Thomas & Friends of Thomas the Tank Engine, is in Britsk `telefyzjeprogramma foar pjutten fan Britt Allcroft. De animaasjesearje is basearre op de boeken The Railway Series fan de Britske predikant Wilbert Vere Awdry en dy syn soan Christopher Awdry. De bernesearje begûn yn 1984.

It logo fan de searje
Echte stoomlokomotiven, útrist as Thomas, Henry en Duck.

De searje folget de aventoeren fan Thomas, in antropomorfisearre blauwe stoomlokomotyf op de fiktive North Western Railway op it eilân Sodor, en ferskate oare ferminsklike lokomotiven op de North Western Railway, wêrûnder Edward, Henry, Gordon, James, Percy en Toby. Se wurkje foar de Fat Controller.

Yn de Feriene Steaten waard it foar it earst útstjoerd tegearre mei de spin-off searje Shining Time Station op PBS' PTV Park blok yn 1989.

De rjochten fan de searje binne op dit stuit yn hannen fan HIT Entertainment (in dochterûndernimming fan Mattel), dat yn july 2002 Gullane Entertainment oernaam.

In nije 2 D-animearre searje, Thomas & Friends: All Engines Go, gie yn premjêre op 13 septimber 2021 op Cartoon Network. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: