Minderheidstaal

(Trochferwiisd fan Minderheidstalen)

In minderheidstaal is in taal dy't sprutsen wurdt troch in taalkundige minderheid, oftewol eltse oare taal as de dominante taal fan in beskaat lân. Minderheidstalen komme yn frijwol alle lannen fan 'e wrâld foar, en kinne sawol territoriaal wêze (oan in beskaat grûngebiet bûn wêze, lykas it Frysk yn Nederlân), as net-territoriaal (wêrby't de sprekkers ferspraat libje tusken oare befolkingsgroepen). Net-territoriale minderheidstalen binne foar it meastepart allochtoane talen, lykas it Turksk of it Surinaamsk-Kreoalsk yn Nederlân, mar se kinne ek autochtoan wêze, lykas it Jiddysk of it Romany. Wat in minderheidstaal is en wat in dominante taal (of mearderheidstaal) is relatyf. Yn Nederlân is it Frysk in minderheidstaal en it Nederlânsk de dominante taal, mar yn Fryslân, soe men sizze kinne, binne streektalen as it Biltsk en it Stellingwerfsk de minderheidstalen, wylst in Frysk dêrfoaroer in dominante(re) posysje ynnimt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 217.