Wallertsheim is in plak yn 'e lânkring Alzey-Worms yn 'e dielsteat Rynlân-Palts yn Dútslân. It plak is ien fan 'e Ortsgemeinden fan 'e ferbânsgemeente Wörrstadt.

Wallertheim
Gemeentehûs (eardere synagoge)
Gemeentehûs (eardere synagoge)
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Alzey-Worms
ferbânsgemeente Wörrstadt
Sifers
Ynwennertal 1.769 (2022)[1]
Oerflak 8,1 km²
Befolkingsticht. 218 ynw./km²
Hichte 127 m
Oar
Postkoade 55578
Koördinaten 49° 50' N 8° 3' E
Offisjele webside
www.wallertheim.de
Kaart
Wallertheim (Rynlân-Palts)
Wallertheim

It wyndoarp leit sintraal yn it Rynhessyske wynbougebiet.

De âldste bewarre fermelding fan Wallertheim datarret út 1250, doe't it kleaster Otterberg dêr besit hie.

Yn 1933 wennen yn Wallertheim 36 joaden. Op 8 novimber 1938 (Kristallnacht) waard de synagoge fernield en yn 'e brân stutsen. Ek waarden hûzen fan joaden oanfallen en wie der geweld tsjin joaden sels. Alle Wallertheimer joaden hiene it plak yn 1940 al ferlitten, 26 fan har binne by de Holocaust omkommen. De earder synagoge waard yn 1952 oan 'e gemeente ferkocht, dy't it ferboude ta riedshûs. Sûnt 2007 is oan 'e bûtenmuorren in betinkingsplakette oanbrocht.

Oant de dei fan hjoed wurde der argeologyske fynsten yn Wallertsheim dien. Nei alle gedachten is it Wallertheimer hûntsje út it La Tène-tiidrek de bekendste fynst. It hûntsje, ek wol "ús Kelti" neamd, mjit 2,1 sm lang en 1,6 breed en is fan blau glês mei wyt en giel glêstried makke. It waard yn 1951 by in pear Keltyske grêven fûn en wurdt hjoed-de-dei yn it Mainzer Landesmusuem bewarre.[2]

Fierder binne der hynderkes fûn, in foarâlder fan it hjoeddeiske hynder, dy't 10.000 jier lyn útstoar, en in foarâlder fan 'e hjoeddeiske hûsezel, dy't ek sa'n 10.000 jier lyn útstoar.

Ut de stientiid stamme resten fan 'e jachtbút fan Neändertalers, dy't op wisenten jaagden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: