An Inspector Calls (film út 1954)

film út 1954 fan Guy Hamilton

An Inspector Calls is in Britske histoaryske detektive-dramafilm yn swart-wyt út 1954 ûnder rezjy fan Guy Hamilton. De haadrollen waarden spile troch Alastair Sim, Jane Wenham en Eileen Moore. De film waard basearre op it ferneamde toanielstik mei deselde namme fan J.B. Priestley. De titel betsjut "Der komt in [plysje-]ynspekteur del". It ferhaal giet oer de rike húshâlding Birling, dêr't op in jûn yn 1912 in ynspekteur fan 'e plysje delkomt. Dyselde fertelt dat er de selsmoard fan in fanke út 'e arbeidersklasse ûndersiket, wêrnei't er de oanwêzigen begjint te befreegjen. Geandewei de ûnderfreging docht bliken dat alle gesinsleden foar in part foar de selsmoard ferantwurdlik binne. An Inspector Calls krige oer it generaal positive resinsjes fan 'e filmkritisy.

An Inspector Calls
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Guy Hamilton
produsint A.D. Peters
senario Desmond Davis
basearre op it toanielstik fan J.B. Priestley
kamerarezjy Ted Scaife
muzyk Francis Chagrin
filmstudio Watergate Productions
distribúsje British Lion Films
spilers
haadrollen Alastair Sim
Jane Wenham
Eileen Moore
byrollen Bryan Forbes
Brian Worth
Olga Lindo
Arthur Young
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
premiêre 11 maart 1954
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske detektive-dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 80 minuten
budget en resultaten
budget ûnbekend
opbringst ûnbekend

Plot bewurkje seksje

Op in jûn yn 1912 sit de rike húshâlding Birling nei in diner noch oan 'e itenstafel. Gerald Croft, de soan fan in befreone húshâlding, docht oan Sheila, de dochter fan 'e Birlings, in houliksoansiik en sy jout him tawurd. Mem Sybil Birling beskrobbet har soan Eric, waans alkoholisme ornaris mei de mantel der leafde tadutsen wurdt, om't er wer ris tefolle op hat. De hear fan it hûs, Arthur Birling, bepraat ûnder it genot fan in glês port en in sigaar mei syn oansteande skoansoan Gerald hoe wierskynlik it is dat er sels mei koarten in keninklike ûnderskieding ûntfange sil.

De jûn wurdt ûnderbrutsen as de tsjinstfaam der in man ynlit, dy't seit dat er in ynspekteur fan 'e plysje is en himsels foarstelt as Poole. Hy fertelt it selskip dat er ûndersyk docht nei de selsmoard fan in jonge frou fan yn 'e tweintich út 'e arbeidersklasse. Dy is koartby yn it pleatslike sikehûs ferstoarn nei't se harsels fergiftige hie. Hja hiet Eva Smith en hja hat in deiboek neilitten. Dêrút is û.m. nei foarren kommen dat Eva in arbeidster yn it fabryk fan Arthur Birling wie.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn in flashback nei 1910 wurket Eva op 'e masinereparaasje-ôfdieling fan it fabryk. Se jout har by in groep froulju dy't in lytse salarisferheging easkje. Birling stegeret harren easken lykwols ôf en seit dat se mar om oar wurk sjen moatte as it lean dat hy biedt harren te min is. As Eva him derop wiist dat syn wurknimmers fan it hjoeddeistige lean net rûnkomme kinne, jout er har dien. Yn 'e tsjintwurdige tiid yn 'e filla fan 'e Birlings begrypt Arthur Birling net, sa seit er, wat de selsmoard fan Eva mei him te krijen hat.

Ynspekteur Poole leit út dat Eva nei in skoft wurkleas west te hawwen, in nije baan fûn as winkelbetsjinde yn in pleatslik warehûs. Dêr krige se lykwols al nei twa moannen dien, nei't der troch in klant oer har hâlden en dragen klage wie. It wurdt dúdlik dat dy klant Sheila Birling wie. Yn in twadde flashback wurdt sjen litten hoe't Sheila yn it warehûs komt om mei har mem in nije hoed te keapjen. Se beskuldiget Eva derfan dat se ûnfatsoenlik is as it fanke har glimkjen net betwinge kin wylst Sheila mei de hoed wrakselet. Sheila stapt nei Eva har baas ta en easket dat dy har ûntslacht. Werom yn 'e hjoeddeistige tiid leit Sheila út dat se jaloersk wie om't Eva tsjepper wie as sysels.

Poole fertelt dat Eva nei dat foarfal har namme feroare; se neamde har doe Daisy Renton. As er dy namme heart, wurdt Gerald Croft sichtber kjel. Hy bychtet oan syn oansteande breid Sheila op dat er in seksuele affêre mei Eva hân hat, dy't yn maart 1911 begûn. Hy mette har yn in bar dy't derom bekendstie dat dêr prostituees te finen wiene. Yn in nije flashback hâldt Gerald de man dêr't Eva mei fuort soe, foar it lapke en poeieret him ôf, wêrnei't er syn plak ynnimt. Hy giet mei har út te iten en as er foar it ferstân kriget dat se dakleas is, lit er har syn twadde hûs yn 'e stêd bewenje en jout er har jild om fan te libjen. Hja wurdt al rillegau syn mêtresse, mar hy wol yn it iepenbier net mei har sjoen wurde fanwegen it ferskil yn harren sosjale eftergrûn. Dat wurdt meitiid in grut striidpunt tusken har beiden en úteinlik ferbrekt Eva dêrom harren relaasje. Arthur en Sibyl Birling binne ûntsteld troch dizze ûntboezemings, en al wurdearret Sheila de earlikheid fan Gerald, dochs jout se him de ferlovingsring werom dy't se earder dy jûns fan him oannommen hie. Gerald ferlit dêrnei it hûs om him in eintsje te fertrêdzjen.

It wurdt troch Poole útbrocht dat Sibyl Birling, Sheila har mem, ek gedoente mei Eva hân hat. Hja hat nammentlik tsjinkeard dat Eva help ûntfong fan it pleatslike goeddiedichheidskomitee. De reden dêrfoar wie dat Eva swier rekke wie, en dat se bewearde dat har man, dy't har ferlitten hie, Birling hiet. Dat bringt oan it ljocht dat Eva, nei't se by Gerald wei rekke wie, yn 'e tram yn 'e kunde kaam mei Eric Birling. Se hiene in koarte affêre, en sy rekke swier. Yn in flashback is te sjen dat se him dat fertelt. Dêrop stelt er jild om har te ûnderhâlden, mar sy wegeret it oan te nimmen. Op dat punt yn har libben kloppet se foar help oan by it goeddiedichheidskomitee, dat har op inisjatyf fan Eric syn mem ôfstegeret. Gearfetsjend stelt ynspekteur Poole dat elts fan 'e leden fan 'e famylje foar in diel ferantwurdlik is foar it ta selsmoard driuwen fan Eva.

Op 'e strjitte fernimt Gerald ûnderwilens by in patrûljearjende plysjeman nei ynspekteur Poole, en heart ta syn ferheardens dat der by de pleatslike plysje nimmen wurket dy't sa hjit. Hy giet werom en komt der wer yn krekt as Poole syn betooch beëinige hat, wêrnei't er syn ûntdekking op 't aljemint bringt. Arthur Birling freget Poole om eefkes te wachtsjen yn 'e bibleteek wylst de húshâlding de ymplikaasjes fan Gerald syn nijs bepraat. Arthur Birling en de frou en Gerald Croft hawwe no it gefoel dat der in lêst fan harren ôffallen is, om't se har no ommers net mear skuldich hoege te fielen. Se beslute dat sy hjirre de wiere slachtoffers binne, mei't "ynspekteur Poole" in wrede hoax útfierd hat. Sheila en Eric Birling, lykwols, fiele har noch altyd skuldich oer harren eardere hâlden en dragen. Gerald skillet it sikehûs op om te sjen oft der wier in fanke harsels fergiftige hat, mar der wurdt him ferteld dat dêr de ôfrûne dagen nimmen stoarn is. Hy konkludearret dat it allegearre mar in nuveraardich bedroch is. Hy en Arthur Birling en de frou skodzje alles fan har ôf en beslute troch te libjen sa't se altyd dien hawwe, mar Sheila en Eric binne permanint feroare.

Dan giet de tillefoan. Birling nimt op en him wurdt meidield dat der no krekt yn it pleatslike sikehûs in jonge frou stoarn is oan wat nei alle gedachten selsmoard troch fergiftiging is. Hja hat in deiboek efterlitten wêryn't de nammen fan 'e Birlings neamd wurde, dat in ynspekteur fan 'e plysje is ûnderweis om 'e húshâlding oer de saak te ûnderfreegjen. De gesinsleden hastigje har nei de bibleteek, dêr't "ynspekteur Poole" sûnder in spoar nei te litten ferdwûn is. Hoe't dat kin, begypt nimmen, want de doar fan 'e keamer hat net iepen west. Wol dúdlik is dat alles dat Poole harren ferteld hat, wier is, en dat publike skande mei koarten oer de Birlings en Gerald Croft komme sil.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Alastair Sim.
haadrollen
personaazje                               akteur/aktrise
ynspekteur Poole Alastair Sim
Eva Smith / Daisy Renton Jane Wenham
Sheila Birling Eileen Moore


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Eric Birling Bryan Forbes
Gerald Croft Brian Worth
Sybil Birling Olga Lindo
Arthur Birling Arthur Young
foarman Jones-Collins Norman Bird
brigadier Arnold Ransom Charles Saynor
Timmon, de huoddeferkeaper John Welsh
frou Lefson, lid fan it Goeddiedichheidskomitee Barbara Everest
Stanley, de snackbareigner George Woodbridge
kondukteur op 'e tram George Cole
juffer Frances Olwen Brookes
lyts famke yn snackbar Frances Gowens

Oer toanielstik en film bewurkje seksje

An Inspector Calls is basearre op it toanielstik An Inspector Calls út 1945, fan J.B. Priestley. Dat is yn it Feriene Keninkryk in tige ferneamd wurk, dat withoe faak opfierd is en dat op in protte middelbere skoallen in ferplichte ûnderdiel fan 'e lêslist literatuer fan it fak Ingelsk is. Hoewol't noch yn it toanielstik, noch yn 'e film útlein wurdt wa't "ynspekteur Poole" no eins wie, geane toanielkritisy en gewoane lêzers en taskôgers der oer it algemien fan út dat er in boppenatuerlik wêzen is, in soarte fan wraakingel. Priestley ferwurke foar dy konklúzjes hints yn syn stik, lykas it feit dat Poole alles liket te witten en om't syn namme yn it toanielstik net Poole, mar Goole is, dat itselde klinkt as it wurd ghoul, de namme foar in beskate soarte mytyske wêzens. Yn it toanielstik wurdt er ek net ynlitten troch de tsjinstfaam, lykas yn 'e film, mar stiet er ynienen yn it fermidden fan 'e dinearkeamer sûnder dat immen him deryn kommen sjoen hat.

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

An Inspector Calls waard regissearre troch Guy Hamilton nei in senario fan Desmond Davis. As produsint wie A.D. Peters by it projekt belutsen foar de filmstudio Watergate Productions. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ted Scaife, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Francis Chagrin. De opnamen fan An Inspector Calls fûnen yn har gehiel plak yn 'e Shepperton Studios yn it Ingelske greefskip Surrey.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan An Inspector Calls waard fersoarge troch British Lion Films. De film gie op 11 maart 1954 yn Londen yn premiêre.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige An Inspector Calls oer it algemien positive resinsjes. Sa rikkemandearre C.A. Lejeune fan 'e krante The Observer de film oan as ta neitinken oansettend. Tagelyk hie se wol krityk op it stadige tempo, de banale dialooch en it brekme oan heechsteande technyske ôfwurking.

Noch Rotten Tomatoes, noch Metacritic, beiden websiden dy't resinsjes sammelje, hawwe anno 2023 in beoardieling fan An Inspector Calls.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.