Stilicho
Stilicho (folút Flavius Stilicho) (sa. 359 - 22 augustus 408) wie oerbefelhawwer (magister militum) en patrysjer yn it West-Romeinske Ryk.
Karriêre
bewurkje seksjeStilicho waard berne yn wat tsjintwurdich Dútslân is. Syn heit wie in Fandaal dy't yn it Romeinske leger tsjinne en syn mem Romeinsk. Nettsjinsteande syn Germaanske komôf fielde hy him mear Romein as Fandaal, alhoewol't hy lykas in protte Germanen, it arianisme oanhinge ynstee fan it katolisisme
Krekt as syn heit naam er tsjinst yn it leger en makke opgong ûnder it bewâld fan keizer Teodosius de Grutte, dy't earst oer it East-Romeinske Ryk hearske soe fanút Konstantinopel en letter de lêste keizer fan it hiele Romeinske Ryk waard. Yn 384 stjoerde Teodosius him as gesant nei it hof fan de Perzyske kening Sapur III om te ûnderhandeljen oer in fredesakkoard dat relatearre wie oan de opsplitsing fan Armeenje. Doe 't hy fan dizze súksesfolle missy wêrom kearde nei Konstantinopel, waard Stilicho promovearre ta generaal. Hy krige opdracht de ferdigening fan it Ryk tsjin de oanfallen fan de Fisigoaten op him te nimmen, in rol dy't er sawat tweintich jier útfiere soe. De keizer seach yn Stilicho in weardefolle kriichsmaat, en om in besibbens mei him te foarmjen, bea hy syn adoptearre nicht Serena oan as breid. De brulloft fûn plak sawat tagelyk mei syn missy nei Perzje. Serena joech it libben oan in soan dy't Eucherius hiet.
Nei de moard op de Westerske keizer Falentinianus II yn 392 holp Stilicho mei it byinoar sammeljen fan in leger dat Teodosius de oerwinning bringe soe yn de Slach oan de Frigidus. Hy wie ien fan de eastlike lieders yn dat gefjocht en tidens de kampanje wie de Fisigotyske kriichshear Alarik ofsier by him, dy't de wichtige Goatyske helptroepen oanfierde. Alarik soe letter ien fan Stilicho's belangrykste tsjinstanners wurde yn syn lettere karriêre as oerbevelhawwer fan de West-Romeinske legers. Stilicho ûnderskiede him oan de Frigidus, en Teodosius, ôfmêde troch de swiere kampanje, seach yn him de man dy't yn de takomst de feilichheid fan it ryk bewarje koe. De sike keizer beneamde Stilicho ta fâd oer syn jongste soan, Honorius, koart foar syn dea yn 394.
Nei de dea fan Teodosius waard Honorius keizer fan it Westen, en syn âldere broer Arkadius dat fan it Easten. Sy wienen gjin fan beiden krêftige persoanlikheden, wêrtroch Stilicho as heechste kommandant fan it leger yn it Westen oer in protte macht beskikte. Yn dizze eigenskip bewiisde Stilicho syn betûftens mei enerzjy, ek al soe hy syn hiele karriêre te krijen hawwe mei polityk gekonkel fan tsjinstanners oan de twa keizerlike hôven.
Yn 395 krige hy al fuortendalik te krijen mei dizze hofpolityk doe't de Fisigoaten, dy't ticht by de Donau libben, ûnder druk setten waard troch de Hunnen en yn opstân kamen. De Goaten hienen krekt dêrfoar Alarik ta kening keazen en dizze ferbruts it ferdrach fan syn folk mei Rome. Sy foelen plonderjend de Romeinske provinsje Traasje binnen. It grutte Romeinske leger dat by de Frigidus fochten hie, wie noch hieltyd mobilisearre, en Stilicho late it rjochting Alarik's troepen. Doe't it leger, it Eastlike ryk binnenmarsjearde, krige Stilicho lykwols fan keizer Akradius it befel him werom te lûken. Arkadius hannele hjirby net út eigen beweging mar op advys fan syn Prefectus Praetorio, riedshear Rufinus, in âlde fijân fan Stilicho. Stilicho harket nei dizze opdracht en gong werom. Mar Rufinus helle gjin folle winst oan syn oerwinning op Stilicho, omdat er troch syn eigen troepen fermoarde waard.
Twa jier letter, yn 397, koe Stilicho Alarik's troepen wol ferslaan yn Masedoanje. Dat selde jier makke hy ek in ein oan de opstân fan de Romeinske gûveneur Gildo yn Afrika. Dêrnei moast er op fjildtocht yn Rhaetia (401), dêr't er in wiidweidige kampanje fierde tsjin syn folksgenoaten, de Fandalen en oare barbaarske stammen. Stilicho soe ek noch twa wichtige fjildslaggen tsjin Alarik late, by Pollentia yn 402 en Ferona yn 403. In hiel oar wapenfeit wie de opdracht dy hy joech ta de ferneatiging fan de Sibyllynske boeken (405), dy't hy beskôge as in belediging foar syn ariaanske leauwen.
Delgong
bewurkje seksjeNettsjinsteande syn súksessen wie Stilicho yn de eagen fan guon oan de keizerlike hôven in gefaar foar harren eigen ambysjes. Sy makken tankbar gebrûk fan syn net-Romeinske êftergrûn en syn ariaanske leauwen. Dit ferset waard benammen troch Olympius organisearre, dy't in komplot op tou sette om Stilicho te fermoardzjen (408). De hôvelingen ferspraten geroften oer him dat de moard op Rufinus fan syn hân wie, dat er gearspande mei de Fisigoatyske kening Alarik, dat de barbaarske ynvaazje yn Galje (406) syn skuld wie, en dat er fan plan wie om syn eigen soan op de keizerlike troan te setten. It Romeinske leger yn Pavia makken oproer op 13 augustus, wêrtroch teminsten sân hege keizerlike ofsieren it libben derby yn skeaten (Zosimus 5.32). Dit waard folge troch foarfallen dy't neffens John Matthews [1]< "eltse eigenskip fertoande fan in grûnich tarette coup d'état, organisearre troch politike tsjinstanners fan Stilcho. Stilicho luts him tebek nei Milaan, dêr waard hy finzen naam en ta dea brocht as "ferrieder". Syn soan Eucherius waard koart dêrnei allyksa fermoarde yn Rome.
Postúm
bewurkje seksjeYn it ûnrêstige tiidrek dat folge op de ûndergong en eksekúsje fan Stilicho waarden froulju en bern fan Germaanske foederaty yn hiel Itaalje ôfslachte troch de Romeinske befolking. Yn reaksje hjirop sochten de Germaanske troepen oansluting by Alarik. De Fisigoatyske kriichshear joech dêroan gefolch en luts mei syn hiele folk de Julyske Alpen oer Itaalje yn. Tsjin septimber 408 stienen de Fisigoaten foar de stêdsmuorren fan Rome.
Sûnder in sterke generalissimo lykas Stilicho om it benammen út barbaarske troepen besteande Romeinske leger te bestjoeren, koe Honorius oars net folle dwaan om it belis te brekken en naam in passive hâlding oan. Hy woe wachtsje oant Alarik út himsels foartgong en hope dat in sterk leger byinoar sammele waard om tsjin de Fisigoaten op te lûken. Spitigernôch, slagge it de Romeinen net om in sterk leger yn te setten en koe Alarik syn gong gean. Nei in belegering fan twa jier waard de stêd ynnommen tanksy in ferrieder dy't ien fan de poarten yn de muorren iepen sette. Foar it earst yn sân iuwen wie in bûtenlanske ynkringer dêryn slagge om Rome te oermasterjen.
Tsjinstellingen
bewurkje seksjeIn wichtige fraach dêr't skiedkundigen harren mei dwaande hâlden hawwe is of Stilicho it ryk út eigen belang ferdigene dan wol dat er it die út loyaliteit rjochting Rome of Teodosius. In protte skiedkundigen binne fan betinken dat it Stilicho syn wichtichste doel wie om syn soan op de keizerstroan te krijen, en dat er it hiele ryk wer ferienige woe; dizze teory jout in ferklearring foar syn oanhâldende twisten mei ynfloedrike Romeinen oan beide hôven.
In oar problematysk punt is syn striid mei Alarik in Masedoanje. Stilicho hie faak plannen smeid om de provinsje Dalmaasje by it Westlik part te krijen, ek al hearden de troepen dy't hy brûkte foar syn oerwinning by it Easten. Wier of net wier, de eangst hjirfoar soe ferklearje wêrom Rufinus Arkadius oertsjûge koe ,Stilicho fuort te stjoeren doe't de oerwinning op Alarik tichteby wie. Yn alle gefallen, sa gau Alarik by fredesûnderhannelings mei Rome in titel krige, waard Stilicho it doelwyt foar hôfyntriges yn Konstantinopel, of omdat er net populêr, of fanwege syn ambysjes.
Boarne
bewurkje seksjeUtsein relevante wetsteksten yn de Codex Theodosianus, binne de wichtichste primêre boarnen oer it barren ûnder it bewâld fan Stilicho oant it jier 404, de panegyrisy dy't oan him wijd binne troch de dichter Klaudianus. Foar it tiidrek nei 404 is Zosimus de wichtichste boarne. Dizze lêste hie omdat er wierskynlik sels in Byzantyn wie in sterke ôfkear fan Stilicho.
Fuotnoat
bewurkje seksje- ^ J. Matthews, Western Aristocracies and Imperial Court AD 364–425, Londen, 1990, s. 281.
Literatuerferwizings
bewurkje seksje- art. Stilicho, in en.wikipedia.org (2005-2006).
- E. Nischer-Falkenhof, Stilicho, Wenen, 1947.
- Hermann Schreiber, De Goten, Vorsten en vazallen, Amsterdam -1979.
- J.B. Bury, History of the Later Roman Empire, I, Londen, 1923, pp. 106-173. (Engels, Public domain)