AT-AT
In AT-AT (eins in Ingelske ôfkoarting foar: All Terrain Armored Transport, "Pânsere Transportfiertúch foar Alle Terreinen") is in fiktyf militêr ferfiermiddel en wapen út 'e Star Wars-franchise. It is in pânsere rinner, dy't himsels op fjouwer grutte meganyske skonken fuortbeweecht, bedoeld foar dreech begeanber terrein. De AT-AT hat de foarm fan in reuseftich fjouwerpoatich bist, mei in hichte fan 22,2 m, in lingte fan 25,9 m en in faasje fan maksimaal 60 km/o. It fiertúch is yn it foarste plak ûntwurpen foar it ferfier fan (maksimaal 40) soldaten, dy't yn 'e 'romp' meifierd wurde, wylst de bestjoerder (de 'piloat') yn 'e 'kop' sit, yn 'e mande mei in kanonnier en in kommandant. It fiertúch is tarist mei twa swiere plofferkanonnen dy't oan 'e foarkant fan 'e 'kop' sit.
De AT-AT is in ikoanysk en fuortendaliks werkenber ûnderdiel fan Star Wars, dat fral bekend waard út 'e film Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, út 1980. Dêryn falle stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk in basis fan it Rebelleferbûn op 'e iisplaneet Hoth oan. Se lânje in hiel ein fan 'e basis ôf, wêrnei't de ynfantery yn AT-AT's fierder nei de basis ferfierd wurdt. De sênes mei de AT-AT's waarden filme troch it gebrûk fan minatueren en stop-motionanimaasje. Yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) is in ferrinnewearre AT-AT te sjen, dy't fungearret as wente foar de haadpersoan, de rommelsykster Rey.
Yngenieurs en militêr ekspêrs dy't har yn 'e AT-AT ferdjippe hawwe, binne ienriedich fan betinken dat it eins, omreden fan ferskate grutte flaters, in yneffektyf ûntwerp is. Sa wiisde dr. Malcolm Davis, direkteur fan it Definsje- en Strategy Programma fan it Australysk Strategysk Beliedsynstitút (ASPI), der yn 2017 op dat it grutte swakke punt fan 'e AT-AT de poaten binne. Hoewol't in rinner, oars as bgl. in tank, wol oer obstakels hinne stappe kin, is it ûnmooglik om 'e poaten hurd bewege te litten, wat in faasje fan 60 km/o, sa't Star Wars hawwe wol, ûnhelber makket. Boppedat hoecht der mar ien poat defekt te reitsjen, en dan trûdelet it hiele gefaarte om. De pleatsing fan 'e iennichste wapens yn 'e kop is ek problematysk, en soarget foar in beheind sjitfjild, wylst it de grutte rjochtoppige sydkanten fan 'e AT-AT folslein warleas lit foar fijannich fjoer.
Joe Pappalardo fan it Amerikaanske tydskrift Popular Mechanics wie it dêr yn 2015 mei iens. Hy neamde de AT-AT in min ûntwurpen transportfiertúch, dat stadich, topswier en kwetsber yn 'e poaten is en troch syn ûnbidige grutte yn alle terreinen sa opfalt dat it op gjin inkele manear ferburgen wurde kin. Pappalardo konkludearre dat it Keizerryk de Slach om Hoth folle makliker en flugger winne kinnen hie as der lytsere en mear konvinsjonele troepetransportfiertugen ynset wiene.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |