Schornsheim is in plak yn 'e lânkring Alzey-Worms yn 'e dielsteat Rynlân-Palts yn Dútslân. Schornsheim is ien fan 'e Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Wörrstadt.

Schornsheim
Sint-Wigberttsjerke.
Sint-Wigberttsjerke.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Alzey-Worms
Sifers
Ynwennertal 1.622 (2022)[1]
Oerflak 8,91 km²
Befolkingsticht. 182 ynw./km²
Hichte 160 m.
Oar
Postkoade 55288
Koördinaten 49° 50' N 8° 10' E
Offisjele webside
gemeinde-schornsheim.de
Kaart
Schornsheim (Rynlân-Palts)
Schornsheim

Schornsheim is in wyndoarp yn Rynhessen. Oanbuorjende gemeenten binne Gabsheim, Udenheim, Undenheim en Wörrstadt.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Kirchstraße 19: De Sint-Wigberttsjerke is in lyts, romaansk tsjerkje. Oant de 19e iuw wie it in gruttere simultaantsjerke en brûkten protestanten it skip en katoliken it koer. De protestanten lieten yn 'e jierren 1830 fanwegen brekfalligens it foar de gemeente te lytse skip ôfbrekke, wylst de katoliken harren diel (it koer mei de toer) stean lieten. It ynterieur fan 'e Wigberttsjerke is hielendal mei midsiuwske fresko's fersierd.

Kirchstraße 10: De frijkommen stiennen by de ôfbraak fan it skip fan 'e âlde tsjerke brûkten de protestanten op 'e nij om yn 'e jierren 1851–1853 de Loadewykstsjerke (Ludwigskirche) te bouwen. De tsjerke is ferneamd nei Loadewyk III fan Hessen. Foar de tsjerke steane monumintale linebeammen.

Yn 'e 8 iuw wenne Sint-Lioba yn Schornsheim, nei't hja dêr fan Karel de Grutte de tsjerke en in goed as lien krige hie. Lioba wurke as abdis earder mei Sint-Bonifatius oan it kerstenjen fan de krite en krige it goed fan Karel de Grutte om dêr har âlde dei te sliten. Hja ferstoar op 28 septimber 782 yn Schornsheim en wurdt op it doarpsplein mei in byld betocht. Ek de stêf yn it doarpswapen ferwiist nei de abdis.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: