Into the Woods (film)

Into the Woods is in Amerikaanske fantasyfilmmusical fan Walt Disney Pictures út 2014 ûnder rezjy fan Rob Marshall, mei yn 'e haadrollen James Corden, Emily Blunt, Meryl Streep en Anna Kendrick. De titel betsjut "De Bosk Yn". De film is basearre op 'e ferneamde toanielmusical mei deselde namme fan James Lapine en Stephen Sondheim út 1986. It ferhaal giet oer in troud pear sûnder bern mar mei in bernewinsk, dy't it wâld yn tsjogge om in flok op te heffen dy't harren oplein is troch in wraaksuchtige hekse. Ienris dêr rekket harren kweeste ferfrissele mei de ferhaallinen fan ferskate mearkes fan 'e bruorren Grimm en Charles Perrault, wêrûnder Readkapke en Jiskepûster. Into the Woods krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar trije Oscars en ferskate oare prizen en wûn in Satellite Award.

Into the Woods
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Rob Marshall
produsint Rob Marshall
John DeLuca
Marc Platt
Callum McDougall
senario James Lapine
basearre op de musical fan Stephen
   Sondheim
en James Lapine
kamerarezjy Dion Beebe
muzyk Stephen Sondheim
filmstudio Walt Disney Pictures
Lucamar Productions
Marc Platt Productions
distribúsje Walt Disney Studios
   Motion Pictures
spilers
haadrollen James Corden
Emily Blunt
Meryl Streep
Anna Kendrick
voice-over James Corden
byrollen Lilla Crawford
Daniel Huttlestone
Tracey Ullman
Christine Baranski
Chris Pine
Johnny Depp
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 desimber 2014
foarm lange filmmusical
sjenre fantasyfilm
taal Ingelsk
spyltiid 124 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $213,1 miljoen
prizen 1 × Satellite Award

In bakker en syn wiif hawwe in fjurrige bernewinsk, dy't lykwols dwerseide wurdt troch in flok dy't op 'e famylje fan 'e bakker lein is troch de buorfrou, dy't in hekse is. Dy hie nammentlik jierren earder de bakker syn heit trappearre wylst er har kokentún leechstiel om 'e honger nei grienten fan syn swiere frou te stiljen. Om't de bakker syn heit ek de magyske beantsjes stellen hie dy't de hekse har mem oan har yn bewarring jûn hie, en dy't se nea kwytreitsje mocht, waard de hekse lykwols in flok fan har mem oplein dy't har âld en lilk makke. De hekse easke dêrop de poppe op, it suske fan 'e bakker, doe't dy berne waard, en spriek har flok oer de heit fan 'e bakker en syn skaai út. No biedt de hekse de bakker en syn frou oan om har flok oer de famylje op te heffen as se harren binnen trije dagen dizze dingen bringe: in ko sa wyt as molke, in mantel sa read as bloed, hier sa giel as nôt en in slofke sa poer as goud. Dêrmei hopet se de flok fan har mem opheffe te kinnen en wer jong en tsjep te wurden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dat, de bakker en syn wiif tsjogge de bosk yn om dy fjouwer dingen te sykjen. De bakkerske bringt har man foar de kweeste in mantel dy't noch fan syn heit west hat, en yn in bûse fine se de magyske beantsjes. Ienris yn 'e bosk moetsje se Jaap, in net al te snoade opslûpen jonge dy't fan syn mem de opdracht krigen hat om syn ko Molkewyt te ferkeapjen om't it bist net melk is. Om 'e ko te keapjen beprate de bakker en syn wiif de jonge om ynstee fan jild fiif magyske beantsjes oan te nimmen. Jaap hat dêr wol earen nei en ferkeapet harren de ko, mar as er mei de beantsjes thús komt, smyt syn poerrazene mem de gingen út it finster. Bûtendoar sjitte de beantsjes woartel en groeie út ta in reuseftige beanstôk dy't oant yn 'e wolkens kliuwt.

De bakker en syn wiif moetsje ek Readkapke, fan wa't de bakker om 'e nocht har bloedreade mantel mei kap besiket te ûntfytmanjen. As er letter gjalpen heart en op ûndersyk útgiet, ûntdekt er dat Readkapke en har beppe opfretten binne troch de Grutte Boaze Wolf. De bakker snijt de bealch fan 'e Wolf iepen om harren te befrijen, wêrnei't Readkapke him út tankberens har mantel jout. It suske fan 'e bakker, dy't troch de hekse fan har âlden ôfpakt wie, is ûnderwilens opgroeid ta in tsjeppe jongfaam, dy't de hekse as har mem beskôget. Hja hjit fan Rapûnske en wurdt troch de hekse finzen holden boppe yn in toer sûnder doar, dêr't se inkeld besocht wurde kin troch minsken omheechklimme te litten oan har ûnbidich lange hier. Har bestean wurdt earst ûntdutsen troch in prins dy't fereale op har rekket, en letter troch de bakkerske, dy't, har net bewust fan 'e identiteit fan 'e jongfaam, in flink stik fan har goudene hier ôfsnijt.

Underwilens liedt de earme Jiskepûster, dy't in weesbern is, in ellindich bestean as de tsjinstfaam fan har boaze styfmem en har beide aaklike styfsusters. Hja wol sa stomme graach nei it trijedeiske feest dat yn it keninklik kastiel organisearre wurdt, mar dêr wol har styfmem neat fan witte, ek al giet se der wol mei har eigen dochters hinne. Troch har winsk yn 'e bosk út te sprekken by it grêf fan har mem, wurde de âlde smoarge klean fan Jiskepûster lykwols omfoarme ta in prachtige baljûpe fan goudtrie en kriget se goudene slofkes oan 'e fuotten. Sa set se nei it feest yn it kastiel ta, dêr't de prins de hiele jûn mei har dûnset en gjin each foar oare froulju hat. Oan 'e ein fan 'e jûn flechtet Jiskepûster lykwols fuort sûnder in spoar efter te litten. Dat bart twa dagen efterinoar. De frou fan 'e bakker moetet har beide kearen yn 'e bosk, mar it slagget har net om ien fan 'e goudene slofkes te pakken te krijen. Pas op 'e trêde nacht, as Jiskepûster al ien fan har slofkes kwytrekke is om't har prins út foarsoarch tsjin in nije hommelse ôftocht pik oer de treppens fan it kastiel getten hat dêr't it ding yn klibjen bleaun is, wit de bakkerske Jiskepûster te bepraten om har it oerbleaune slofke te jaan.

No't de bakker en syn wiif alle fjouwer dingen beset hawwe dy't se sykje moasten, bringe se dy by de hekse. Sa kriget elts fan 'e personaazjes in 'happy end': de bakker en syn frou krije in lytsenien; Jiskepûster wurdt oan 'e hân fan har ferlerne slofke identifisearre troch har prins en trout mei him; Rapûnske wurdt befrijd út 'e hannen fan 'e hekse troch de broer fan Jiskepûster har prins en trout mei him; Jaap soarget derfoar dat syn mem tenei yn rykdom libje kin troch de dingen dy't er fan 'e reuzen stelt dy't yn 'e wolkens wenje en as er efterfolge wurdt troch de reus dy't er bestellen hat, deadet er dy troch de beanstôk om te kapjen; Readkapke en har beppe wurde befrijd út 'e mage fan 'e Grutte Boaze Wolf; en de hekse wurdt wer jong en tsjep. En eltsenien libbe noch lang en lokkich… soe men tinke.

It beteart lykwols oars. De bakker is sa bang dat er gjin goede heit wêze sil, dat er yndie net folle bakt fan syn nije heitesteat; syn wiif lit har ferliede troch Jiskepûster har prins; Jiskepûster rekket útsjoen op har prins as se syn oerhoer gewaar wurdt; en de hekse ûntdekt ta har skrik dat se yn ruil foar jonkheid en skientme har magyske krêften opjûn hat. It sechsde magyske beantsje út 'e bûse fan 'e mantel fan 'e heit fan 'e bakker, dat troch de bakker en syn frou fuortsmiten wurdt yn 'e bosk, groeit út ta in nije reuseftige beanstôk, dy't brûkt wurdt troch de frou fan 'e ombrochte reus om út 'e wolkens nei ûnderen te klimmen op 'e siik nei de moardner fan har man. Hja rjochtet yn it keninkryk grutte skea oan en deadet gâns lju, ûnder wa de mem en beppe fan Readkapke. It wâld is troch de ferwoastgings alhiel feroare en nimmen kin it paad nei hûs mear fine. De reuzinne easket de útlevering fan 'e moardner Jaap, oars sil se eltsenien deastampe. Der folget rûzje oer de etyk fan it útleverjen fan 'e jonge. Syn mem komt dêrby om as se fansiden treaun wurdt en ûngelokkich delkomt. Letter komt de frou fan 'e bakker om as se nei har tútsjeboartsjen mei de prins yn in ravyn falt.

De bakker, Jiskepûster, Jaap en Readkapke besykje de uterste oarsaak te finen fan alle tsjinrampen en jouwe inoar de skuld fan alles dat der bard is. Uteinlik beslute se lykwols dat it allegearre de skuld fan 'e hekse is, dy't ek gjin magyske beantsjes ferbouwe moatten hie. De hekse ferflokt harren allegear om harren ûnfermogen om ferantwurding foar harren eigen dieden te nimmen en teffens foar harren wegering om it juste te dwaan (Jaap út te leverjen oan 'e reuzinne). Se smyt al har oerbleaune magyske beantsjes fuort (dy't hastich opsocht wurde troch de oaren om it groeien fan mear reuseftige beanstokken foar te kommen) en ropt har mem oan om har op 'e nij te bestraffen. Dêrop raant se fuort ta in grutte tarreput. Troch gear te wurkjen witte de bakker, Jiskepûster, Jaap en Readkapke de reuzinne te fermoardzjen, hoewol't se harren derfan bewust binne dat wat se dogge eins dreech te rjochtfeardigjen is. Neitiid is de bakker wisberet om in goede heit te wurden foar syn poppe, en ek foar de wezen Jaap en Readkapke, dy't by him yn komme te wenjen. Jiskepûster beslút by har prins wei te gean en ek by de bakker yn te lûken, om him te helpen by de opfieding fan 'e bern.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
James Corden.
 
Emily Blunt.
 
Meryl Streep.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
de bakker James Corden
de frou fan 'e bakker Emily Blunt
de hekse Meryl Streep
Jiskepûster (Cinderella) Anna Kendrick
ferteller James Corden


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Readkapke (Little Red Riding Hood) Lilla Crawford
Jaap (Jack) Daniel Huttlestone
Jaap syn mem Tracey Ullman
de boaze styfmem fan Jiskepûster Christine Baranski
de prins fan Jiskepûster Chris Pine
de Grutte Boaze Wolf Johnny Depp
Rapûnske (Rapunzel) MacKenzie Mauzy
de prins fan Rapûnske Billy Magnussen
Florinda (de iene styfsuster fan Jiskepûster) Tammy Blanchard
Lucinda (de oare styfsuster fan Jiskepûster) Lucy Punch
de reuzinne Frances de la Tour
de steedhâlder Richard Glover
de mem fan Jiskepûster Joanna Riding
de beppe fan Readkapke Annette Crosbie
de heit fan 'e bakker Simon Russell Beale
Molkewyt de ko Tug

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Into the Woods is de filmadaptaasje fan 'e ferneamde musical Into the Woods, mei muzyk fan Stephen Sondheim en teksten fan James Lapine, dy't yn 1986 yn premiêre gie op Broadway. De musical wie ynspirearre troch ferskate mearkes fan 'e bruorren Grimm en Charles Perrault, wêrfan't Jiskepûster, Readkapke, Jaap en de Beanstôk en Rapûnske de filmferzje hellen.

De film ferskilt fan 'e toanielmusical trochdat der njoggen lieten útsnien binne. Fierders waard de rol fan 'e heit fan 'e bakker yn grutte gâns werombrocht, waard de heit fan Jiskepûster hielendal ôftanke en kamen ek it swierwêzen fan Rapûnske en de oerhoer fan 'e prinsen fan Jiskepûster en Rapûnske mei Sniewytsje en Toarnroaske net yn 'e film foar. It lot fan Rapûnske, dy't yn 'e musical deadien wurdt troch de reuzinne, waard feroare, mei't se yn 'e film de hekse oerhearrich wurdt en útnaait mei har prins. Hoewol't by in protte musicalferfilmings feroarings yn it materiaal oanbrocht wurde troch de filmmakkers sûnder ynstimming fan 'e skriuwers fan 'e musical, wie dat diskear sa net en wiene alle oanpassings goedkard troch Sondheim en Lapine.

 
De toer fan Rapûnske yn oanbou by de Abdij fan Waverley.

De film waard regissearre troch Rob Marshall nei in senario skreaun troch Lapine. As produsinten wiene Marshall sels, John DeLuca, Marc Platt en Callum McDougall by it projekt belutsen foar de studio's Walt Disney Pictures, Lucamar Productions en Marc Platt Productions. Der wie foar de film in budget fan $50 miljoen beskikber. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dion Beebe, wylst de filmmuzyk makke waard troch Stephen Sondheim.

Marshall liet de cast yn july 2013 seis wiken rippetearje yn soundstages, wêrnei't yn augustus harren respektivelike lieten opnommen waarden yn 'e Angel Recording Studios yn Londen. De eigentlike opnamen fan 'e film fûnen yn septimber plak yn 'e Shepperton Studios yn it Ingelske greefskip Surrey, en op lokaasje yn it Kastiel fan Dover (Kent), Hambleden, de Abdij fan Waverley, it Park fan Richmond en Windsor Great Park.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Into the Woods waard fersoarge troch Walt Disney Studios Motion Pictures. De film gie op 8 desimber 2014 yn premiêre yn New York, en iepene dêrnei op 25 desimber fan dat jier yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 24 maart 2015 waard Into the Woods útbrocht op dvd en blu-ray en dyselde deis kaam de film ek beskikber as digitale download.

Fan 'e filmkritisy ûntfong Into the Woods oer it algemien positive resinsjes, wêrby't benammen Meryl Streep in protte lof taswaaid krige foar har fertolking fan 'e rol fan 'e hekse. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Into the Woods in frij heech goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 221 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Oer it generaal nommen kin dizze Disney-adaptaasje fan 'e Sondheim-klassiker sûnder swierrichheden op 'e krusing fan Hollywood en Broadway pleatst wurde – ek al tsjusteret er yn 'e lêste lêste akte oan ta syn eigen skea." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Into the Woods in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 41 resinsjes.

 
It Kastiel fan Dover yn Kent gie troch foar it eksterieur fan it kastiel fan 'e prins fan Jiskepûster.

Into the Woods brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $128 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $85,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $213,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $163,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Into the Woods waard yn 2015 nominearre foar trije Oscars, yn 'e kategoryen bêste byrol fan in aktrise (Meryl Streep), bêste produksje-ûntwerp en bêste kostúmûntwerp. By de Golden Globes waard de film ek yn trije kategoryen nominearre: bêste film (musical of komeedzje), bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Emily Blunt) en bêste byrol fan in aktrise (Meryl Streep). Fierders waard Into the Woods nominearre foar in AACTA International Award, twa BAFTA's, in Empire Award, in Kids' Choice Award en in Screen Actors Guild Award.

Sawol Daniel Huttlestone as Lilla Crawford waarden foar harren rollen yn 'e film nominearre foar in Young Artist Award, en Crawford wûn harres. Meryl Streep wûn de MTV Movie Award foar bêste antagonist. Into the Woods sleepte nominaasjes yn 'e wacht foar fjouwer Satellite Awards (wêrûnder bêste kostúmûntwerp, bêste lûdsmontaazje en lûdsmixing en bêste special effects), en wûn de priis foar bêste cast.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.