Lofthaven Skiphol is de grutste lofthaven fan Nederlân. Nei Londen Heathrow, Parys-Charles de Gaulle, Frankfurt am Main en Istanbûl Atatürk is it de fyfde drokste lofthaven fan Jeropa. Skiphol leit yn 'e gemeente Haarlimmermar, sa'n 15 kilometer besúdwesten Amsterdam.
Lofthaven Skiphol Amsterdam Airport Schiphol
|
|
|
Algemien
|
Oprjochte |
17 maaie 1920
|
Type |
Publyk
|
Eigener |
Skiphol-Groep
|
Lokaasje |
Haarlimmermar, Nederlân
|
Hichte |
3,35 meter ûnder NAP
|
Webside |
www.schiphol.nl
|
Startbanen
|
Baan
|
Lingte |
Materiaal
|
18R/36L |
3.800 m |
Asfalt
|
06/24 |
3.500 m |
Asfalt
|
09/27 |
3.450 m |
Asfalt
|
18L/36R |
3.400 m |
Asfalt
|
18C/36C |
3.300 m |
Asfalt
|
04/22 |
2.014 m |
Asfalt
|
|
Skiphol is de thúshaven fan 'e Nederlânske loftfeartmaatskippijen Arke, Corendon Dutch, KLM, KLM Cityhopper, Martinair Cargo en Transavia. Fierders is it in hub fan 'e bûtenlânske loftfeartmaatskippijen Delta Air Lines, easyJet en Vueling. De lofthaven leit inkelde meters ûnder seenivo en hat seis start- en lâningsbanen. Op it plak dêr't Skiphol no leit, hat earder it doarp Ryk lein. De namme "Skiphol" wurdt ek brûkt as plaknamme, krekt as Skiphol-East en Skiphol-Ryk.
De lofthaven is eigendom fan 'e Skiphol-Groep (formele namme: "N.V. Luchthaven Schiphol"), mei as oandielhâlders de Nederlânske Steat, gemeente Amsterdam en gemeente Rotterdam.
|
|
|
Jier |
Passazjiers
|
2010 |
45.211.749
|
2011 |
49.755.252
|
2012 |
51.035.590
|
2013 |
52.569.200
|
|
Op Skiphol startte en lâne it folgjend tal fleanmasines:[2]
|
|
|
Jier |
Fleantúchbewegings
|
2012 |
423.407
|
2013 |
425.565
|
2014 |
438.300
|
|