Kreoalske taal
In kreoalske taal is in pidgintaal dy't as memmetaal sprutsen wurdt. In pidgin is in taal mei in sterk ferienfâldige grammatikale struktuer, in beheind leksikon en in frij lyts skala oan stylfoarmen, dy't ûntstiet as de leden fan twa ûnderling ûnfersteanbere taalmienskippen mei-inoar besykje te kommunisearjen sûnder dat se dêrby har taflecht nimme kinne ta in trêde taal. Soks resultearret yn in mingfoarm fan 'e beide oarspronklike talen, wêrby't dy werombrocht wurde ta in tige simpele foarm. In kreoalske taal ûntstiet as in pidgintaal safolle sprutsen wurdt dat minsken der har bern yn grut begjinne te bringen, en sa'n pidgintaal dus memmetaalsprekkers kriget. Mei't der dan in ferlet ûntstiet ta it útdrukken fan in folle grutter ferskaat oan dingen en nuânses fan dingen, nimt de kompleksiteit fan 'e grammatika en de omfang fan 'e wurdskat yn sokke gefallen navenant ta. Dêrmei ferliest sa'n taal dan de wichtichste skaaimerken fan in pidgintaal.
Kreolisearring en dekreolisearring
bewurkje seksjeIt proses fan útwreiding dat mank giet mei de ûntjouwing fan in pidgin ta in kreoalske taal wurdt yn 'e taalkunde kreolisearring of kreolisaasje neamd. In fierdere ûntwikkeling hjit dekreolisearring of dekreolisaasje; dat bart as in gewoane taal (ornaris de offisjele taal yn in lân of regio, op basis wêrfan't de kreoalske taal oarspronklik ûntstien is) sa'n grutte ynfloed op 'e kreoalske taal begjint út te oefenjen dat der in hiel ferskaat oan taalfarianten ûntstiet dy't in stadige oergong fan 'e standerttaal nei de kreoalske taal foarmje. Sa'n stelsel fan oergongsfoarmen wurdt in post-kreoalsk kontinuum neamd, en dêrbinnen kinne trije soarten taalfoarmen identifisearre wurde: it akrolekt (dat it tichtst by de standerttaal stiet en sadwaande ek it measte prestiizje hat); it basilekt (dat it fierst fan 'e standerttaal ôf stiet, mei as gefolch dat derop delsjoen wurdt); en it mesolekt, dat de midden hâldt tusken it akrolekt en it basilekt.
Oarsprong fan 'e hjoeddeiske kreoalske talen
bewurkje seksjeFanwegen it koloniale ferline fan West-Jeropa, wêryn't in soad Westjeropeeske lannen gebieten yn oare wrâlddielen bemasteren en eksploitearren, binne in protte kreoalske talen foarme op basis fan Westjeropeeske talen as it Ingelsk, it Frânsk, it Spaansk, it Portegeesk en ek it Nederlânsk, mei in beskate (beheinde) ynbring lânseigen talen út it gebiet dêr't sokke kreoalske talen sprutsen wurde of dêr't de sprekkers oarspronklik wei kamen. De kreoalske talen dy't út it Nederlânsk fuortkommen binne, wurde oer it algemien mar amperoan mear sprutsen. Sa is it Negerhollânsk fan 'e Famme-eilannen ûnderwilens útstoarn, krekt as it Skepy Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana en it Jerseynederlânsk fan 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey (dat noch oant 1921 sprutsen waard troch ôfstammelingen fan santjinde-iuwske Nederlânske kolonisten). It Berbice Kreoalsk-Nederlânsk fan Guyana wurdt noch wol sprutsen. De wichtichste kreoalske talen, yn 'e Nederlânske kontekst, binne it Surinaamsk-Kreoalsk fan Suriname, dat op basis fan it Ingelsk foarme is, en it Papiamintsk (op basis fan it Portegeesk) fan Arûba, Kurasau en Bonêre.
Yndieling fan kreoalske talen op grûn fan 'e basistaal en geografy
bewurkje seksje- Kreoalsk-Afro-Aziatyske talen
- Kreoalsk-Kûsjityske talen
- Kreoalsk-Pare-Kûsjitysk
- Kreoalsk-Semityske talen
- Kreoalsk-Kûsjityske talen
- Kreoalsk-Austronezyske talen
- Kreoalsk-Yndonezysk
- Kreoalsk-Maleisk
- Betawy (de taal fan 'e mearderheid fan 'e befolking yn Djakarta)
- Baba-Maleisk
- Kupang-Maleisk
- Malakkaansk Kreoalsk-Maleisk
- Moluksk-Maleisk (alternative nammen: Amboneesk-Maleisk of Súdmoluksk-Maleisk; de taal fan û.o. de Molukske minderheid yn Nederlân)
- Srylankaansk Keoalsk-Maleisk
- Kreoalsk-Tetûm
- Kreoalsk-Yndo-Jeropeeske talen
- Kreoalsk-Germaanske talen
- Kreoalsk-Afrikaansk
- Oarlamsk (Oorlams)
- Tsotsitaal
- Kreoalsk-Dútsk
- Usdútsk (Unserdeutsch)
- Kreoalsk-Ingelsk
- Atlantysk
- Eastkaribysk
- Noardeastkaribysk
- Afro-Seminoalsk-Kreoalsk
- Bahamiaansk-Kreoalsk
- Samaná-Ingelsk
- See-eilânsk Kreoalsk-Ingelsk (alternative nammen: Gullah of Geechee)
- Súdeastkaribysk
- Turks- en Kaikoseilânsk
- Noardeastkaribysk
- Westafrikaansk
- Surinaamsk
- Ndjûka (Ndyuka)
- Saramakkaansk
- Surinaamsk-Kreoalsk (Sranantongo)
- Westkaribysk
- Baai-eilânsk Kreoalsk-Ingelsk
- Belizaansk-Kreoalsk (alternative namme: Noardlik Middenamerikaansk Kreoalsk-Ingelsk)
- Galy-Galy (alternative namme: Bocas del Toro Kreoalsk-Ingelsk)
- Jamaikaansk-Kreoalsk (alternative nammen: Súdwestlik Karibysk Kreoalsk Ingelsk of Patwa)
- Kaaimaneilânsk-Ingelsk
- Limoneesk Kreoalsk-Ingelsk
- San Andrés Kreoalsk-Ingelsk
- Westkaribysk Kreoalsk-Ingelsk
- Eastkaribysk
- Pasifysk
- Aboriginal-Kreoalsk (Kriol)
- Bislama
- Hawaïaansk Kreoalsk-Ingelsk
- Motû Hiry (Motu Hiri of Police Motu)
- Ngatik-Manljuskreoalsk
- Papûaask-Nijguineesk Pidgin (Tok Pisin)
- Pitkêrn-Norfuk
- Solomoneilânsk Pidgin
- Torresstrjitttekreoalsk (Torres Strait Broken)
- Atlantysk
- Kreoalsk-Nederlânsk
- Eastyndysk
- Petjôsk (Petjoh)
- Noardamerikaansk
- Jerseynederlânsk (Jersey Dutch) †
- Westyndysk
- Berbice Kreoalsk-Nederlânsk
- Negerhollânsk † (alternative namme: Famme-eilânsk Kreoalsk-Nederlânsk)
- Skepy Kreoalsk-Nederlânsk †
- Eastyndysk
- Kreoalsk-Afrikaansk
- Kreoalsk-Yndo-Arysk
- Kreoalsk-Assameesk
- Kreoalsk-Romaanske talen
- Kreoalsk-Frânsk
- Yndysk
- Mauritsiaansk-Seysjelsk
- Mauritsiaansk-Kreoalsk (alternative namme: Mauritsiaansk Kreoalsk-Frânsk)
- Seysjelsk Kreoalsk-Frânsk
- Reünioneesk
- Mauritsiaansk-Seysjelsk
- Karibysk
- Noardkaribysk
- Antiljaansk Kreoalsk-Frânsk (alternative namme: Eastkaribysk Kreoalsk-Frânsk)
- Haïtiaansk-Kreoalsk
- Louisiaansk Kreoalsk-Frânsk (sprutsen yn New Orleans)
- San Miguel Kreoalsk-Frânsk
- Trinidadsk Kreoalsk-Frânsk
- Súdkaribysk
- Noardkaribysk
- Noardamerikaansk
- Mitsjif (Mitchif) (in taal fan 'e Métis, yn Kanada en de Feriene Steaten)
- Pasifysk
- Yndysk
- Kreoalsk-Portegeesk
- Kreoalsk-Spaansk
- Amerikaansk
- Grinsspaansk (Tex-Mex)
- Middeltaal (Media Lengua)
- Oerwâldspaansk (Loreto-Ucayali)
- Palenkearsk (Palenquero)
- Filipynsk
- Sjavakaansk (Zamboangueño) (alternative namme: Bamboespaansk)
- Amerikaansk
- Kreoalsk-Frânsk
- Kreoalsk-Slavyske talen
- Kreoalsk-Russysk
- Kreoalsk-Germaanske talen
- Kreoalsk-Niger-Kordofaanske talen
- Kreoalsk-Kongoleeske talen
- Kreoalsk-Ngbandy-talen
- Kreoalsk-Swahily
- Aziatysk Swahily (Cutchi-Swahili)
- Kreoalsk-Sûlû
- Kamto (Camtho)
- Kreoalsk-Sino-Tibetaanske talen
- Kreoalsk-Sino-Tibetaansk-Mongoalsk
- Wûtûnhûa (Wutunhua)
- Kreoalsk-Sino-Tibetaansk-Mongoalsk
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|