Herrstein
Herrstein is in Ortsgemeinde yn de lânkring Birkenfeld yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Buorskippen fan Herrstein binne Lindenhof, Steinäckerhof en Walkmühle.
Herrstein | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Birkenfeld | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 799 (2021) | |
Oerflak | 4,81 km² | |
Befolkingsticht. | 166 ynw./km² | |
Hichte | 320 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 55756 | |
Koördinaten | 49° 46' N 7° 20' E | |
Offisjele webside | ||
herrstein.de | ||
Kaart | ||
Herrstein is it haadplak fan de ferbânsgemeente Herrstein-Rhaunen.
Geografy
bewurkje seksjeDe gemeente leit op de Hunsrück oan de Deutsche Edelsteinstraße likernôch 10 kilometer noardlik fan Idar-Oberstein. Troch Herrstein streamt de Fischbach.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- It kastiel fan Herrstein stiet oan de noardlike kant fan it stedsje en waard yn de twadde helte fan de 13e iuw troch de greven fan Sponheim boud. Fan de oarspronklik fjouwer tuorren binne der trije tuorren bewarre bleaun: de Schinderhannesturm, de Stumpfer Turm (tsjintwurdich de tsjerketoer) en de Sichelturm.
- De eardere boarchkapel docht sûnt de 15e iuw tsjinst as parochytsjerke. De protestantske Schlosskirche oan de Schloßweg 14 is in trijeskippich goatysk en barok gebou. Oarspronklik is de tsjerke in 13e-iuwsk gebou, mar it hjoeddeiske gebou datearret út de 15e iuw.
- De Hauptstraße, Niederhosenbacher Weg, Pfarrgasse, Schlossweg, Uhrturmgasse foarmje it letmidsiuwske sintrum fanit stedsje mei in soad 18e-iuwske fakwurkhûzen.
- De stedsfortifikaasjes waarden boud nei't Herrstein stedsrjochten krige. De fortifikaasjes waarden foar in diel yn de 20e iuw rekonstruearre.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Herrstein fan Wikimedia Commons. |