Alzey-Worms
De lânkring Alzey-Worms is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak mei de measte ynwenners is de ferbânsfrije stêd Alzey, dêr't ek it bestjoer syn sit hat. De lânkring waard foar it grutste part gearstald út de eardere lânkringen Alzey en Worms, dy't oant 1945 yn de Folkssteat Hessen leine.
Landkreis Alzey-Worms | |
---|---|
![]() | |
flagge | wapen |
![]() |
![]() |
sifers | |
soarte gebiet | Lânkring |
ynwennertal | 129.687 (2019) |
oerflak | 588,15 km² |
befolkingstichtens | 220 / km² |
polityk | |
lân | ![]() |
bûnslân | ![]() |
haadplak | Alzey |
grutste plak | Alzey |
tal gemeenten | 69 |
kenteken | AZ |
Kreisschlüssel | 07 3 31 |
oar | |
stifting | 1969 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°38′ N 8°15′ E |
webside | www.kreis-alzey-worms.eu |
GeografyBewurkje
De lânkring waard ferneamd nei de stêden Worms en Alzey ferneamd. Worms leit súdeastlik fan de lânkring, mar makket der gjin ûnderdiel fan út. Yn Alzey hat it bestjoer syn sit. De Ryn foarmet de eastlike grins fan de lânkring en is tagelyk ek de bûnsgrins mei Hessen. Fan dêr út wreidet it Alzeyer Heuvellân him yn westlike rjochting oant de útrinners fan it Pfälzerwald út. It westlike diel fan de lânkring is in rotseftich lânskip mei bosk, dat ek wol Rynhessysk Switserlân neamd wurdt.
De Lânkreis grinzget mei de klok mei fanút it noardeasten oan de lânkringen Groß-Gerau en Bergstraße (alle twa yn Hessen), de stêd Worms en de lânkringen Bad Dürkheim, Donnersbergkreis, Bad Kreuznach en Mainz-Bingen (allegear yn Rynlân-Palts).
Stêden en gemeentenBewurkje
Ferbânsfrije stêd:
Ferbânsgemeenten | ||
---|---|---|
|
|
|
1 sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd |
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lânkring Alzey-Worms fan Wikimedia Commons. |
Regierungsbezirke Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts Landkreise Kreisfreie Städte |