Sikstus II (paus)
Paus Sikstus II (berne yn Grikelân, bertedatum ûnbekend; ferstoarn yn Rome op 6 augustus 258) wie fan 30 augustus 257 oant syn dea op 6 augustus 258 biskop fan Rome.
Sikstus II | ||
kristlik lieder | ||
Fresko fan paus Sikstus II yn de Sikstynske Kapel, Rome (Sandro Botticelli) | ||
amt en titulatuer | ||
amt | paus fan Rome | |
tsjerke | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | bisdom Rome | |
sit | Hillige Sit | |
amtsperioade | 257 – 258 | |
foargonger | Stefanus I | |
opfolger | Dionysius | |
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | Grikelân (?) | |
stjerdatum | 6 augustus 258 | |
stjerplak | Rome | |
etnisiteit | Gryksk | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke; Eastersk-otterdoksy Armeensk-Apostoalyske Tsjerke | |
hjeldei | 7 augustus (RK), 10 augustus (otterdoksy) |
Libben
bewurkje seksjeSikstus II folge yn augustus 257 Stefanus I op as biskop fan Rome. Noch yn itselde jier sette keizer Falerianus útein mei de ferfolging fan kristenen.
Sikstus' foargonger Stefanus I hie it kontakt mei de biskoppen yn it easten en Afrika ferbrutsen, mar Sikstus slagge der yn de ienheid fan de tsjerke en de kontakten te herstellen. Ear't Sikstus paus waard wie der nammentlik in dreech skeel tusken Stefanus I en biskop Syprianus fan Kartago oer de fraach oft de doop troch ketters wol jildich wie. Siktus wist in skuorring yn de kristenheid tefoarren te kommen troch it stânpunt fan de Afrikaanske en Easterske tsjerke oer te nimmen dat allinne kristenen in ketter dope koene. It duorre oant it jier 314 doe't it âlde Romeinske stânpunt dat eltse doop jildich is op de synoade fan Arelate (Arles) wer it offisjele stânpunt fan de Tsjerke waard.
Ferstjerren
bewurkje seksjeNeffens Syprianus fan Kartago waard Sikstus it slachtoffer fan de ferfolgings fan Falerianus. Nei't yn augustus 258 de keizer de anty-kristlike bepalings oanskerpe en de deastraf oplein waard foar it wegerjen fan it offerjen oan heidenske goaden, waard Siktus tegearre mei fjouwer diakenen by de fiering fan in tsjinst yn de katakomben arrestearre en fuort ûnthalze. De bekendere hillige Laurentius soe ien fan de diakens west ha, dy't doe de martlersdea ferstoaren.
De Romeinske biskop Damasus I liet op it eksekúsjeplak en oan it grêf fan Sikstus in ynskrift oanbringe. Siktus waard letter yn de Pausenkrypte fan de Katakomben van Sint-Kalikstus byset.
Ferearing
bewurkje seksjeYn de Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt Sikstus op 7 augustus (net ferplicht) betocht. Yn de otterdoksy falt dy dei op 10 augustus.
Siktus is patroanhillige foar in goede waaksdom fan druven en beannen. Ek is Sikstus beskermhillige fan swiere froulju. Dêrnjonken kin er oanroppen wurde by pine yn 'e hals, rêch en ûnderrêch.
Attributen binne in jildponge of in muntstik. Sikstus wurdt faak tegearre mei Laurentius fan Rome ôfbylde.
De Sixtustsjerke fan Seisbierrum is in oarspronklik oan Sixtus II wijde tsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|