Gau-Weinheim is in plak yn 'e lânkring Alzey-Worms yn 'e dielsteat Rynlân-Palts yn Dútslân. Gau-Weinheim is ien fan 'e Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Wörrstadt.

Gau-Weinheim
De skeve toer fan Gau-Weinheim.
De skeve toer fan Gau-Weinheim.
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Alzey-Worms
ferbânsgemeente Wörrstadt
Sifers
Ynwennertal 55578 (2022)[1]
Oerflak 3,91 km²
Befolkingsticht. 151 ynw./km²
Hichte 157 m
Oar
Postkoade 55578
Koördinaten 49° 50' N 8° 2' E
Offisjele webside
gau-weinheim.de
Kaart
Gau-Weinheim (Rynlân-Palts)
Gau-Weinheim

Gau-Weinheim waard foar it earst yn it jier 767 mei Wigenheim oantsjut, doe't Adaltgart twa stikken grûn mei wynbou oan it kleaster fan Lorsch skonk. Oant 1869 waard it plak Nieder-Weinheim neamd.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Obergasse 4: De Skeve toer stiet by de roomske tsjerke op it heechste punt fan Gau-Weinsheim. De út de midsiuwen datearjende wartoer hinget 5,4277° út it lead, dêrmei is de toer fan Gau-Weinsheim skever as dy fan 'e Tsjerke fan Suurhusen (5,19°). De toer is in eardere hoektoer fan 'e histoaryske muorren om it plak. Nei alle gedachten stamt de toer út de 16e iuw. De toer krige yn 1749 in barokke spits.
  • Obergasse 2: De roomsk-katolike Sint-Katarinatsjerke is in oarspronklik romaansk tsjerkegebou. Yn 1742 folg in barokke ferbouwing en fergrutting en yn 'e jierren 1928-1929 is de tsjerke nochris fergrutte.
  • Mittelgasse 14: De protestantske tsjerke is in neoromaanske tsjerke út 1863.
  • Untergasse 1: Fakwurkhûs 1700, skuorre 1812.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: