Ebroin
Ebroin wie in Frankyske hofmeier yn Neustrje. Hy wie twa kear hofmeier, earst fan 658 oant 673 doe't er ôfset waard en letter op 'e nij fan 675 oant syn dea yn 680 of 681. Hy stiet bekend as in gewelddiedich en despoatisk hearsker dy't dernei stribbe om de macht fan Neustrje, dêr't hy de kontrôle oer hie, út te wreidzjen oer Boergonje en Austraasje. Hy hie ek spul mei de Fryske kening Aldgillis.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 656 stoar Sigibert III, de Austrasyske kening en woe de ambisjeuze hofmeier Grimoald de macht oernimme, in boargerkriich bruts út dy't lykwols net lang duorre soe. De kûp fan Grimoard mislearre en neitiids roppen de elite fan de Franken kening Klodwig II op it ferdielde Frankyske Ryk wer te ferienigen. Erkinoald waard as hofmeier beneamd en doe't er yn 658 stoar wie Ebroin syn opfolger.
Nettsjinsteande syn hurde polityk wie Ebroin net by machte om de Ienheid fan it Frankyske Ryk te behâlden. Wylst Klotar III, de soan fan Klodwig II yn Neusterje en Boergonje regeare, waard er yn 660 twongen, de Austraasjers mei Gilderik II (broer fan Klotar III) as eigen kening en mei Wulfoald as hofmeier ta akseptearen.
Ebroin dy syn bêst om de ferieniging mei Boergonje en Neusterje yn stân te hâlden, mar wichtige Boergondyske eallju woenen harren ûnôfhinklikens werom hawwe. Sy sammele harren ûnder Leodegar, de Biskop fan Autun, fersloegen Ebroin, en setten him finzen yn it kleaster fan Luxeuil (670). Yn in Proklamaasje, waard troch harren bepale dat elts keninkryk syn eigen wetten en gewoanten hâlde mocht en dat der gjin ambtsdragers (hofmeiers) yn meardere riken wêze mochten en dat gjinien mear in tirany festige mocht krekt as Ebroin dat dien hie. Lykwols waard koart dêrnei Leodegar troch de Austraasjers ûnder Wulfoald ferslein en sels yn in it kleaster opsluten (673).
Yn it selde jier makke de beide ballingen gebrûk fan de algemiene anargy, flechten út it kleaster en stean al gau wer tsjinoer inoar. Beide sykje steun troch in merovingyske kening. Ebroin proklamearet sawier in "falske" Merowinger as hearsker. Leodegar waard by Autun oerwûn en twongen him oer te jaan oan Ebroin. Op 2 oktober 679 waard hy úteinlik fermoarde nei swiere martelingen. De Tsjerke soe him letter hillich ferkleare.
Nei de dea fan syn jierrenlange tsjinstanner bleau Ebroin oer as ienige absolute hearsker fan de Franken, wreide syn macht oer Boergonje en fersloech de Austraasjers 678 by Bois-du-Fay, yn de omkrite fan Laon. Syn triomf wie lykwols koart, er waard yn 681 fermoarde troch in oanslach fan ien fan syn talleaze fijannen.
Ebroin en de Friezen
bewurkje seksjeUnder it bewâld fan Ebroin hienen de Franken ek spul mei harren noarderbuorren de Friezen. Ynset fan de fijannigens wie de behearsking fan de âlde Romeinske grinsfersterkingen yn it Ryngebiet en dêr't de Fryske kening Aldgillis it bewâld oer hie. In oanfal fan de Franken ûnder Ebroin om it gebiet yn hannen te krijen misleare. Kening Aldgilles koe mei syn legermacht de Franken op ôfstân hâlde.
Yn de winter fan 678 ûntfong Aldgillis, tige tsjin it sin fan Ebroin, de Ingelske biskop fan York Wilfried yn Utert en joech dizze in feilich ûnderkommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|