Tsjerke fan Suurhusen
De protestantsk-grifformearde tsjerke fan Suurhusen yn 'e Eastfryske gemeente Hinte, Dútslân, waard yn 'e midden fan 'e 13e iuw op in terp boud en is troch de skeane toer rûnom bekend. De toer fan 'e Suurhusener tsjerke wurdt yn it Guinness-boek fermeld as de skeanste toer fan 'e wrâld.
Evangelysk-grifformearde tsjerke
Evangelisch-reformierte Kirche | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Nedersaksen | |
landkreis | Aurich | |
plak | Suurhusen | |
koördinaten | 53°24' N 7°13' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Ev.-griff. Tsjerke yn Dútslân | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1250; toer 1450 | |
boustyl | romanogotyk | |
hichte | 27 m (toer) | |
Webside | ||
Gemeente Suurhusen-Marienwehr | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOarspronklik wie de Suurhuzener tsjerke in sealtsjerke sûnder toer en mei in apsis. De lingte wie eartiids 32 meter en de breedte 9,35 meter. Oan hokker hillige de tsjerke oarspronklik wijd west hat is net mear bekend. Oan 'e noardlike kant fan 'e sealtektoer is in portaal mei dêrboppe in nis mei in oanbrochte stien mei in wapen en in leelje, itjinge in oanwizing is dat in de tsjerke troch in haadling stifte is.
Doe't om 1450 hinne oan it let romaanske skip in toer op 'e lytse terp boud waard, moast fanwegen romtegebrek it tsjerkeskip westlik mei in fearn ynkoarte wurde. Dat wie yn in tiid dat Suurhusen noch gefaar rûn foar heech wetter. Oan 'e toer betinkt in floedteken en oan 'e preekstoel in ynskrift de Alderheljenfloed fan 1570. Om't de boaiem by de westlike kant fan 'e toer net fêst genôch wie, begûn de toer letter te fersakjen. Dêr kaam nochris oerhinne dat it ûntwetterjen fan it lân om 'e tsjerke yn 'e 19e iuw in leger grûnwetterpeil fan gefolgen hie, wêrtroch't it fûnemint fan 'e iken peallen begûn te ferrotsjen. Yn 1855 waard de noardlike muorre ôfbrutsen en mei nije bakstiennen op 'e nij opboud. Ek de eastlike muorre waard foar in diel fernijd, de apsis waard sloopt en ferfongen troch in rjochte ôfsluting.
Om't de 27 meter hege toer jimmeroan mear fersakke en in part fan de tsjerke drige mei te skuorren, naam de gemeente yn 1975 it beslút om it gebou op te jaan. Der waard in nij tsjerklik sintrum boud, dêr't de tsjinsten tenei fierd waarden, it oargel waard ferkocht en de ramen tichtspikere. Doe't de toer yn 1982 al 2,34 meter út it lead hong waard de toer mei acht boarpeallen oan 'e bûtenkant en trije oan 'e binnenkant ferstevige. In tal frijwilligers mei help fan spesjalisten makke dat de âlde tsjerke wer oplape waard, sadat de tsjerke op 14 oktober 1985 wer feestlik yn gebrûk nommen wurde koe. De toer bleau lykwols fierder sakjen en doe't hiele stikken fan 'e geveltoer ôfbrieken, waard lang om let besletten om de toer mei in stielen korset feilich te stellen. De toer hinget no 2,47 meter út it lead en it liket der op dat de toer net mear fierder fersakket.[1]
Yn 2004 waard by in restauraasje oan 'e súdlike muorre de hagioskoop werom fûn, wêrfan't it bestean net mear bekend wie.
In hûseftige oanbou by de yngong, dy't tsjintwurdich net mear bestiet, tsjinne yn 'e 15e iuw as latynske skoalle foar Nederlanners dy't fanwegen it leauwe flechtsje moasten.
Ynrjochting
bewurkje seksjeUt de boutiid fan 'e tsjerke datearje in doopfont fan Bentheimer sânstien en twa trapezefoarmige grêfplaten. De preekstoel is 17e-iuwsk. Yn 'e kroanluchters hingje noch kearsen. It oerwurk datearret fan 1924. [2]
Oargel
bewurkje seksjeYn 'e tsjerke waard yn 1857-1858 foar it earst in oargel boud troch Brond de Grave Winter, dat yn 1964 troch in ynstrumint fan Karl Schuke ferfongen waard. Dat oargel waard yn 1977 oan 'e grifformearde tsjerke fan Lengerich ferkocht. It hjoeddeiske oargel komt út de wurkpleats fan Gustav Brönstrup (1959) en hat sân registers op twa manualen en pedaal. It oargel stie earder yn 'e Pedagogyske Akadeemje fan Aldenburch en tsjinne dêrnei as hûsoargel yn Detern. Yn 'e jierren 1989-1990 ferhuze it ynstrumint nei de tsjerke fan Suurhusum, dêr't it renovearre en opsteld waard. It front is in nij ûntwerp.
Klokken
bewurkje seksjeEartiids hie de toer trije klokken. Twa âldere klokken waarden yn 1733 omraand. Ien dêrfan bleau oant de dei fan hjoed bewarre, de oare klok waard yn de Earste Wrâldkriich omraand.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Suurhuser Kirche
|