Westerwaldkreis
Westerwaldkreis is in lânkring yn it Dútske bûnslân Rynlân-Palts. Westerwaldkreis leit tusken Keulen en Bonn en de metropoalregio Frankfurt Ryn-Main. It bestjoerssintrum is de stêd Montabaur, de wat ynwennertal oanbelanget grutste stêd fan de lânkring. De lânkring ûnstie yn 1974 yn it ramt fan de bestjoerlike weryndieling fan Rynlân-Palts troch it gearfoegjen fan de eardere lânkringen Unterwesterwaldkreis en Oberwesterwaldkreis.
Westerwaldkreis | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
haadplak | Montabaur |
grutste plak | Montabaur |
tal gemeenten | 192 |
kenteken | WW |
Kreisschlüssel | 07 1 43 |
sifers | |
ynwennertal | 201.904 (2019) |
oerflak | 988,95 km² |
befolkingstichtens | 204 / km² |
oar | |
stifting | 1974 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 50°33′ N 7°52′ E |
webside | westerwaldkreis.de |
Geografy
bewurkje seksjeDe Westerwaldkreis leit yn it noarden fan Rynlân-Palts, net fier fan it trijelannenpunt mei Hessen en Noardryn-Westfalen. De lânkring is ferneamd nei it Westerwâld en relatyf tin befolke. Likernôch 40% fan de lânkring bestiet út bosk. Gruttere rivieren binne de Nister, de Wied en de Sayn, dy't lykwols al in pear kilometer nei de boarne de lânkring ferlitte.
It distrikt is fan noard nei súd maksimaal 44 en fan west nei east maksimaal 40 kilometer breed. De heechste berch is de Fuchskaute mei in hichte fan 657 meter. It leechste punt is 150 meter boppe seenivo en leit yn de delte fan de Gelbach ûnder Dies, in Ortsteil fan Gackenbach.
Mei de klok mei grinzget de Westerwaldkreis begjinnend yn it noardeasten oan de kring Siegen-Wittgenstein (yn Noardryn-Westfalen), oan de kring Lahn-Dill en de lânkring Limburg-Weilburg (alle twa yn Hessen) en de kring Rhein-Lahn, de kringfrije stêd Koblenz en de lânkringen Mayen-Koblenz, Neuwied en Altenkirchen (allegear yn Rynlân-Palts).
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Westerwaldkreis fan Wikimedia Commons. |
Rynlân-Palts | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
· · |