Maifeld
It Maifeld is in Dútske heechflakte yn 'e dielsteat Rynlân-Palts. De heechflakte leit fan 200 m oant likernôch 400 m boppe seenivo en de rivieren de Mûzel yn it súdeasten en de Eltz yn it súdwesten foarmje in natuerlike grins, wylst de rivier de Nette allinne yn it noardwesten min ofte mear in grins foarmet. Bestjoerlik falt it gebiet yn 'e ferbânsgemeente Maifeld.
Karakteristyk foar it Maifeld is in heuveleftige lânskip mei in soad boulân en hjir en dêr wat bosk. De boaiem fan it Maifeld is tige fruchtber en de grûn wurdt dan ek in soad foar ikkerbou brûkt. It gebiet hat twa stêden: Polch en Münstermaifeld.
Nei alle gedachten is de namme fan it lânskip te tankjen oan 'e Franken, dy't yn it gebiet folksgearkomsten holden. It histoaryske hert fan it gebiet is it stedsje Münstermaifeld.
Ofbylden Maifeld
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Maifeld |