theth tha sex tha soghenda hulpe, theth hit alsa wel machte sa there sexa hoc.

Dit binne de oerkêsten fan alle Friezen. Foarst, dat hja ien kear yn it jier op de tiisdei yn de pinksterwike by de Upstalbeam gearkomme sille en dat hja dêr alle rjochten besprekke, dy’t de Friezen oanhâlde sille. As immen in better rjocht wit, moatte hja it minder goede opjaan en it bettere folgje. De twadde kêst: as ien fan de sân seelannen troch de wapene ridders út it suden of troch de striders út it noarden ferwoastge wurdt, sille de seis it sânde helpe, sadat it like sterk bliuwe sil as elts oar seelân.

De earst-bekende gearkomste soe yn 1156 west hawwe oer it bylizzen fan in skeel tusken de East-Fryske goaen Östringen en Wangerlân. Dat docht bliken út skriftlike boarnen út letter iuwen en der binne gjin 12e iuwske boarnen dy't dat befêstigje. Der is wol skriftlik bewiis foar de gearkomsten tusken 1216 en 1231 en fan 1323 oant 1338. Yn dy lêste perioade waarden de akten besegele mei it grutsegel fan it Upstalbeam-bûn, it Totius-Frisiae-Segel. Yn 1323 waarden de Willekeuren fan de Upstalbeam oannommen, in poging ta unifikaasje fan it Fryske Rjocht. By de Upstalbeamgearkomste fan 1327 waarden stedsrjochten ferliend oan Appingedam. It bûn fan de Upstalbeam hold him net allinnich dwaande mei it bestjoer binnen de Fryske lannen, mar wie ek de politike fertsjintwurdiger fan de Fryske lannen nei it bûtenlân ta. De lêste oerlevering fan in gearkomste fan de Sân Seelannen by de Upstalbeam wie yn 1327. Yn Appingedam kamen fertsjintwurdigers fan de Sân Seelannen yn 1338 nochris by elkoar om in ferbûn tusken de kening fan Frankryk en de Sân Seelannen mei it grutsegel fan de Upstalbeam te besegeljen.[5][6]

Hjoed de dei

bewurkje seksje

Sûnt 2000 is der wer mear belangstelling foar de Upstalbeam.[7] Sûnt 2004 organisearret it Friesisches Forum alle jierren in Upstalbeamgearkomste op de earste tiisdei nei Pinkster.[8] Yn 2005 fierde de Fryske Rie it 50-jierrich jubileum fan it Frysk manifest by de Upstalbeam. Fierders is it Dútske regear fan doel in grutte sneldyk oan te lizzen oer dit histoaryske plak.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje
  • Yn 1925 joech de feriening 'De Upstalbeam' it tydskrift 'De Upstalbeam - Tydskrift for it Fryske libben en de Fryske striid' út. Yn it bestjoer sieten Sj. Rusticus, D. Kalma en B. Tuinstra. [9]
  • Yn East-Fryslân binne noch hieltyd in protte hotels te finen mei de namme Upstalbeam of 'Upstalsboom'.
  • Fan it grutsegel fan de Upstalbeam, de Totius-Frisiae-Segel, binne trije eksimplaren oerlevere. It segel is 12 sm grut. Twa dêrfan lizze yn Bremen. It tredde en geefste eksimplaar leit yn Parys.
  • Op de grêfheuvel stiet yn stiennen pyramide dy't dêr yn 1833 delset troch de Eastfryske Steaten (Ostfriesische Stände). Dy ynstânsje kin as foarrinder sjoen wurde fan de Eastfryske Lânskip (Ostfriesische Landschaft).
  • De stiennen fan de piramide op de grêfheuvel komme fan in ôfbrutsen tsjerke út Auwerk.

Fierder lêze

bewurkje seksje
Literatuer
Fakliteratuer

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hajo van Lengen (Hrsg.): Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende, Utjouwer 'Ostfriesische Landschaft', 2003, ISBN 3-932206-30-4, side 424
  2. Willem Kuppers (2003). Upstalsbom – der „Altar der Freiheit“. Vom Landtagsgelände der Friesen bis zur Thingstätte im Dritten Reich (s. 423). Yn Hajo van Lengen: Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende. Ostfriesische Landschaft: Auwerk. ISBN 3-932206-30-4
  3. Wolfgan Schwarz (2003). Die Stätte des Upstalsbooms – Die archäologische Wahrnehmung des Upstalsbooms. (s. 414-415). Yn Hajo van Lengen: Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende. Ostfriesische Landschaft: Auwerk. ISBN 3-932206-30-4
  4. E. Engelsma (2010), "De Grote Friese Oorlog, side 9.
  5. P.J. Blok (1900). Oorkonden betrekkelijk Friesland en zijne verhouding tot Frankrijk in de 13e en 14e eeuw (s. 317-334) yn De Vrije Fries nr. 19. Frysk Genoatskip: Ljouwert
  6. Wilfried Ehbrecht (2003). Gemeinschaft, Land und Bund im Friesland des 12. bis 14. Jahrhunderts (s. 183-188). Yn Hajo van Lengen: Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende. Ostfriesische Landschaft: Auwerk. ISBN 3-932206-30-4
  7. Simmer-fytstocht nei Aurich, Omrop Fryslân, 15 july 2000 (sjoen op 24 jan. 2010)
  8. 13. Mai: Friesisches Treffen am Upstalsboom
  9. Argiven FLMD (PDF-triem)