Birkenfeld (Landkreis)
De lânkring (Landkreis) Birkenfeld is in bestjoerlik distrikt yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It haadplak is de stêd mei deselde namme. De grutste gemeente wat ynwennertal oanbelanget is de ferbânsfrije stêd Idar-Oberstein, dêr't in soad iepenbiere ynstellings harren kantoaren hawwe.
Landkreis Birkenfeld | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Lânkring |
lân | Dútslân |
bûnslân | Rynlân-Palts |
haadplak | Idar-Oberstein |
grutste plak | Idar-Oberstein |
tal gemeenten | 96 |
kenteken | BIR |
Kreisschlüssel | 07 1 34 |
sifers | |
ynwennertal | 80.951 (2019) |
oerflak | 776,58 km² |
befolkingstichtens | 104 / km² |
oar | |
stifting | 1937 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 49°43′ N 7°17′ E |
webside | landkreis-birkenfeld.de |
Geografy
bewurkje seksjeFan it westen nei it easten streamt troch it súdlike diel fan de lânkring de Nahe. De omjouwing noardlik fan de rivier wurdt foarme troch de Hunsrück, werfan't de heechste berch de Erbeskopf mei 816 meter is. Yn it súdlike gebiet leit it plak Baumholder mei it militêre oefenterrein, dêr't eartiids 14 plakken mei likernôch 4000 ynwenners foar ûntromme binne.
De lânkring grinzget met de klok mei (begjinnend yn it wêst) oan de lânkringen Trier-Saarburg, Bernkastel-Wittlich, Rhein-Hunsrück-Kreis, Bad Kreuznach en Kusel. Yn it suden grinzget Birkenfeld oan de lânkring Sankt Wendel (in it Saarlân).
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeFerbânsfrije stêd: Idar-Oberstein
Ferbânsgemeenten (Verbandsgemeinden) | |||
---|---|---|---|
|
|
||
1 sit fan de ferbânsgemeente; 2 stêd |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Landkreis Birkenfeld fan Wikimedia Commons. |
Rynlân-Palts | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis | ||
Kreisfreie Städte Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken | ||
· · |