Surinaamsk-Kreoalsk

It Surinaamsk-Kreoalsk (of koartwei Surinaamsk) is in yn Suriname sprutsen kreoalske taal (ek wol Sranantongo of koartwei Sranan neamd).

De namme Surinaamsk-Kreoalsk wurdt troch minsken mei in Surinaamske eftergrûn as net korrekt sjoen, omdat der ûnder de befolkingsgroepen fan Suriname oare talen sprutsen wurde dy't beskôge wurde as like belangryk as it Sranan. In oare bekende Surinaamske taal is bygelyks it Sarnami dat foaral troch Hindûstanen sprutsen wurd.

Sarnami betsjut lykas Sranan "Surinaamsk"; gebrûk fan it Surinaamsk foar allinnich it Sranan kin dus as diskriminearjend beskôge wurde. Foaral foarhinne waard de taal ek wol ynformeel oantsjutten mei Taki Taki of 'Negeringelsk', mar die beneamingen wurde tsjintwurdich as denigrearjend field.

It Surinaamsk-Kreoalsk is in Kreoalske taal basearre op it Ingelsk; dat wol sizze dat de (kearn)wurdskat foar it grutste part fan it Ingelsk ôfkomstich is. De taal is lykwols net foar sprekkers fan it Ingelsk fersteanber en by in soad wurden falt de oerienkomst mei harren Ingelske orizjinelen net op. Notiids is de taal leksikaal ôfhinklik fan it Nederlânsk, wat sizze wol dat nije wurden faak út it Nederlânsk ymportearre wurde.

It Sranan jildt, tagearre mei it Nederlânsk, as de lingua franca fan Suriname, in wiidfersprate kontakttaal, dy't yn it aldendeiske libben troch hast alle befolkingsgroepen brûkt wurdt. In skatting út 1997 joech 300.000 twadde-taalsprekkers, oftewol 80% fan de befolking fan Suriname.