Eustachius fan Rome

Sint-Eustachius (Gryksk: Ευστάθιος, Efstathios, ferlatynske yn Eustathius), is de namme fan in martler fan de katolike en otterdokske tsjerken. Neffens de kristlike tradysje ferstoar Eustachius oan it begjin fan it regear fan Hadrianus (om likernôch 118 hinne).

Eustachius
   hillige
17e iuwsk Dútsk skilderij fan it Fizioen fan Sint-Eustachius
17e iuwsk Dútsk skilderij fan it Fizioen fan Sint-Eustachius
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Placidus
stjerdatum 118
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-katolike Tsjerke; Eastersk Otterdokse Tsjerken
hjeldei 20 septimber
attributen Hert mei krús of it antlit fan Kristus tusken de hoarnen, flammen, bolle, as romeinsk oanfierder
patroan fan Parys, Sint-Eustasius, jeijers,
 
De doop fan Sint-Eustachius (taskreaun oan Pieter Pourbus)

Oarspronklik soe Eustachius foar syn bekearing Placidus hjitten hawwe. Hy wie de oanfierder fan in legioen yn Lyts-Aazje ûnder keizer Trajanus. Wylst er ris oan it jeijen wie kaam er in hart tsjin mei tusken de hoarnen in krús yn in strielebondel. Placidus skrok sa bot dat er fan it hynder foel. Op itselde stuit hearde er Kristus sizzen dat himel en ierde fan him skepen wie en Er de Heare fan it ljocht en de tsjusternis wie. Itselde barde noch in pear kear en it oerkaam ek de frou fan Placidus. Hja namen it beslút harren mei de hiele famylje dope te litten en by de doop krige Placidus de namme Eustachius.

By in oare ferskining waard Eustachius ynformearre dat er, lykas ea ek Job, op de proef steld waard. Hy soe troffen wurde troch in pleach, dy't him alle feinten, fammen en fee fan syn hôf kostje soene. Dêrnei waard de delsetting fan Eustachius oerfallen troch rôvers. Alles waard Eustachius ôfnommen en nei't er dat oerlibbe hie flechte er mei syn hûshâlding op in skip nei Egypte. De skipper lykwols easke de kreaze frou fan Eustachius op as betelling foar de reis. Doe't Eustachius dêr neat fan witte woe smiet de skipper him mei syn twa soannen oer board. Hja wisten lykwols it lân te berikken mar ek dêr wachte harren nije besikings: by it oerstekken fan in rivier snipte in wolf ien fan syn soannen, wylst in liuw de oare ûntfierde. Eustachius gyng derfan út dat beide soannen stoarn wiene, mar de jonges waarden troch boeren weromfûn en yn harren doarpen grutbrocht. Eustachius wist dêr lykwols neat fan en fûn wurk as feint yn in oar doarp.

Doe't de keizer troch fijannen yn gefaar rekke, tocht er oan Placidius en stoerde der manlju op ôf om syn romrofte fjildhear Placidus werom te heljen. Nei lang sykjen waard Placidus fûn en weromhelle nei hûs. Yntusken hiene syn soannen tsjintsplicht as soldaat en by suver tafal kaam Eustachius wer tsjin. Dêrnjonken fûn er ek syn frou en syn mem wer en sa wie de famylje wer kompleet.

 
Eustachius mei frou en bern foar de liuwen (Aleksej Tarasovitsj Markov

Fanwegen in grutte oerwinning joech de keizer in grut feest mei as ûnderdiel it offerjen fan in bist. Mar as kristen wegere Eustachius oan dat heidensk feest mei te dwaan. De lilke Hadrianus liet Eustachius oppakke en syn famylje mei oare kristenen foar de liuwen smite om se ferskuorre te litten, mar dat mislearre want de liuwen rekken de hûshâlding fan Eustachius net oan. De keizer besocht se dêrnei de deadzjen troch se yn siedend wetter te goaien yn in brûnzen tsjettel dy't de foarm fan in bolle hie. Dat waard harren dea, mar harren lichems bleaune yntakt. Foar it martlerskip wurdt it jier 118 oanholden. It Martyrologium Romanum skriuwt op de datum fan 20 septimber:

Romae passio sanctorum Martyrum Eustachii et Theopistis uxoris, cum duobus filiis Agapito et Theopisto, qui, sub Hadriano Imperatore, damnati ad bestias, sed Dei ope ab iis nullatenus laesi, tandem, in bovem aeneum candentem inclusi, martyrium consummarunt ('Yn Rome it lijen fan de hillige martlers Eustachius en syn frou Theopistis mei harren soannen Agapitus en Theopistos, dy't troch keizer Hadrianus foar de bisten smiten waarden, mar God's help bleaune se yntakt. Yn stee dêrfan foltôgen se harren martlerskip yn in brûnzen okse).

 
11e iuwse foarsteling fan it martlerskip fan Eustachius en syn hûshâlding

Nei de dea fan Eustachius begroeven kristenen syn lichem op in ferneamd plak dêr't se in tsjerke bouden, dy't letter yn syn namme wijd waard. Mooglik lei de widze fan de ferearing fan Eustachius yn Kappadoasje, dêr't fresko's ferwize nei in 7e-iuwske kultus. Yn Konstantinopel waard it feest fan de hillige en syn gesellen al yn de 9e iuw fierd op 20 septimber yn de tsjerke dy't oan him wijd wie. Oersettings fan it libben en lijen fan de hillige yn it Syrysk en Armeensk bewize dat de hillige ek bûten Byzantium fierd waard. Yn it westen wurdt der foar it earst tsjin it ein fan de 8e iuw melding makke fan ferearing yn Itaalje. Dy ferearing gyng mank mei it ûnstean fan in grut tal teksten en fariaasjes oer it ferhaal fan Eustachius en fanút Itaalje fersprate de ferearing him fierder oer Europa.

 
Tradisjoneel byld fan Sint-Eustachius mei hart by de Beafeartstsjerke Marije-Fisitaasje (Hehn, Mönchengladbach)

Eustachius wurdt yn tiden fan rou en by tryste famyljeomstannichheden oanroppen. Hy is ien fan de Fjirtjin Needhelpers. Lykas Sint-Hubertus is ek Sint-Eustachius beskermhillige fan de jagers. Wylst Hubertus benammen yn lannen as Belgje, Frankryk en Dútslân Eustachius as beskermhillige fan de jacht ferdrong, komt Eustachius hjoed-de-dei faker foar yn súdliker streken lykas Beieren en Eastenryk.

Reliken fan Eustachius rêste yn in kostbere sark yn it haadalter fan Basilica di Sant'Eustachio yn Rome, dy't neffens de oerlevering op it plak fan syn hûs boud waard. Ek binne der reliken yn de nei him ferneamde tsjerke yn Parys.

It romantyske en ferheffende ferhaal fan Eustachius en syn hûshâlding waard in relatyf populêr ûnderwerp yn de kristlike ikonografy. Lykas Sint-Hubertus wurdt de hillige fakentiden by in hert mei in krusifiks tusken de hoarnen útbylde. Dochs is Eustachius wol te ûnderskieden om't er fakentiden in soldate-unifoarm draacht. Hy wurdt ek faak yn in reade gloed útbylde mei in brûnzen bolle, in ferwizing nei syn martlerskip.

20 septimber is de datum dat Eustachius betocht wurdt. Yn 1969 waard Eustachius fanwegen twifel oft er wol echt bestien hat fan de Romeinske Kalinder skrast. Yn de lêste útjefte fan it Martyrologium Romanum wurdt de skiednis fan Eustachius sels in fabel neamd. Mooglik is it hiele ferhaal ea optocht om sa as foarbyld te tsjinjen. It ferhaal toant oerienkomsten mei de bibelske ferhalen oer de apostel Paulus (de bekearing), Biléam (in hart dy't tsjin Placidus praat en in ezel dy't stsjin Biléam praat) en de besikings en it ûnheil fan Job. Godsbetrouwen, geduld en hearrigens steane sintraal yn it ferhaal, dat, alhoewol't djip kristlik, ek motiven út de antike Grykske literatuer adoptearre liket te hawwen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Frânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Eustache de Rome