Tinken

(Trochferwiisd fan Tinzen)

Tinken of prakkesearjen is it hawwen fan in tinzen of gedachten. In tins is eat dêr't men him efkes bewust fan is.

Auguste Rodin: De Tinker

In tins kin samar opkomme, fanút it ûnderbewuste of fuortkomme út oare bewuste gedachten - de iene gedachte kin ta de oare liede. In gedachte kin oproppen wurde troch waarnimmingen - in byld, geur of lûd.

Men kin syn gedachten de frije loop litte, of mei opsetsin syn gedachten earne op rjochtsje. It earste hjit 'frije assosjaasje' of 'drôgje'; it twadde hjit konsintraasje of eat 'oertinke'.

Gedachten kinne mar ta bepaalde hichte stjoerd wurde. As immen troch in eksterne prikel ôflaat wurdt, bygelyks troch it oergean fan in telefoan, dan kin de konsintraasje ferbrutsen wurde.

De gedachten komme fuort út it bewustwêzen en it ûnderbewustwêzen. Troch waarnimmingen (troch de sintugen dien) berikt ynformaasje de harsens, dêr't it bewust of ûnbewust yn it ûnthâld opslein wurdt. It oertinken fan dizze opsleine ynformaasje binne tinzen.

Faktoaren dy't it tinken beynfloedzje
  • Karakter
  • Emoasjes (gefoelens)
  • Fermogen om te ûnthâlden (lange- en koartetermyngeheugen)
  • Al foarme ynsichten (ynformaasje dy't al oertocht is)
  • Fermogen om ynsichten te foarmjen (mearfâldige yntelliginsje)
  • Ynfloeden fan bûtenôf (waarnimmings)
  • Kondysje en stofwikseling (fitheid en opname fan fiedingsstoffen)

Typen tinzen

bewurkje seksje

Tinzen wurde wol yndield yn ferskillende types, lykas goede en minne tinzen, positive en negative gedachten[1], en obsessive en ferwerplike tinzen[2]. Dy ûnderferdieling is wichtich yn psychoterapy en religy. De krekte ynfolling dy't dêroan jûn wurdt ferskilt tusken de ferskillende psychoterapyen en religys.

Boeddha rekkene ta de goede gedachten gedachten oer ôfstân dwaan, gedachten fan goede wil en geweldleaze gedachten. Ta de minne gedachten rekkene hy gedachten oer sensueel ferlangen, gedachten fan kweade wil en gewelddiedige gedachten[3]. In moderne soarte terapy dy't dêrop basearre is, is de oandachtsrjochte kognitive terapy.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ratio versus frequency scores: Focus of attention and the balance between positive and negative thoughts, Cognitive Therapy and Research, Volume 14, nûmer 3 / juny, 1990
  2. Tiidskrift foar Psychiatry - Contents of issue 2003/12
  3. MN19, Dvedhavitakka Sutta - Twa soarten gedachten (in taspraak fan de Boeddha)