Sint-Fitustsjerke (Feinsum)
De Sint-Fitustsjerke is de tsjerke fan Feinsum yn de gemeente Ljouwert.
Sint-Fitustsjerke | ||
De tsjerke yn 2022 | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Feinsum | |
adres | Holdingawei | |
koördinaten | 53° 16'N 5° 45'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Sint-Fitus | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw (toer: 18e iuw) | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24529 [1] | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe 13e iuwske tsjerke fan Feinsum is wijd oan Sint Fitus. De tsjerke kin syn namme krigen hawwe fan de tsjerke mei deselde namme yn Stiens, mar in oare mooglikheid is dat de tsjerke in dochterstsjerke wie fan de St. Vitus fan Aldehou. Guon tinke dat der earder yn ienfâldige kapel stien hat. Der is yn 'e rin fan tiid it ien en oar oan feroare en yn de 16e iuw ferlear de tsjerke it koer. Yn de 18e iuw hat de toer in sealtek krige.
Yn de jierren 1962-1964 is de tsjerke restaurearre. Dy restauraasje waard tige rûch útfierd en der is doe neffens guonts tefolle weihelle. De tsjerke is doe yn eigendom oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn de tsjerke lizze grêfstiennen fan de Holdinga’s. Der is ek in stien ta oantins fan dûmny Gerardus Hanecroot. Hanecroot wie yn 1697 te Koarnjum berne. Hy hat 47 jier yn Feinsum en Hijum stien. Neist dûmny wie Hanecroot ek boer op in sate yn de Poelen. Hanecroot moat in man mei in protte jild west hawwe. Op 4 april 1776 is er yn ‘e âldens fan 79 jier ferstoarn. De tsjerke hat in preekstoel út de 17e iuw. It doopstek is ûnder de restauraasje ferdwûn. Yn de toer hinget noch in klok út 1477.
It oargel datearret fan 1913 en waard boud troch Bakker & Timmenga.
De tsjerke rekke fallyt
bewurkje seksjeDe tsjerklike administraasje wie yn Feinsum net yn ‘e oarder. In probleem wie ek dat de tsjerklike administraasje en dy fan de earmfâdij trochinoar rûn. Yn 1822 wie der in skuld fan sa’n 7.000 gûne. Foar in grut part wie dat in skuld oan in timmerman út Stiens. Baas timmerman woe wolris sinten sjen en liet beslach op alle besit fan de tsjerke lizze. De gûverneur fan de provinsje waard frege om ta in oplossing te kommen. Der waard besocht om in kommisje te foarmjen om in skieding te meitsjen tusken de tsjerke en de earmfâdij. Dit slagge net. Baas timmerman sette troch en de doarwarder die syn wurk. Jan Jacob Twijnstra, in bouboer út Feinsum, kocht foar om de 1.000 gûne hinne it tsjerklik besit. Hy joech dit fuortendaliks werom yn brûklien oan de Herfoarme Gemeente. Der giet in ferhaal dat kening Willem I fan de Nederlannen] dit ferhaal ferteld waard doe’t hy Feinsum besocht. De kening hie begrutsjen mei de Feinsumers en kocht it tsjerklik besit fan Twijnstra werom. Sa is it net hielendal gien. Wol hat yn 1827 it regear de tsjerke wer fan Twijnstra weromkocht, sûnder dat men de plicht fan ûnderhâld op har naam. Yn 1829 waard de doarpsearmfâdij opheft. De boargerlike gemeente naam it besit oer op dat fan tsjerke nei.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|