Haadmenu iepenje
In lânkaart fan 'e Feriene Steaten mei dêrop oanjûn de ferskillende tiidsônes (sitewaasje út 2006/2007; neitiid binne ferskate countys fan Indiana oerstapt fan Sintrale Tiid nei Eastlike Tiid).

Om't it lân sa grut is, besteane der ferskate tiidsônes yn de Feriene Steaten. Under de Amerikaanske wet is it lân yndield yn njoggen standerttiidsônes dy't sawol alle Amerikaanske steaten as de oerseeske territoaria beslane. It meastepart fan 'e Feriene Steaten hat dêrnjonken ek noch ferskillende simmertiidsônes. De grinzen tusken de ûnderskate tiidsônes en it neilibjen fan 'e simmertiid wurdt regulearre troch it Amerikaanske Ministearje fan Transport. Offisjele en tige sekuere klokken binne yn gebrûk by twa Amerikaanske federale oerheidsynstânsjes, it Nasjonaal Ynstitút foar Standerdisaasje en Technology (NIST), dat in ûnderdiel is fan it Amerikaanske Ministearje fan Hannel, en it Amerikaanske Marine-Observatoarium (USNO), in ûnderdiel fan 'e Amerikaanske Marine, dy't ûnder it Ministearje fan Definsje ressortearret. De klokken fan dy beide organisaasjes wurde oanhâldend syngronisearre, sawol mei inoar as mei klokken fan ynternasjonale tiidbewekkingsautoriteiten.

TiidsônesBewurkje

tiidsône gebiet UTC simmertiid
Atlantyske Tiid Amerikaanske Famme-eilannen
Porto Riko
UTC –4 (gjin simmertiid)
Eastlike Tiid Delaware
Fermont
Firginia
Floarida (útsein it westlike diel fan 'e Florida Panhandle)
Georgia
Indiana (útsein guon westlike countys)
Kentucky (allinnich de eastlike helte)
Konnetikut
Maine
Marylân
Massachusetts
Michigan (útsein it westen fan Opper-Michigan)
New York
Nij-Hampshire
Nij-Jersey
Noard-Karolina
Ohio
Pennsylvania
Rhode Island
Súd-Karolina
Tennessee (allinnich it eastlike trêdepart)
Washington, D.C.
West-Firginia
UTC –5 UTC –4
Sintrale Tiid Alabama
Arkansas
Floarida (allinnich it westlik diel fan 'e Florida Panhandle)
Illinois
Indiana (allinnich guon westlike countys)
Iowa
Kansas (útsein guon westlike countys)
Kentucky (allinnich de westlike helte)
Louisiana
Michigan (allinnich it westen fan Opper-Michigan)
Minnesota
Mississippy
Missoury
Nebraska (allinnich it eastlike twatrêde part)
Noard-Dakota (útsein it súdwesten)
Oklahoma
Súd-Dakota (allinnich de eastlike helte)
Teksas (útsein de westlikste punt)
Tennessee (allinnich it westlike twatrêde part)
Wiskonsin
UTC –6 UTC –5
Berchtiid Arizona
Idaho (allinnich it súdlike twatrêde part)
Kansas (allinnich guon westlike countys)
Kolorado
Montana
Nebraska (allinnich it westlike trêdepart)
Nij-Meksiko
Noard-Dakota (allinnich it súdwesten)
Oregon (allinnich guon eastlike countys)
Súd-Dakota (allinnich de westlike helte)
Teksas (allinnich it westlikste puntsje)
Utah
Wyoming
UTC –7 UTC –6 (it grutste part fan Arizona hat gjin simmertiid)
Pasifyske Tiid Idaho (allinnich it noardlike trêdepart)
Kalifornje
Oregon (útsein guon eastlike countys)
Nevada
Washington
UTC –8 UTC –7
Alaskatiid Alaska (útsein de Aleoeten) UTC –9 UTC –8
Hawaïaansk-Aleoetyske Tiid Aleoeten (it westlikste diel fan Alaska)
Hawaï
UTC –10 UTC –9 (allinnich op 'e Aleoeten; Hawaï hat gjin simmertiid)
Samoätiid Amerikaansk Samoä UTC –11 (gjin simmertiid)
Tsjamorro-tiid Gûam
Noardlike Marianen
UTC +10 (gjin simmertiid)

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.