Transavia (offisjeel: Transavia Airlines C.V.) is in Nederlânske loftfeartmaatskippij dy't yn 1965 oprjochte waard. It bedriuw makket diel út fan de Air France-KLM-groep en is nei de KLM de grutste maatskippij fan Nederlân. De wichtichste thúshaven fan Transavia is Skiphol, mar ek op de lofthavens fan Rotterdam en Eindhoven binne fleantugen stasjonearre. Fierders wurde fan Eelde ôf ferskate fleanferbinings ûnderholden. De bestimmings fan Transavia lizze yn Jeropa, Afrika en Aazje.

Transavia
Logo
IATA

HV

ICAO

TRA

Ropteken

TRANSAVIA

In Boeing 737 yn it nije kleureskema
In Boeing 737 yn it nije kleureskema
Algemien
Oprjochte 17 novimber 1966
Haadkertier Haarlimmermar
Hub(s) Lofthaven Skiphol
Lofthaven Rotterdam-De Haach
Lofthaven Eindhoven
Floatgrutte 36
Bestimmings 88
Loyalensprogram Flying Blue
Memmebedriuw Air France-KLM
Offisjele webside
www.transavia.com

Yn Frankryk hat Transavia in sustermaatskippij: Transavia France.

Float bewurkje seksje

De float fan Transavia bestiet sûnt jannewaris 2019 út 42 fleanmasines fan it type Boeing 737:

Fleanmasine Tal Stuollen
Boeing 737-700 7 149
Boeing 737-800 35 189

Yn juny 2018 liet topman Mattijs ten Brink witte dat Transavia yn 2021 graach mei de nije Boeing 737 MAX fleane wol. Dy moatte de âldere tastellen yn de float dan ferfange.

Yn it ferline fleach de maatskippij mei de Douglas DC-6, de Caravelle, de Boeing 707-320, de Boeing 737-200 en -300, de Boeing 757-200 en de Airbus A300-B4.