Vendersheim is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Alzey-Worms yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Vendersheim
Haadstrjitte..
Haadstrjitte..
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Alzey-Worms
ferbânsgemeente Wörrstadt
Sifers
Ynwennertal 545 (31.12.2022)[1]
Oerflak 4,99 km²
Befolkingsticht. 4,17 ynw./km²
Hichte 131 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 55578
Koördinaten 49° 52' N 8° 4' E
Offisjele webside
vendersheim.de
Kaart
Vendersheim (Rynlân-Palts)
Vendersheim

It plak leit tusken Mainz (likernôch 28 km) en Alzey (likernôch 14 km) yn 'e regio Rynhessen. It heechste berchmassyf fan 'e Palts is de Donnersberg, dy'sa'n 30 km súd-súdwestlik leit. Vendersheim wurdt lykas in nei it suden ta iepene hoefizerfoarm fan wynbergen omfieme en hat mear as 1500 oere sinneskyn yn 't jier. De boaiem is tige fruchtber en bestiet út ferware löss, it saneamde lössliem.

Yn 406 nei Kristus stutsen de Franken de Ryn oer, dy't harren tusken Donnersberg en de Ryn nei wenjen setten. De nije plakken krigen faak nammen dy't mei -heim einigen. Kening Klovis liet him yn 498 dope en sûnt wiene Franken kristenen. Yn de tiid dêrnei ûntstie Vendersheim nei alle gedachten as in Frankyske, kristlike delsetting.

Yn 'e 15e iuw hearde it gebiet ta de jonkers fan Faust von Stromberg. Mei de reformaasje fan Kar-Palts waard Vendersheim yn 1556 in lutherske parochy. De tsjerke waard ek luthersk, mar moast nei de Westfaalske Frede fan 1648 mei katoliken dield wurde. Sûnt dy tiid hiene katolike, lutherske en grifformearde ynwenners yn Vendersheim likense rjochten. Mei't yn 1660 de jonkers fan Faust zu Stromberg wer katolyk waarden, ferfoel it tsjerkefermogen oan 'e katoliken.

Yn 1730 stoar it skaai fan Faust von Stromberg út en ferfoel Vendersheim oan it hûs fan 'e greven van Eltz, dêr't it oant de ein fan 'e 18e iuw ûnder hearde. De Martinustsjerke waard in simultaantsjerke en katoliken en lutheranen brûkten deselde tsjerke.

Mei help fan 'e greven Eltz bouden de katoliken yn 1790-1791 in nije Martinustsjerke, wylst de protestanten de âlde tsjerke holden. Nei't de Rynhessyske lutheranen en grifformearden fusearren yn 1822 ta ien protestantske tsjerke waard de âlde Martinustsjerke yn 1869 ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoedeiske gebou.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Vendersheim (ferzje 24 juny 2024