Bad Dürkheim (Landkreis)

De lânkring Bad Dürkheim is in distrikt yn it suden fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts. Haadstêd is de ferbânsfrije stêd Bad Dürkheim, de gemeente mei de measte ynwenners yn de lânkring is de ferbânsfrije gemeente Haßloch.

Landkreis Bad Dürkheim
flagge wapen
polityk
soarte gebiet Lânkring
lân Dútslân
bûnslân Rynlân-Palts
haadplak Bad Dürkheim
grutste plak Bad Dürkheim
tal gemeenten 48
kenteken DÜW
Kreisschlüssel 07 3 32
sifers
ynwennertal 132.671 (2019)
oerflak 594,76 km²
befolkingstichtens 223 / km²
oar
stifting 1969
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 49°27′ N 8°7′ E
webside www.kreis-bad-duerkheim.de

De lânkring Bad Dürkheim leit yn de Palts tusken Ludwigshafen am Rhein yn it easten en Kaiserslautern yn it wêst. It westlike diel fan de lânkring leit foar in part yn it Pfälzerwald, it eastlike diel heart noch by de Boppe-Rynske Leechflakte, it midden foarmet diel fan it heuvellân oan de Dútske Wynrûte, dy't fan it noarden nei it suden oer in lingte fan goed 30 kilometer troch de lânkring rint.

De lânkring leit fan it noarden fan Bockenheim nei it suden oant Haßloch, yn east-westlike rjochting fan Frankenstein oant Ellerstadt. Op syn wiidst is de lânkring mei 42 kilometer breed tusken Elmstein yn it súdwesten en Dirmstein yn it noardeasten.

Oanbuorjende distrikten mei de klok mei fanôf it noarden binne Alzey-Worms, de kringfrije stêd Worms, de lânkring Rhein-Pfalz-Kreis, de kringfrije stêd Neustadt an der Weinstraße, de Südliche Weinstraße, in eksklave fan de kringfrije stêd Landau in der Pfalz, de lânkring Südwestpfalz, de lânkring en kringfrije stêd Kaiserslautern en de Donnersbergkreis.

Stêden en gemeenten

bewurkje seksje
 
Yndieling ferbânsfrije stêden/ferbânsgemeenten fan de lânkring Bad Dürkheim
Ferbânsfrije stêden ferbânsfrije gemeenten
  1. Bad Dürkheim
  2. Grünstadt
  1. Haßloch
Ferbânsgemeenten
  1. Deidesheim 1, 2
  2. Forst an der Weinstraße
  3. Meckenheim
  4. Niederkirchen bei Deidesheim
  5. Ruppertsberg
  1. Bobenheim am Berg
  2. Dackenheim
  3. Erpolzheim
  4. Freinsheim 1, 2
  5. Herxheim am Berg
  6. Kallstadt
  7. Weisenheim am Berg
  8. Weisenheim am Sand
  1. Elmstein
  2. Esthal
  3. Frankeneck
  4. Lambrecht 1, 2
  5. Lindenberg
  6. Neidenfels
  7. Weidenthal
  1. Altleiningen
  2. Battenberg
  3. Bissersheim
  4. Bockenheim an der Weinstraße
  5. Carlsberg
  6. Dirmstein
  7. Ebertsheim
  8. Gerolsheim
  9. Großkarlbach
  10. Hettenleidelheim
  11. Kindenheim
  12. Kirchheim an der Weinstraße
  13. Kleinkarlbach
  14. Laumersheim
  15. Mertesheim
  16. Neuleiningen
  17. Obersülzen
  18. Obrigheim
  19. Quirnheim
  20. Tiefenthal
  21. Wattenheim
  1. Ellerstadt
  2. Friedelsheim
  3. Gönnheim
  4. Wachenheim 1, 2
1 Sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Rynlân-Palts  
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise

Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte

Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken

  ·   ·