Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi

(Trochferwiisd fan Return of the Jedi)

Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, oarspronklik útbrocht ûnder de titel Return of the Jedi, is in Amerikaanske science fiction-film út 1983 mei eleminten fan fantasy en aventoerefiksje. It is it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy en it trêde diel fan 'e Skywalker Saga-filmsearje. De film heart as sadanich ta de Star Wars-mediafranchise en is it ferfolch op Star Wars: Episode IV – A New Hope, út 1977 en Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, út 1980. Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi waard regissearre troch Richard Marquand mei yn 'e haadrollen Mark Hamill, Harrison Ford en Carrie Fisher. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering VI – Weromkear fan 'e Jedi".

Star Wars: Episode VI
Return of the Jedi
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Richard Marquand
produsint Howard Kazanjian
útfierend
   produsint
George Lucas
senario Lawrence Kasdan
George Lucas
kamerarezjy Alan Hume
muzyk John Williams
filmstudio Lucasfilm
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Mark Hamill
Harrison Ford
Carrie Fisher
byrollen Billy Dee Williams
Peter Mayhew
David Prowse
James Earl Jones
Ian McDiarmid
Anthony Daniels
Kenny Baker
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 maaie 1983
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk (ek guon optochte talen)
spyltiid 132 minuten
budget en resultaten
budget $32,5 miljoen
opbringst $475,3 miljoen
prizen 1 × Oscar
1 × BAFTA
5 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Skywalker Saga
● foarich diel Star Wars: Episode V – The
   Empire Strikes Back
● folgjend diel Star Wars: Episode I – The
   Phantom Menace
Return of the Jedi wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Return of the Jedi (betsjuttingsside).

De plot fan 'e film giet likernôch in jier nei de foarfallen yn 'e foargeande film fierder. Jedi-ridder Luke Skywalker, prinsesse Leia en harren freonen reizgje ôf nei de woastynplaneet Tatooine om Han Solo te befrijen, dy't noch altyd finzen holden wurdt troch de gangster Jabba de Hutt. Underwilens hâldt de Galaktyske Boargeroarloch tusken it Rebelleferbûn en it Galaktysk Keizerryk noch altyd oan. De boasaardige keizer Palpatine lit in nije Deadsstjer bouwe, en de rebellen binne wisberet om dat massaferneatigingswapen út te skeakeljen ear't it brûkt wurde kin. Dêrta fiert harren float, û.l.f. Lando Calrissian en admiraal Ackbar, in oanfal op 'e Deadsstjer út, wylst in kommando-ienheid oanfierd troch Han en Leia de generatorfasiliteit op it oerflak fan 'e boskmoanne Endor útskeakelje moat, dêr't it enerzjyskyld foar de Deadsstjer opwekke wurdt. Luke besiket ûnderwilens syn heit Darth Vader oer te heljen nei de ljochte kant fan de Krêft. Wat de rebellen net witte, is dat keizer Palpatine harren op alle fronten in stap foar is.

Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes, en ûntjoech him yn 'e bioskopen út ta in ûnbidich kommersjeel súkses en de meast opbringende film fan 1983. De film wûn in Oscar, in BAFTA en fiif Saturn Awards en waard yn 2021 foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it National Film Registry. Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi wie it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. As diel fan 'e Skywalker Saga waard it folge troch Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, dat yn 1999 útkaam.

Yn 'e oarspronklike trailer fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, dy't yn 1982 útkaam, hiet de film Revenge of the Jedi ("Wraak fan 'e Jedi"). Dat kaam út 'e koker fan senarioskriuwer Lawrence Kasdan, dy't tsjin Star Wars-betinker George Lucas sein hie dat Return of the Jedi ("Weromkear fan 'e Jedi") in "swakke titel" wie. Yn desimber fan dat jier besleat Lucas lykwols dat "wraak" wat wie dat Jedi, mei harren ûnderdrukking fan negative emoasjes, nea dwaan soene. Hy besleat dêrom de titel werom te feroarjen yn Return of the Jedi. Tsjin dy tiid wiene der al tûzenen filmposters mei it wurd revenge printe. De 6.800 eksimplaren dy't op dat stuit noch net nei bioskopen ferstjoerd wiene, waarden letter as kuriositeit foar $9,50 it stik oan leden fan 'e Star Wars-fanklub ferkocht.

Letter waard de film mei weromwurkjende krêft omneamd ta Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, om 'e ûnderlinge relaasje fan 'e dielen fan 'e Skywalker Saga dúdlik te meitsjen. Yn 2005 kaam it trêde diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy út ûnder de titel Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith, dy't ferwiist nei de ôftanke titel fan Return of the Jedi.

Likernôch in jier lyn is de opstanneling en smokkelder Han Solo troch Darth Vader, de neiste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine, yn (de fiktive stof) karbonyt ynferzen (sjoch: Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back) en dêrnei oerdroegen oan 'e Mandaloriaanske preemjejager Boba Fett. Dyselde hat him meinommen nei de planeet Tatooine, om him oer te leverjen oan 'e gangster Jabba de Hutt, dy't Han in hege priis op 'e holle set hie nei't er in lading fan Jabba syn smokkelwaar dumpe moast doe't er troch de autoriteiten pakt drige te wurden. De film iepenet as de androïden C-3PO en R2-D2 har yn opdracht fan harren master, de Jedi-ridder Luke Skywalker, nei it fan alderhanne slach kriminelen optillende haadkertier anneks paleis fan Jabba de Hutt bejouwe mei in boadskip fan Luke oan Jabba. Dat boadskip hâldt yn dat Luke mei de gangster ûnderhannelje wol oer de frijlitting fan syn freon Han. Hoewol't Jabba dêr neat fan witte wol, hâldt er likegoed de beide androïden, dy't daliks oan it wurk set wurde: C-3PO as tolk en R2-D2 as ober op Jabba syn swevende plezierjacht.

Koarte tiid letter komt de Ubeeske preemjejager Boushh by Jabba oan 'e doar, dy't as finzene Han syn ko-piloat meifiert, de Wookiee Chewbacca. C-3PO fasilitearret súksesfolle ûnderhannelings oer de priis dy't Boushh foar Chewbacca krije kin. Dy nachts, as it hiele paleis stil is, bejout Boushh him nei it plak dêr't de ynferzen Han Solo troch Jabba as wandfersiering brûkt wurdt. Hy hellet Han omleech en lit him ûntteie. As Han, dy't troch byferskynsels fan 'e befriezing tydlik blyn is, freget wa't syn befrijer is, docht Boushh de momkape ôf en blykt dêrûnder prinsesse Leia beskûl te gean, mei wa't Han in romantyske relaasje hat. Op dat stuit docht lykwols bliken dat Leia yn in falstrik rûn is, mei't der in gerdyn fansiden skood wurdt dêr't Jabba en neiste klyk efter ferburgen binne, en dêr't se al Leia har meneuvels wei folge hawwe. Han wurdt by Chewbacca yn in tsjerker ûnder it paleis smiten, wylst Leia as slavinne, klaaid yn in metalen bikiny, mei in keatling oan 'e troan fan Jabba fêstmakke wurdt.

Wer in skoftke letter arrivearret Luke Skywalker, dy't Bib Fortuna, de majordomo fan Jabba, mei syn Jedi-tsjoenderij wol oer kin. Jabba blykt dêr lykwols ymmún foar te wêzen en iepenet in fallûk dat Luke yn 'e koai falle lit fan 'e rancor dy't Jabba as húsdier hâldt, en dêr't er earder ien fan syn slavinnen, de Twi'lek-dûnseresse Oola, oan opfuorre hat. De slûchslimme Luke wit de rancor lykwols te deadzjen, ta razernij fan Jabba. Dy feroardielet Luke en syn freonen Han en Chewbacca ta de deastraf troch yn 'e sarlacc smiten te wurden, dêr't se libben fertard wurde sille. Dêrta set it hiele selskip op Jabba syn plezierjacht ôf nei it Grutte Gat fan Carkoon, yn 'e woastyn fan Tatooine, dêr't de sarlacc himsels yn 'e ûndergrûn ferankere hat. Fan it wêzen is inkeld in gapjende mûle te sjen, omjûn mei tentakels dy't proaien nei de mûle ta skuorre moatte.

Op it stuit dat Jabba opdracht jout om Luke yn 'e sarlacc te smiten, brekt Luke frij, fangt syn ljochtsabel op, dy't yn it binnenste fan R2-D2 ferstoppe siet en dy't de robot him no tasmyt, en begjint dêrmei op 'e bewekkers yn te houwen. In oare freon fan Han, de gokker Lando Calrissian, dy't as ien fan 'e bewekkers de entoeraazje fan Jabba ynfiltrearre is, brûkt syn ploffer om lofts en rjochts fijannen út te skeakeljen, wylst ek Chewbacca om him hinne begjint te huffen. Ferskate trewanten fan Jabba rûgelje yn 'e sarlacc. Boba Fett, dy't tarist is mei in jetpack, fljocht nei Luke ta om him te oermasterjen, wat yn earste ynstânsje mislearret. As er it jitris besykje wol, warskôget Chewbacca Han dat Boba Fett deunby is. Han, dy't noch altyd fierhinne blyn is, skuort himsels yn 't rûn en treft by ûngelok mei in spear, dêr't er himsels mei bewapene hat, de jetpack fan Fett, dy't lek rekket, sadat Fett stjoerleas yn 'e sarlacc stoart. Yn 'e gaos brûkt prinsesse Lea it keatling dêr't se mei oan it tsjoar lein is om Jabba te wjirgjen dat er it bestjert. Se wurdt befrijd troch R2-D2, dy't it keatling trochslipet, wêrnei't Lando, Luke, Chewbacca, Han, Leia en de beide androïden útpike yn in lânglider, krekt foar't efter harren it plezierjacht fan Jabba eksplodearret.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Wylst de oaren har yn 'e Millennium Falcon nei in moetingspunt bejouwe dêr't de float fan romteskippen fan it Rebelleferbûn gearkomt, reizgje Luke en R2-D2 yn Luke syn X-wjukjager nei de planeet Dagobah. Luke wol dêr syn hommels ôfbrutsen training as Jedi-ridder foltôgje by de âlde Jedi-master Yoda. As er dêr arrivearret, treft er Yoda lykwols oan op syn stjerbêd. Hy seit dat Luke syn training al foltôge hat, en dat er inkeld nochris de konfrontaasje mei Darth Vader oangean moatte sil om himsels in Jedi-master neame te meien. Op Luke syn fersyk befêstiget Yoda dat Darth Vader de wierheid spriek doe't er by syn konfrontaasje mei Luke op Bespin (sjoch: Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back) fertelde dat er nimmen oars as Anakin Skywalker is, de heit fan Luke. Mei syn lêste wurden bringt Yoda út dat der nòch in Skywalker is, foar't er ferstjert en syn stoflik omskot ferdwynt as er ien wurdt mei de Krêft. De geast fan syn eardere master Obi-Wan Kenobi, dy't neitiid oan Luke ferskynt, wol oer Yoda syn lêste, riedselige wurden inkeld kwyt dat Luke in twillingsuster hat, wa har identiteit better geheim bliuwe kin. Luke riedt lykwols dat it Leia is, en Obi-Wan befêstiget dat.

Op it berie fan 'e oanfierders fan 'e opstannelingen makket Mon Mothma, de polityk liedster fan it Rebelleferbûn, bekend dat ûntdutsen is dat it Galaktysk Keizerryk úteinset is mei de boud fan in twadde Deadsstjer, en dat keizer Palpatine dêrop yn heechst eigen persoan tafersjoch hâldt. Der is sadwaande besletten om in wraam op dat romtestasjon anneks massaferneatigingswapen te dwaan en it te ferdylgjen foar't it ree is om ynset te wurden. Dêrta sil mei jagers besocht wurde de reäktorkearn fan it romtestasjon te ferneatigjen, by in oanfal dy't laat wurde sil troch generaal Lando Calrissian op 'e Millennium Falcon, dat it fluchste skip fan 'e float is. De rest fan 'e rebellefloat, ûnder lieding fan admiraal Gial Ackbar, in Mon Calamari, sil dêrby in ûnderstypjende rol spylje troch de Keizerlike stjerreslachskippen op ôfstân te hâlden. In direkte oanfal op 'e Deadsstjer kin lykwols pas slagje nei't it enerzjyskyld dat it romtestasjon beskermet, útset is. Mei't dat opwekke wurdt yn in generatorfasiliteit op 'e boskmoanne Endor, sil dêr in kommando-ienheid fan 'e rebellen ynfiltrearje moatte foar in sabotaazje-aksje. Generaal Han Solo hat oer dy operaasje de lieding krigen, en Chewbacca, Leia en in noch mar krekt fan Dagobah weromkearde Luke jouwe har by him.

It team brûkt in stellen Keizerlik romtefear om ûnopmurken op Endor te kommen. As se de Keizerlike float benei komme, dy't deunby de Deadsstjer leit, fernimt Luke fia de Krêft de oanwêzigens fan Vader oan board fan syn flaggeskip, it stjerreslachskip de Eksekuteur, en beseft er dat it in flater wie om him by de misje te jaan. Vader fielt op syn beurt dat Luke yn it romtefear sit en ûnderstiet de floatkommandant admiraal Firmus Piett dêroer. As dyselde oanbiedt om it romtefear tsjin te kearen, antwurdet Vader lykwols dat er him der sels wol mei rêde sil. De kommando-ienheid kriget tastimming om op Endor te lânjen. Vader giet nei keizer Palpatine, dy't him oan board fan 'e Deadsstjer befynt, en rapportearret de oanwêzigens fan Luke. De keizer hjit him om nei Endor te gean en Luke op te heljen, mei't er in foarsizzend fizioen hân hat dat Luke himsels frijwillich oan Vader oerleverje sil. Dêrnei moat er de jonge Jedi by Palpatine bringe.

Op Endor stjitte de leden fan 'e kommando-ienheid ûnderwilens op in pear mei glydmotors tariste Keizerlike stoarmtroepers, dy't harren it paad nei de generatorfasiliteit tichtsette. As Han en Chewbacca besykje de mannen te oermasterjen, ûntkomt ien fan 'e beiden op syn glydmotor, en in oar pear, dat noch net troch de rebellen opmurken wie, jout him by harren. Luke en Leia geane der op 'e glydmotor fan 'e oermastere stoarmtroeper efteroan, wat liedt ta in spektakulêre efterfolging tusken de beammen troch fan it tuskenbeiden reinwâld fan Endor. Geandewei de efterfolging reitsje Luke en Leia útinoar, en hoewol't de stoarmtroepers dêr't se efteroan sieten, allegear deade wurde, keart Luke allinne nei de kommando-ienheid werom.

Leia is nammentlik har glydmotor kwytrekke, wêrnei't se troch de klap fan har fal in skoftke út 'e tiid rekke is. Hja komt wer by as se fûn wurdt troch Wicket, in jager-sammelder fan 'e Ewoks, in ras fan heallange, pluzige bûtenierdske wêzens dat op Endor lânseigen is. Se wit syn fertrouwen te winnen troch iten mei him te partsjen, en as se neitiid troch twa stoarmtroepers oanfallen wurde en dy tegearre ferslane, skept dat in bân dy't de taalkleau tusken harren oerbrêget. Wicket nimt har mei nei it doarp fan syn stamme, dat heech yn 'e beammen fan it wâld boud is.

Underwilens binne Luke, Han, Chewbacca, C-3PO en R2-D2 op siik gien nei Leia, wêrby't se yn in fâle fan 'e Ewoks rinne en finzen nommen wurde. As de Ewoks de mei fergulde beplating tariste C-3PO sjogge, miene se dat er in god is. Se meitsje foar him in draachstoel wêryn't se him nei harren doarp ta drage, wylst de oaren ûnderstboppest oan lange stokken hingjend meitôge wurde. Yn it doarp oankommen, docht bliken dat foar de karnivoare Ewoks minskefleis in delikatesse is, dat se binne fan doel om harren finzenen oer in kampfjoer te roasterjen. As Leia foar it ferstân kriget wat der geande is, besiket se yn te gripen, mar de oare Ewoks wolle net nei har en Wicket harkje. Dêrop jout Luke C-3PO opdracht en sis dat er lulk wurde en syn magy brûke sil as se syn freonen net loslitte. De Ewoks beslute dat drigemint te negearjen, mar as Luke de Krêft brûkt om C-3PO mei stoel en al twa koppen boppe de Ewoks sweve te litten, bine se gau-gau yn en litte se de finzenen frij.

Neitiid bliuwe de rebellen as gasten de nacht oer yn it Ewok-doarp, dêr't C-3PO, dy't seis miljoen foarmen fan kommunikaasje behearsket, de stamme dy jûns it ferhaal fertelt fan 'e ûngelikense striid fan it Rebelleferbûn tsjin it Galaktysk Keizerryk. Luke nimt Leia apart en fertelt har dat sy syn twillingsuster is en dat Darth Vader harren heit Anakin Skywalker is. Hy seit ek dat er mei syn oanwêzigens de hiele misje yn gefaar bringt, mei't hy en Vader inoar troch de Krêft gewaarwurde kinne. Dêrom is er fan doel Vader op te sykjen, dy't him no op it planeetoerflak fan Endor befynt. Ynstee fan de konfrontaasje mei him oan te gean, sa't Yoda en Obi-Wan wolle, sil er lykwols besykje om Vader oer te heljen nei de ljochte kant fan 'e Krêft, want hy is derfan oertsjûge dat er net folslein kwea is.

De oare moarns jout Luke himsels oer oan Vader. Hy praat op him yn en seit dat er net leauwe kin dat de keizer al it goede yn him bedjerre kinnen hat. Vader fertelt him lykwols dat er himsels foar de gek hâldt, en hy wegeret de tsjustere kant fan 'e Krêft ôf te swarren. Ynstee nimt er Luke mei nei de Deadsstjer, dêr't er him foar de keizer bringt. Dyselde besiket Luke oer te heljen nei de tsjustere kant fan 'e Krêft, troch him tajaan te litten oan negative emoasjes, lykas hate en wraaksucht. Hy brûkt dêrfoar Luke syn leafde foar syn freonen, troch oan him út te bringen dat it kommandoteam op Endor en de rebellefloat op it punt steane om yn 'e fâle te rinnen. Op Endor brekt it team fan Han en Leia yn 'e generatorfasiliteit yn en risselwearret om it hiele gebou op te blazen. Op it lêste momint wurde se lykwols oerweldige troch in hiel legioen stoarmtroepers, ûnderstipe troch AT-ST-rinners, dy't harren út in sideplak wei oer it mad komme. Underwilens arrivearje Lando Calrissian mei syn taakgroep en de rebellefloat fan admiraal Ackbar yn it planetestelsel fan Endor foar harren wraam op 'e Deadsstjer. It docht lykwols bliken dat it enerzjyskyld noch aktyf is, sadat de oanfal ôfbrutsen wurde moat, wylst de Keizerlike float harren ôftocht behinderet.

 
Waaksen bylden fan Darth Vader (l.) en Luke Skywalker (rj.) ferwikkele yn in duël mei ljochtsabels, mei op 'e eftergrûn it tasjende figuer fan keizer Palpatine. In tafriel út Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.

De keizer fertelt Luke tige selsfoldien dat de Deadsstjer, hoewol noch net ôfboud, al folslein operasjoneel is, alteast wat de superlaserkanonnen oangeane dêr't hiele planeten mei opblaasd wurde kinne. Hy demonstrearret dat troch der ien fan 'e krusers fan 'e rebellefloat mei op te blazen. Keizer Palpatine ferget Luke derop om ta te jaan oan syn lulkens, en Luke reägearret troch syn ljochtsabel te gripen, dy't de keizer him foarhâldt. As er dêrmei de keizer oanfalle wol, komt Vader lykwols mei syn eigen ljochtsabel tuskenbeiden, en der ûntjout him in duël tusken heit en soan. Under it gefjocht wurdt Vader fia de Krêft út Luke syn tinzen gewaar dat Luke in suster hat en hysels dus in dochter. As er lykwols oppenearret dat dy miskien better meiwurkje wol, ûntstekt Luke yn razernij en raamt er op Vader yn oant er him de rjochterhân ôfhout, dat in proteze blykt te wêzen, krekt sa't Luke syn eigen rjochterhân ek in proteze is.

Admiraal Ackbar wifket oft er besykje moat om 'e rebellefloat te rêden troch út te piken, mar Lando hellet him oer om troch te setten, mei't er fertrouwen hat yn syn freon Han. Om oan it fjoer fan 'e superlaserkanonnen fan 'e Deadsstjer te ûntkommen, falle de rebellen de stjerreslachskippen fan 'e Keizerlike float fan deunby oan, mei't de Deadsstjer syn massaferneatigingswapens dan net ynsette kin sûnder ek de eigen float te reitsjen. Op befel fan admiraal Ackbar konsintrearje de rebellen al harren fjoer op it skip fan admiraal Piett, de Eksekuteur. Nei't in stjoerleas rekke jager fan 'e rebellen him yn 'e brêge fan dat skip boarre hat, rekket it stjoerleas en komt it yn botsing mei de folle gruttere Deadsstjer, wêrnei't it ûntploft yn in reuseftige fjoersee, dêr't alle opfarrenden by omkomme.

Op Endor wurde de Keizerlike stoarmtroepers ûnferhoeds oanfallen troch de Ewoks, dy't Han en Leia-en-dy te help komme. Hoewol't se tarist binne mei primitive wapens, lykas spearen en slingers, witte se ferskate stoarmtroepers út te skeakeljen. Oaren wurde deade as se de alle kanten út spattende Ewoks efterfolgje, it wâld yn, dêr't yn 't foar ferskate yngenieuze mûklagen taret binne. Hoewol't se swiere ferliezen lije, witte de Ewoks sels guon AT-ST-rinners ûnskealik te meitsjen. Underwilens brekke de kriichsfinzen rebellen los. Wylst Han, Leia en de androïden besykje yn 'e wer hermetysk ôfsletten generatorfasiliteit yn te brekken, jout Chewbacca him by de Ewoks. Hy en twa fan 'e lytse krigers witte in AT-ST bút te meitsjen, wat in kearpunt yn 'e striid is. Mei de wiere plofferkanonnen fan 'e rinner meitsje se koart wurk fan 'e stoarmtroeperynfantery en teffens fan 'e oare AT-ST's. Neitiid docht Han him foar as de piloat fan 'e AT-ST, dy't weromkeart is om te rapportearjen dat de striid wûn is. Sa wit er de kommandant fan 'e generatorfasiliteit safier te krijen dat dy sels de doar iependocht. It oerbleaune Keizerlik personiel yn 'e fasiliteit wurdt dan kriichsfinzen nommen en de fasiliteit sels wurdt op strategyske plakken fan eksplosiven foarsjoen en opblaasd.

Yn 'e Deadsstjer fiteret keizer Palpatine Luke oan om syn gefjocht mei Vader ôf te meitsjen troch Vader te deadzjen. Hy kin dan syn heite plak oan 'e rjochterhân fan 'e keizer ynnimme. Luke wegeret lykwols en makket dúdlik dat er him nea ta de tsjustere kant fan 'e Krêft ferliede litte sil. Dêrop ûntstekt de keizer yn grutte grime en begjint Luke troch elektrokúsje mei Krêftwjerljocht te marteljen. As er op it punt stiet om Luke te deadzjen, komt Vader einlings en te'n lêsten ta ynkear, mei't er net tasjen kin hoe't syn bloedeigen soan deamakke wurdt. Hy kriget de keizer op en smyt him yn in reäktorskacht, sadat er fier yn 'e djipte te pletter falt. Dêrby rekket Vader lykwols deadlik ferwûne troch Krêftwjerljocht fan 'e keizer. Op fersyk fan Vader docht Luke him syn helm en masker ôf, wêrnei't Anakin Skywalker fredich ferstjert yn 'e earms fan syn soan.

Nei't it enerzjyskyld fan 'e Deadsstjer fuortfalt, kinne Lando en syn jagertaakgroep einlings harren langferwachte oanfal útfiere, wêrby't se troch de iepen struktuer fan it noch ûnfoltôge romtestasjon streekrjocht nei de kearn fleane kinne. Wylst de oare rebellen de measte Keizerlike TIE-jagers fuortlokje, ferneatigje Lando yn 'e Millennium Falcon en Wedge Antilles yn syn X-wjukjager de reäktorkearn. Dat bringt in keatlingreäksje op gong dy't de hiele Deadsstjer yn in reuseftige fjoerbal útinoar spatte lit. Luke wit mei it stoflik omskot fan syn heit yn in Keizerlik romtefear krekt op 'e tiid fuort te kommen. Op it oerflak fan Endor oankommen, kremearret er syn heit by in seremoanje dy't er geheim hâldt. Neitiid jout er him yn it Ewok-doarp by de oare rebellen, dy't de oerwinning fiere mei de Ewoks. Han nimt Leia apart om tsjin har te sizzen dat er it wol begrypt as sy yn harren trijehoeksferhâlding foar Luke kieze sil ynstee fan foar him. Mar Leia ferrast him mei it nijs dat Luke har broer is, wêrnei't se Han tutet. Wylst it oerwinningsfeest yn folle gong is, wurdt Luke de geasten fan Obi-Wan, Yoda en de ferloste Anakin Skywalker gewaar, dy't goedgeunstich op him delsjogge.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Mark Hamill yn 2019.
 
Carrie Fisher yn 2013.
 
Harrison Ford yn 2017.
 
Ian McDiarmid yn 2020.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                                              
Luke Skywalker Mark Hamill
Han Solo Harrison Ford
prinsesse Leia Organa Carrie Fisher


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Lando Calrissian Billy Dee Williams
Chewbacca Peter Mayhew
Darth Vader David Prowse (fysyk) en James Earl Jones (stim)
keizer Palpatine Ian McDiarmid
C-3PO Anthony Daniels
R2-D2 Kenny Baker
Yoda Frank Oz (poppespul en stim)
Jabba de Hutt Toby Philpott, Mike Edmonds en David Barclay (poppespul) en Larry Ward (stim)
Wicket Warwick Davis
admiraal Gial Ackbar Tim Rose (fysyk en poppespul) en Erik Bauersfield (stim)
geast fan Obi-Wan Kenobi sir Alec Guinness
Anakin Skywalker Sebastian Shaw
Bib Fortuna Michael Carter (fysyk) en Erik Bauersfeld (stim)
Wedge Antilles Denis Lawson
admiraal Firmus Piett Kenneth Colley
Mon Mothma Caroline Blakiston
Boba Fett Jeremy Bulloch
Paploo Kenny Baker
Teebo Jack Purvis
Logray Mike Edmonds
stamhaad Chirpa Jane Busby
Oola (Twi'lek-dûnseresse) Femi Taylor
generaal Madine Dermot Crowley
moff Jerjerrod (kommandant 2e Deadsstjer) Michael Pennington
Boushh Pat Welsh (stim)
Nien Numb Richard Bonehill (fysyk), Mike Quinn (poppespul) en Bill Kipsang Rotich (stim)
Sy Snootles Mike Quinn en Tim Rose (poppespul) Annie Arbogast (stim)
obese dûnseresse Claire Davenport
Salacious B. Crumb Tim Rose (poppespul) en Mark Dodson (stim)
Ree-Yees Paul Springer (fysyk) en Mike Quinn (poppespul)
Max Rebo Simon J. Williamson
Wol Cabbashite Mike Quinn (poppespul)
Droopy McCool Deep Roy
Amanaman Ailsa Berk
de rancor Phil Tippett en Michael McCormick (poppespul)
Ewok-kriger #1 Malcolm Dixon
Ewok-kriger #2 Mike Cottrell
kaptein fan stjerreslachskip #1 Pip Miller
kaptein fan stjerreslachskip #2 Tom Mannion

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Foarskiednis

bewurkje seksje

Krekt as nei Star Wars: Episode IV – A New Hope, waard nei it súkses fan Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back troch filmstudio Lucasfilm gau in folgjend diel fan 'e Star Wars-rige yn preproduksje nommen. Dêrby ferfong Howard Kazanjian, dy't as ko-produsint by de foargeande film belutsen west hie, Gary Kurtz as produsint. Krekt as by The Empire Strikes Back lei Star Wars-betinker George Lucas út eigen bûse in grut part fan it budget yn, dat $32,5 miljoen bedroech, wylst de film foar de rest wer finansierd waard troch 20th Century Fox. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alan Hume, en de filmmuzyk waard wer fersoarge troch John Williams.

 
George Lucas, de betinker fan Star Wars.

Lucas hie noch altyd gjin sin om sels wer op 'e regisseursstoel plak te nimmen, en Irvin Kershner, dy't de foargeande film regissearre hie, fûn ien Star Wars-film moai genôch, dat Lucas sette útein mei in siiktocht noch in nije regisseur. Syn earste kar wie syn freon Steven Spielberg, mar om't se allebeide spul hiene mei it Director's Guild of America, ferbea dat fakbûn dy gearwurking. David Lynch wegere om't er nei eigen sizzen "buorman wie fan nul belangstelling". David Cronenberg betanke foar de ear om't er oare films op steapel hie. Uteinlik foel de kar op Richard Marquand. Om't dyselde net folle ûnderfining hie mei special effects, wie Lucas, dy't himsels wer de funksje fan útfierend produsint taparte hie, gauris op 'e filmset te finen om in eachje yn it seil te hâlden. Marquand koe dat net altyd wurdearje. Yn 2005 seid er, dêrop weromsjend: "It [hie] der wol wat fan om King Lear te regissearjen mei Shakespeare yn 'e oanbuorjende keamer."

It wie de fraach oft akteur Harrison Ford foar in trêde Star Wars-film weromkeare soe. Oars as Mark Hamill, Carrie Fisher en oare leden fan 'e cast, dy't foar twa ferfolchfilms tekene hiene, makke it kontrakt fan Ford gewach fan mar ien ferfolchfilm. Dat wie de echte reden dat it personaazje fan Han Solo (spile troch Ford) oan 'e ein fan Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back yn karbonyt beferzen waard. Troch it ûnbidige súkses fan Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark (1981) wie Ford ek bûten Star Wars om in filmstjer wurden, en Lucas wie der wis fan dat er gjin ynteresse hawwe soe foar in trêde Star Wars-film. Produsint Howard Kanzanjian (dy't ek Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark produsearre hie), helle Lucas lykwols oer om him mei Ford en dy syn ympressario ûnderhannelje te litten, en wist mei harren ta oerienstimming te kommen.

 
Lawrence Kasdan yn 2015.

It senario foar wat Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi wurde moast, waard skreaun troch Lawrence Kasdan en George Lucas, dy't ek it senario fan Star Wars: Episode I – The Empire Strikes Back fierhinne tegearre beävensearre hiene. Senarioskriuwer David Peoples en regisseur Richard Marquand diene der bydragen oan, mar waarden dêrfoar net neamd op 'e ôftiteling. It senario kaam pas frij let yn it preproduksjestadium ree, rom nei't in produksjeskema opsteld en it budget berekkene wie. Dat wie wol wat it hynder efter de wein spannen, en it produksjeteam moast ynstee fan op it senario fertrouwe op Lucas syn wiete-fingerwurk.

It wie oarspronklik net de bedoeling dat Yoda yn 'e nije film foarkomme soe, mar Marquand wie sterk fan miening dat in weromkear fan Luke Skywalker nei de planeet Dagobah (dêr't Yoda wennet) essinsjeel wie foar it oplossen fan it dilemma dêr't de sjoggers oan 'e ein fan 'e The Empire Strikes Back mei opseale wiene: spriek Darth Vader no de wierheid doe't er tsjin Luke sei dat er syn heit wie of net? Nei't Lucas mei in bernepsycholooch praat hie, dy't him fertelde dat bern derta oerhingje soene om sa'n iepenbiering te negearjen as dy kaam út in ûnbetroubere boarne as Darth Vader, besleat er in sêne yn te foegjen wêryn't Yoda de wurden fan Vader befêstige.

Wylst dy fernijing let noch yn it skript ferwurke waard, hellen in protte oare ideeën út it oarspronklike skript de film krekt net. Sa wie it earst de bedoeling dat de generatorfasiliteit op Kashyyyk stean soe, de thúswrâld fan 'e Wookiees. Mar Lucas kedize op in stuit dat de Wookiees net foldiene om't harren kultuer te technologysk ûntwikkele wie. Dat hy houde in Wookiee midstwa en hold in lyts pluzich wêzentsje oer dat er in Ewok neamde (de wurdlidden fan 'Wookiee' omdraaid). Ek soene earst Obi-Wan Kenobi, Yoda en Anakin Skywalker nei de dea fan keizer Palpatine wer ta libben komme út harren bestean as geasten yn de Krêft, mar dêr waard fan ôfsjoen.

Harrison Ford fûn dat Han Solo yn 'e film stjerre moast troch in die fan selsopoffering. Dat liek Kasdan skoan ta, en hy woe dat barre litte earne oan it begjin fan 'e trêde akte, om by it publyk twifel te siedzjen oer de fraach oft de oare protagonisten de film wol oerlibje soene. Lucas woe fan dat idee lykwols neat witte en lei der op besliste wize it near op. Neffens Gary Kurtz, de produsint fan 'e foargeande beide Star Wars-films, wie Lucas, dy't sels troch in flater fan 20th Century Fox alle rjochten op 'e merchandising fan Star Wars yn besit hie, benaud dat de dea fan Han Solo de ferkeap fan Han Solo-action figures negatyf beynfloedzje soe. Harrison Ford wie it dermei iens dat dat Lucas syn efterlizzende motivaasje wie. De dea fan Han soe yn 't fet bliuwe oant er, op hast persiis deselde wize as Kasdan en Ford foarsteld hiene, oan syn ein kaam yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017).

 
It Steatspark Grizzly Creek Redwoods yn Kalifornje, dat yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi trochgie foar it lânskip fan 'e boskmoanne Endor.

De opnamen foar Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi setten op 11 jannewaris 1982 útein en duorren oant 20 maaie fan dat jier. It projekt krige de opsetlik misliedende wurktitel Blue Harvest ("Blauwe Rispinge"), mei as ûndertitel Horror Beyond Imagination ("Ferskrikkings dy't it Ynbyldingsfermogen Foarby Geane"). Sa koe der filme wurde sûnder dat fans en de media de filmcrew hieltyd foar de fuotten rûnen, en it gie ek it opdriuwen fan 'e prizen tsjin troch tsjinsteleveransiers lykas caterers.

De binnendoarsênes waarden, krekt as by de beide foargeande Star Wars-films, opnommen yn 'e Elstree Studios yn it Ingelske Hertfordshire, ûnder de reek fan Londen. De opnamen dêre namen 78 dagen yn beslach. Yn april ferhuze de produksje nei de omkriten fan Yuma, yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Arizona, dêr't yn 'e woastyn de sênes yn 'e bûtenlucht op Tatooine filme waarden. Twa wiken letter waard ôfset nei it Steatspark Grizzly Creek Redwoods, yn 'e neite fan Crescent City, yn Noardlik Kalifornje, dêr't de sênes yn it wâld op Endor opnommen waarden. De kremaasje fan Darth Vader waard filme op 'e Skywalker Ranch fan George Lucas yn Nicasio, yn Kalifornje.

Postproduksje

bewurkje seksje

Yn 'e postproduksjefaze waarden de special effects tafoege troch Lucas syn bedriuw Industrial Light & Magic (ILM). Dêrby gie it om likernôch 900 shots. De ûnderfining dy't opdien wie mei de beide foargeande Star Wars-films makke dat it wurk diskear flotter eine, mar dêr stie foaroer dat it bedriuw diskear tagelyk ek oan oare films wurke. Al rillegau moast der 20 oeren deis, seis dagen yn 'e wike trochwurke wurde (net altyd troch deselde wurknimmers, nei't men oannimme mei) om 'e effekten op 'e tiid klear te krijen.

 
It oarspronklike logo fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 25 maaie 1983 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn maaie 1983 by platemaatskippij RSO Records. Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi ferskynde tusken 1986 en 1995 ferskate kearen as VHS-keapfideo. Op 21 septimber 1997 brocht George Lucas in remastere ferzje fan 'e film, dy't bekend stiet as de special edition, op 'e nij yn bioskopen. It wie dy ferzje dy't yn 2004 foar it earst op dvd ferskynde, yn in boxset mei Star Wars: Episode IV – A New Hope en Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back. Yn 2011 kaam Return of the Jedi foar it earst út op blu-ray, ek wer yn 'e mande mei de oare dielen fan 'e trilogy.

Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi oer it algemien positive resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie tige entûsjast oer de film, dy't er 4 fan 4 stjerren joech. Hy omskreau de film as "folslein fermaak, in feest foar it each en in genot foar de fantasij." Syn kollega Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi ek 4 fan 4 stjerren ta. Hy skreau: "Fan it momint ôf dat de bekende ynliedende wurden fan Star Wars oer it skerm begjinne te krûpen, is Return of the Jedi in genot om te sjen, as wiene je wer in bern. […] En foar profesjonele bioskoopbesikers is it yn it bysûnder oangenaam om elts faset fan it proses fan it meitsjen fan in film op syn bêst te sjen."

Yn The Washington Post skreau Gary Arnold: "Return of the Jedi, in prestaasje fan massabetsjoening, set de […]puntsjes op 'e i foar George Lucas syn Star Wars-searje. It wie it wachtsjen wurdich […]." Colin Greenland fan it tydskrift Imagine skreau: "Je soene tinke dat in searje as Star Wars, oandreaun troch publike bewûndering, útrôljend op 'e hyperoandriuwing fan syn eigen hyperboalen, ûntsjinkearber minder wurde soe. Dat is net sa. Hy wurdt krekt better." Neffens Sheila Benson fan 'e Los Angeles Times wie de film "folslein befredigjend. […] [D]er is in gefoel fan it sluten fan in sirkel, fan it efterlitten fan wiere freonen. Dat wurdt berikt mei in gewicht en in nije folwoeksenens dy't alhiel tapaslik lykje, en dochs hat de film neat ferlern fan syn wille […]."

Net alle resinsinten wiene like posityf. James Harwood fan it tydskrift Variety neamde de film "in fisuele traktaasje fan begjin oant ein", mar hy fûn dat "Hamill net genôch in dramatyske akteur is om hjir de plotlading te dragen." En Harrison Ford "is diskear mear yn lichem as geast oanwêzich." Fierders fûn er dat Carrie Fisher en Billy Dee Williams it wat sitte lieten, yn ferhâlding ta harren aktearprestaasjes yn 'e foargeande films. "Mar Lucas en regisseur Richard Marquand hawwe sokke flaters fan akteurs oerweldige mei in wierlik ferbjusterjend skala fan wêzens, âld en nij, plus de bekende romtefearthardware."

 
Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi draait yn 1983 yn it University Theatre yn Toronto.

In protte kritisy beskôgen Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi as it swakste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy. Sa neamde Vincent Canby fan The New York Times it "fierwei it dompichste aventoer fan 'e trije". En ynternetfilmkritikus James Berardinelli skreau dat de film "fierwei de swakste fan 'e searje" wie. Gerald Clarke, fan it tydskrift Time, skreau dat hoewol't Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi "net sa spannend wie as de earste Star Wars-film", hy lykwols "better en befredigjender " wie as Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back. Ta einbeslút wiene der dan noch inkelingen dy't hielendal net oer de film mochten, lykas Christopher John fan Ares Magazine, dy't spriek fan "in mislearring", en Pauline Kael fan it blêd The New Yorker, dy't Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi omskreau as "in ûnpersoanlik stikje filmmakkerij en eins rotsoai."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi in goedkarringspersintaazje fan 82%, basearre op 96 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't de film de sinematyske hichtepunten fan syn foargongers net belykje kin, is Return of the Jedi dochs in ûnderhâldend science fiction-aventoer en in passende ein foar de klassike trilogy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 24 resinsjes. Yn 2021 waard Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back troch de Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it National Film Registry omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde.

Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $309,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $166,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $475,3 miljoen. Dêrmei wie Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back de meast opbringende film fan 1983. Ofset tsjin it budget fan $32,5 miljoen betsjut dat in winst fan $442,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Yn 1984 waard Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi nominearre foar 5 Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste orizjinele filmmuzyk, bêste lûdsmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste artdirection. De film wûn de Oscar foar spesjale prestaasje op it mêd fan special effects (Richard Edlund, Dennis Muren, Ken Ralston en Phil Tippett). De film waard net nominearre foar in Golden Globe.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi nominearre yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste lûd, bêste produksje-ûntwerp en bêste fisazjy en hierstilearring. De film wûn de BAFTA foar bêste special effects.

By de Saturn Awards waard Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi nominearre foar tsien prizen, wêrûnder bêste regisseur, bêste aktrise (Carrie Fisher), bêste byrol fan in akteur (Billy Dee Williams), bêste senario en bêste filmmuzyk. De film wûn de Saturns foar bêste science fiction-film, bêste akteur (Mark Hamill), bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy en bêste special effects.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)