Montabaur
Montabaur is in stêd yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is de Kreisstadt fan de Westerwaldkreis en it bestjoerssintrum fan de Verbandsgemeinde Montabaur, dêr't noch 24 Ortsgemeinden ûnder falle. Montabauer is bekend fanwegen it barokke slot, dat it stedsbyld behearsket. Dêrnjonken is de stêd ek bûten de regio bekend fanwegen it Fashion-Outlet-Center.
Montabaur | ||
Slot fan Montabaur | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Westerwaldkreis | |
Stedsyndieling | 7 Ortsbezirke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 14.391 (2021) | |
Oerflak | 33,77 km² | |
Befolkingsticht. | 426 ynw./km² | |
Hichte | 230 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 56410 | |
Koördinaten | 50° 26' N 7° 49' E | |
Offisjele webside | ||
www.montabaur.de | ||
Kaart | ||
Geografy
bewurkje seksjeMontabaur leit yn it suden fan it Westerwald.
Skiednis
bewurkje seksjeDe skiednis fan Montabaur giet op it jier 959 werom, doe't it kastiel Humbach (çastellum Humbacense), it tsjintwurdige slot, foar it earst neamd waard. Nei't aartsbiskop Dietrich von Wied yn 1217 fan in krústocht werom kaam, liet dy it ferneatige kastiel werbouwe. Hy ferneamde it slot 'Mons Tabor' nei de berch Tabor yn Israel, it plak fan de transfiguraasje fan Jezus. Dy namme waard lang om let Montabaur. Yn 1291 krige Montabaur fan kening Rudolf stedsrjochten.
Stedsdielen
bewurkje seksjeMontabaur hat njonken de stedskearn noch sân stedsdielen, dy't tagelyk saneamde Ortsbezirke foarmje.
Ortsbezirk | buorskippen | ynwennertal | oerflak in ha |
---|---|---|---|
Bladernheim | 151 | 102,23 | |
Elgendorf | 1.271 | 259,92 | |
Eschelbach | Bahlsmühle, Hillhof, Hüttenmühle | 627 | 300,28 |
Ettersdorf | Heckenmühle | 186 | 109,95 |
Horressen | Grubenfeld | 1.759 | 282,18 |
Reckenthal | Kurhotel Waldesruhe | 114 | 151,34 |
Wirzenborn | Grubenhaus, Wirzenborner Mühle | 62 | 142,87 |
It besjen wurdich
bewurkje seksjeBoppe de stêd stiet op in 321 meter hege heuvel it barokke slot Montabaur. It slot tsjinnet tsjintwurdich as in foarmings- en kongressintrum fan de 'Akademie Deutscher Genossenschaften'.
De midsiuwske stedsmuorre bleau yn dielen bewarre. It âldste bouwurk fan de ferdigeningswurken is de 20 meter hege 'Wolfsturm' út de 14e iuw, dy't ek as finzenis tsjinne en dêr't heksenprosessen holden waarden. Yn de histoaryske binnenstêd binne it neogoatyske stedhûs 'Roter Löwe' en in tal fakwurkhûzen út de 16e en 17e iuw it besjen wurdich. De roomske Sint-Petrustsjerke mei twa tuorren is letgoatysk.
Bûten de stêd yn it Ortbezirk Wirzenborn stiet de oan Marije wijde beafeartstsjerke út 1498-1510. Yn de tsjerke stiet in genedebyld út 1380.
Ferkear
bewurkje seksjeMontabaur hat in stasjon fan de Intercity-Express oan it trajekt Keulen-Frankfurt. De stêd leit oan de súdlike kant fan de E35.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Montabaur.
|