Súd-Tiroal is (Dútsk en Ladynsk: Südtirol; Italjaansk: Alto Adige, ynformeel Sudtirolo) is de meast noardlike autonome provinsje fan Itaalje, ûnderdiel fan de autonome regio Trentino-Súd-Tiroal. Yn de provinsje wenje 520.891 minsken (2015). De haadstêd fan 'e provinsje is Bolzano (Dútsk: Bozen; Ladynsk: Bulsan).

Lokaasje fan Súd-Tiroal yn Itaalje.
Taalgroepen yn Súd-Tirol.

Skiednis bewurkje seksje

Winliken beslacht it hjoeddeistige Súd-Tiroal it gebiet dat yn 1919 troch Itaalje anneksearre waard. Dêrfoar wie it gebiet ûnderdiel fan Eastenryk-Hongarije. As provinsje waard Súd-Tiroal oprjochte yn 1926, nei in bestjoerlike herfoarming fan it Keninkryk Itaalje. Nei it anneksearjen is der besocht it gebiet te italjanisearjen. Dat waard dien troch safolle mooglik Dútsers emigrearje te litten en Italjanen nei it gebiet ta te heljen. Nei in protte ferset fan de Dútsktaligen, krige Súd-Tiroal yn 1972 fiergeande autonomy.

Taal bewurkje seksje

Súd-Tiroal hat binnen Itaalje in sterke regionale kultuer. Dy kultuer hat in protte oerienkomsten mei it Eastenrykske Tiroal. Sa'n 62% fan de ynwenners it Dútsktalich, 23% praat Italjaansk en sa'n 4% hat it Ladynsk as memmetaal. Foaral op it plattelân is it Dútsk de taal fan de mearderheid, yn de stêd Bozen praat de mearderheid fan de ynwenners Italjaansk.

Keppeling om utens bewurkje seksje