Martinair (formiele benamming: Martinair Holland N.V.) is in Nederlânske loftfeartmaatskippij, dy't sûnt 2011 allinnich fracht ferfiert. It bedriuw waard 1958 oprjochte troch Martin Schröder en John Block ûnder de namme Martin's Air Charter.

Martinair
Logo
IATA

MP

ICAO

MPH

Ropteken

MARTINAIR

In MD-11F fan Martinair by de lâning op Skiphol
In MD-11F fan Martinair by de lâning op Skiphol
Algemien
Oprjochte 24 maaie 1958
Haadkertier Skiphol-East, Nederlân
Hub(s) Lofthaven Amsterdam Skiphol
Floatgrutte 8
Bestimmings 32
Memmebedriuw Air France-KLM
Kaaifigueren Martin Schröder, oprjochter
Marcel de Nooijer, direkteur
Offisjele webside
martinair.com

De float fan Martinair bestiet july 2015 út 8 tastellen.

Fleanmasine Tal Opmerkings
Boeing 747-400ERF 3 Leased fan 'e KLM
Boeing 747-400BCF 1 Ut 'e float yn 2015
McDonnell Douglas MD-11F 4 Ut 'e float yn 2016
  • 4 desimber 1974 fleach in Douglas DC-8 fan Martinair yn Sry Lanka tsjin in berch. Alle ynsittenden, 184 Yndonezyske passazjiers en 7 Nederlânske bemanningsleden, kamen om hals.
  • 21 desimber 1992 ferûngelokke in Douglas DC-10 fan Martinair tidens de lâning op 'e lofthaven fan Faro yn it suden fan Portugal. It tastel hie 13 bemanningsleden en 327 passazjiers oan board, dy't de krystfakânsje oan 'e Algarve slite woenen. 54 passazjiers en 2 bemanningsleden kamen om hals.