Toer fan Miedum
De Toer fan Miedum stiet oan de Canterlânswei tusken Lekkum en Gytsjerk. It is in tige skeve toer en mei in hichte fan 14 meter hinget er 4,72 graden út it lead. Mei in hellingspersintaazje fan 8,3 % is it de skeanste toer fan Nederlân. Yn Europa hinget allinnich de tsjerketoer fan Suurhusen noch mear út it lead.
Toer fan Miedum | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Miedum | |
koördinaten | 53° 130'N 5° 49'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | oarsp. Jehannes de Evangelist | |
Arsjitektuer | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 24513 [1] | |
Webside | ||
Prot. tsjerke Lekkum | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeMiedum wie oarspronklik in selsstannige tsjerke en yn de katolike tiid wie it Miedumer tsjerkje wijd oan Jehannes de Evangelist. Nei de reformaasje fusearre Miedum mei Lekkum ta ien grifformearde gemeente. Mei't de dyk nei Lekkum ferbettere en de tsjerkegong dêrhinne makliker waard, rekke de mooglik oan it begjin fan de 16e iuw fernijde tsjerke stadichoan yn it neigean. Oan it begjin fan de 19e iuw fûn noch in renovaasje plak, mar yn 1834 waard it beslút nommen de tsjerke ôf te brekken. Sûnt begûn de toer te fersakjen.
De karakteristike sealtektoer hat skouders op de hoeken en in izeren krús op it dak. Oan de westkant sit in nis en oan de eastkant is ûnder in spitsbôgenis te sjen. Faaks is de toer al boud yn de 14e, mar wierskynliker yn de 15e iuw. Ut de midsiuwen is net folle mear te sjen, want de toer krige yn de 19e iuw in nije mantel, oan trije kanten fan graubrune en oan de eastkant fan giele stientsjes. Underyn sit in soarte fan plint fan stiennen yn flinke ôfmjittings, moppen en roaswinkels dy’t út de lette midsiuwen stamme, mooglik fan de ôfbrutsen tsjerke.
De bot út it lead steande sealtektoer stie der yn de jierren 1950 min by. Foar in ynsammelingsaksje skreau J.J. Kalma yn in brosjuere: 'De dagen fan de Miedumer toer binne teld. It kin nog efkes duorje, it kin ek moarn wêze dat er omfalt'. Fuort dêrnei folge in restauraasje; op 8 maaie 1957 skreau de Ljouwerter Krante "De Miedumer toren is klaar". Yn 1995 moast de toer nei fjirtich jier nochris opknapt wurde.
Klokken
bewurkje seksjeYn de toer hongen eartiids twa klokken, dy't de Dútsers yn de Twadde Wrâldoarloch meinamen om foar wapens om te ranen. Ien dêrfan kaam lykwols yn Fryslân werom, mar op it ferkearde plak: yn de tsjerketoer fan Gytsjerk. Yn de toer is letter in stoarmklok ophong, dêr't in anekdoate by heart. Yn 1949 wie in opsichter-tekener fan in arsjitekteburo út Ljouwert dwaande om de toer op te mjitten. By ûngelok foel de doar efter him yn it slot en doe siet er opsluten. Pas nei in pear oeren wist er de oandacht fan in foarbykommende molkrider te lûken. Net ien dy't it om him begrutte, sa die bliken út syn reaksje: "Jo sitte dêr goed". Tsjin de jûn hie it lang genôch duorre, de tekener luts by eintsjebeslút oan it klokketou en wist mei it lieden de oandacht fan omwenjenden te lûken en waard op 't lêst út syn lijen ferlost.
Tsjerkhôf
bewurkje seksjeOp it tsjerkhôf steane binne noch in pear grêfstienen, begroeven wurdt der net mear. Tsjin de toer leit noch in mânske, mei boere-ark fersierde stien. Neffens Jacob Hepkema yn syn Eenvoudige memories en bemerkingen langs straten en wegen voor landgenoot en vreemdeling (skreaun tusken 1894 en 1917) duts de stien een gemetselden kelder van ongemeene grootte. De rike, altiten frijfeint bleaune en wat eksintrike greidboer Johan Jellema hat dy kelder foar himsels mitselje litten. Jellema wenne fan 1782 oant 1851 op de pleats 'It Heechterp', dy't oan it begjin jierren 1960 ôfbrutsen is. De boer hat him net bot op syn stân foarstien en neffens it praat is ek syn feint yn de kelder bysetten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|