Prins-biskop

(Trochferwiisd fan Prinsbiskop)

In prins-biskop (ek stavere as prinsbiskop) is in biskop (ornaris fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke) dy't njonken syn tsjerklik amt ek de wrâldske macht útoefenet oer in beskaat gebiet. Dat gebiet, it prinsbisdom, kin dêrby hielendal of foar in part oerlaapje mei it bisdom fan 'e prins-biskop. De iennichste hjoeddeistige prins-biskop is de paus fan Rome, dy't njonken syn funksje as haad fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke ommers ek de hearsker is oer it ûnôfhinklike Fatikaanstêd. In bysûnder gefal is de Katalaanske biskop fan Urgell, dy't yn Spanje gjin wrâldske macht hat, mar noch altyd ien fan 'e beide prinsen fan Andorra is (de oare is it steatshaad fan Frankryk).

Yn it ferline kamen prins-biskoppen folle mear foar, benammen yn 'e gebieten dy't ta it Hillige Roomske Ryk hearden. Yn 'e noardlike Nederlannen wie yn 'e Midsiuwen de biskop fan Utert, dy't doedestiden regearre oer it Nederstift (de hjoeddeiske provinsje Utert) en it Oerstift (Oerisel, Drinte, Stellingwerf en de stêd Grins) in prins-biskop. Oare prins-biskoppen yn 'e Nederlannen regearren oer Kameryk en it Kamerykske en oer it Prinsbisdom Luik, dat oant 1795 bestie. Yn Dútslân wie fierders de biskop fan Múnster in prins-biskop.

As it om in aartsbiskop gie dy't wrâldske macht útoefene, is de juste term eins prins-aartsbiskop, mar almeast wurdt ek foar sokken sprutsen fan 'prins-biskop'. Histoarysk regearren prins-aartsbiskoppen oer û.m. it Karfoarstedom Keulen, it Karfoarstedom Mainz en it Karfoarstedom Trier. As it om 'e abt fan in kleaster gie dy't omreden fan syn kleasterlike funksje ek wrâldske macht útoefene oer in geografysk gebiet, is de titel net prins-biskop, mar prins-abt.

Bûten it Hillige Roomske Ryk kamen prinsbiskoppen foar yn Ingelân (de biskoppen en paltsgreven fan Durham), en yn 'e Midsiuwske gebieten fan 'e Dútske Oarder yn it Baltikum (lykas de prins-aartsbiskoppen fan Riga). Ek Montenegro wie fan 1696 oant 1852 in prinsbisdom, dat regearre waard troch de Eastersk-otterdokse biskop fan Cetinje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.