Martinustsjerke (Gytsjerk)
De Martinustsjerke [2] is in tsjerke yn Gytsjerk, yn de provinsje Fryslân. De midsiuwske tsjerke, dêr't der in soad fan yn Fryslân steane, is ien fan de fjouwer tsjerken fan de protestantske gemeente Trynwâlden.
Martinustsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Tytsjerksteradiel | |
plak | Gytsjerk | |
adres | Kanterlânswei | |
koördinaten | 53° 14' N 5° 52' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Martinus fan Tours | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | Romaanske arsjitektuer | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 35654 [1] | |
Webside | ||
Side PKN-Trynwâlden | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke komt út de lette 12e iuw en is romaanske tsjerke mei in gevel dy't út de 19e iuw stammet. Yn de rin fan de tiid waard de tsjerke hieltiten feroare en ferboud, mar de noardlike muorre, súdlike muorre en it koar tsjûgje noch altiten fan de romaanske dowestien.[2] De tsjerke leit oan de Kanterlânswei 63 [3] en wie ien fan de roomsk-katolike tsjerken, dy't wijd wie oan Sint-Martinus, mar waard in protestantske tsjerke nei de reformaasje. De tsjerke is in ryksmonumint en is beoardiele mei in tige hege histoaryske wearde. [4]
Sûnt begjin 2008 is de tsjerke ien fan de fjouwer tsjerken fan de fusearre PKN-gemeente Trynwâlden.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDe tsjerke hat in preekstoel dy't út de 17e iuw komt en in oargel dat yn 1896 makke is troch Bakker & Timmenga.
De klok yn de toer wie fan 1809 en is troch de Dútsers meinomd, yn 1948 is der in nijeren komd.
Yn 2009 wie der in restauraasje en werynrjochting fan it ynterieur, dat rjochte is op it aktyf gebrûk foar earetsjinsten.
Roubuorden
bewurkje seksjeOan de muorre fan it koer hingje trije roubuorden. Benammen begoedige lju, faak fan adel, krigen destiids nei harren dea sa'n boerd at se in soad foar tsjerke dien hienen. De buorden binne oantinkens oan de bewenners fan it eardere lângoed 'Buitenlust' dat eartiids oan de súdkant fan Gytsjerk oan de singel lei. It âldste boerd is dat fan Franciscus Frisius († 1744, 84 jier âld), advokaat by it Hof fan Fryslân en “Gecommiteerde Staat ten Landdage”. It middelste boerd betreft Cornelius Fransiscus Frisius, († 1762, 68 jier âld), abbekaat en âld-rekkenmaster en ried yn de froedskip fan de stêd Ljouwert. It rjochtse boerd is fan Frederik Willem fan Meyers, Brigadier van de Infanterie ten dienste van de Staat der Verenigde Nederlanden. Colonel en Commandant van het Lijfregiment van Sijne Hoogheyt den Heere Prinse van Oranje etc…etc. Capitein van een Compagnie Infanterie beneffens Ridder van de Generositeit. Oudt in zijn 57sten jaar. Overleden ten 22 Septembris 1742.
Nachtmielsulver
bewurkje seksjeIt nachtmielsulver is yn 1650 jûn troch Sytske Sjoerda, widdo fan Tinco van Andringa. It span wenne op Sjoerda-State, in bûtenplak dêr't net folle oer bekend is. Op de beker stiet: Sitske Mennes Siorda, wed. v.w. T. van Andringa, Grietman van Uittingeradeel heeft deze beker en drie silveren schûtelen vereerd aan de gereformeerde gemeente Christi tot Giekerk. En dêrûnder stiet: Oldste kerkvoogd sinds H. van Jepema, Raed.-Ord. In den Hove van Frieslandt, haar schoonzoon. Yn de 20e iuw hat in goudsmid fan Ljouwert in twadde beker makke mei de tekst: Deze beker is een gift van het Diacinifonds van Giekerk door bemiddeling van den Wel.Gestr. Heer Mr. C. F. G. Rinia van Nauta en deszelfs echtgenoote W. H. van Heemstra terwijl P. van Kleffens predikant, K. Bloemhof ouderling en W. F. de Vries diaken dezer gemeente waren. -1858.
Oare tsjerken fan de PKN-gemeente Trynwâlden
bewurkje seksjeYnterieur
bewurkje seksje-
Lofter rouboerd
-
Middelste rouboerd
-
Rjochter rouboerd
-
Oargel
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|