Ferdrach fan Ferdun

(Trochferwiisd fan Ferdrach fan Verdun)

It Ferdrach fan Ferdun yn 843 regele it ferpartsjen fan it Frankyske ryk, ek wol it ryk fan de Karolingen neamd, nei de dea fan Loadewyk de Fromme († 840) ûnder syn trije soannen, Lotarius I, Loadewyk de Dútser en Karel de Keale. Dizze ryksferparting en it derút folgjende fierdere ferdielen fan it Frankyske ryk foarmet de grûnslach fan de iuwenlange polarisaasjestriid yn Jeropa dêr't pas yn ús tiid in ein oan komd is.

It Ferdrach fan Ferdun late ta it ferparten fan West-Jeropa yn trije grutte parten. Ut it westlike part ûntstie Frankryk, út it eastlike part Dútslân en út it midden, Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Switserlân en Itaalje. Lang om let hat it ferdrach de fûneminten lein foar it moderne Jeropa.

Nei't keizer Karel de Grutte yn 814 ferstoar naam syn soan Loadewyk de Fromme it ryk oer. Under syn regear ferdielde er syn ryk tusken al syn soannen, sa't dy as ûnderkening ûnder harren heit oer harren eigen keninkriken hearskje koene. Lotarius I, de âldste soan, krige de keizerstitel. Mar nei ferskate feroarings yn de ferdieling en de rebûljes fan de oare soannen, waard syn macht net al te grut. Doe't Loadewyk de Fromme yn 840 ferstoar, easke Lotarius it opperhearskippij fan it gânse keizerryk op. Hy stipe syn omkesizzer, Pepyn II fan Akwitaanje, dy't Akwitaanje, in hartochdom yn it westen fan it Frankyske Ryk, hawwe woe. Lotarius syn broer Loadewyk de Dútser en syn healbroer Karel de Keale wegeren it opperhearskippij fan Lotarius te erkennen en ferklearren him de kriich. Nei in bloedige boargerkriich fersloegen hja Lotarius yn de Slach by Fontenoy yn 841 en hja ûnderhannelen oer in frede yn 842 en mei de Eed fan Straasburch en kamen hja ta in oerienkomst.

It Frankyske Ryk waard yn trije parten ferdield:

De ryksgrins rûn benammen lâns rivieren. Sa foarmen de Skelde, de Maas en de Saône en de Rhône de grins tusken Lotaringen en it Frânske Keninkryk. De Ryn foarme de grins tusken Lotaringen en it Dútske ryk.
Yn 855 waard, nei it ferstjerren fan Lotarius, syn ryk ferdield ûnder syn trije soannen: Loadewyk II waard kening fan Itaalje en de keizerstitel, Karel fan Provence krige it Keninkryk Boergonje en Provence en Lotarius II krige al it lân benoarden de Jura, dat nei him neamd waard: Loataringen (Regnum Lotharii).

Neilittenskip

bewurkje seksje

De ferdieling wie in spegeling fan it âlde Frankyske gebrûk en ferdiel it keninkryk tusken de kening syn soannen, yn plak fan dat de âldste soan it erfgenamt fan de kroan is. Dy praktyk waard letter yn de Westfrankyske en Eastfrankyske keninkriken wol wer oannaam.
It Midfrankyske Ryk wie in lang ryk en hie swakke grinzen en kaam in minne ynterne ferbining tekoart trochdat de Alpen it Ryk yn twaen sniene. Boppedat wie it gjin etnyske en skiedkundige ienheid sa as it gefal wie by it West- en Eastfrankyske Ryk. It wie net maklik om it gânse Karolingyske Ryk wer te ferienigjen. Dat barde lykwols foar in koart skoftke ûnder keizer Karel de Grouwe.
Mei it Ferdrach fan Prüm yn 855, doe't nei it ferstjerren fan Lotarius it Middenryk ferdield waard, ûntstie yn it noarden it swakke keninkryk Loataringen dat betwiste waard troch de machtigere steaten dy't fuortkamen út West- en East-Frânsje. Ek de Friezen, dy't ûnder dat keninkryk kamen stribben nei selsbestjoer. De steaten yn it noarden fan Loataringen, dy't der út fuortkamen waarden selsstannige steaten, wylst in tredde part yn it suden, Elsas-Loataringen, hinne en wer foel tusken Frankryk en Dútslân. Yn 1766 kaam it ta Frankryk en yn 1871 kaam it nei de oerwinning fan Prusen en syn bûnsgenoaten yn de Frânsk-Dútske Kriich wer ta it Dútske Keizerryk. Yn it Ferdrach fan Versailles yn 1919 nei de Earste Wrâldkriich kaam it wer ta Frankryk en Dútslân anneksearre it wer yn 1940. Ta einbeslút waard nei de Twadde Wrâldkriich yn 1945 fêststeld dat it in Frânsk gebiet wie en dat is hjoed-de-dei noch hieltyd sa, sa'n goed tûsen jier nei it Ferdrach fan Ferdun. It ynstoarten fan it Midfrankyske Ryk droech ek by oan it fersnipperjen op it Italjaanske skiereilân oant yn de njoggentjinde iuw.