Polch is in stêd yn it Landkreis Mayen-Koblenz yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak is it bestjoerssintrum fan de ferbânsgemeente Maifeld.

Polch
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Rynlân-Palts
Lânkring Mayen-Koblenz
Sifers
Ynwennertal 6.939 (31.12.2021)
Oerflak 28,68 km²
Befolkingstichtens 242 ynw./km²
Hichte 219 m. boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 18' N 7° 194' E
Webside www.polch.de

Stedsyndieling

bewurkje seksje

By Polch hearre ek de Stadtteile Kaan, Ruitsch en Nettesürsch en de buorskippen Antoniushof, Döllermühle, Geisheckerhof, Hof Grube Margareta, Hof Einiger Tal, Hof Rotental, Kreutzberghof, Kurbenhof, Lindenhof, Nettemühle, Ruitschermühle en Sonnenhof.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De katolike Stefanustsjerke ( St. Stephan) waard tusken 1849 en 1852 yn neoromaanske styl boud. De beide tuorren binnen mear as 50 meter heech.
  • Oan de súdlike stedsrâne fan Polch stiet oan de L113 de Joriskapel (Georgskapelle). It is ien fan de âldste tsjerken fan de Eifel. It âldste bewiis fan it bestean fan de tsjerke datearret út 1052. Op it tsjerkhôf stiet in kriichsmonumint en yn de muorre lâns de strjitwei is in krúswei út de 18e iuw oanbrocht.
  • De synagoge fan Polch yn de Ostergasse waard tusken 1867 en 1877 boud nei it ûntwerp fan de arsjitekt Hermann Nebel út Koblenz. Yn 1938 waard de synagoge yn brân stutsen, mar it fjoer waard al gau dwêste sa't it bouwurk net alhiel ferlern gyng. De gemeente hat it gebou opknapt en it wurdt hjoeddedei foar kulturele útstallings brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Polch