Sud Aviation Caravelle

(Trochferwiisd fan Sud Aviation SE 210 Caravelle)
Sud Aviation "Caravelle"


Rol Narrow-body passazjiersfleantúch
Makker Sud Aviation
Earste flecht 27 maaie 1955
Yn tsjinst April 1959
Ut tsjinst July 2005
Tal makke 282 (1958 - 1972)
Grutste brûkers Air France, Scandinavian Airlines, Swissair, Finnair
en Transavia (2)
Farianten Sjoch tekst

De Sud Aviation Caravelle (Frânsk foar karveel, in histoarysk skip) is in Frânske fleanmasine dy't troch Sud Aviation makke waard. It wie it earste ferkearsfleantúch mei strieloandriuwing dat yn Frankryk ûntwikkele en produsearre waard en ornearre wie foar de koarte en middellange ôfstân.

Binnen in pear jier nei't de Caravelle foar passazjiersferfier ynset waard, waard er ien fan de meast suksesfolle Europeeske strielfleantugen fan de earste generaasje. It tastel waard goed ferkocht oan eksploitanten yn hiel Europa, dy't him meast brûkten foar lineflechten binnen Europa. Ek de Amerikaanske United Airlines bestelde 20 Caravelles.

De Caravelle hie foar it earst twa achteroan de romp pleatste motors, dat in 'skjinne' fleugel, in konfiguraasje dy't noch altyd in soad tapast wurdt op lytse strielfleantugen, lykas sakejets. Om de ûntwikkeling flugger ferrinne te litten waarden de noas en de cockpit fan de De Havilland DH.106 foar in grut part oernaam. Omdat it stabilo net deun efter de útlit sitte mei fanwegen de hjitte, waard dy yn de midden fan it kylflak pleatst, in wichtich skaaimerk foar it weromkennen fan de Caravelle.

Der binne totaal in lytse 300 Caravelles ferkocht. It lêste tastel, mei searjenûmer 280, waard yn 1973 oplevere en stiet no op in peal útstald by Toulouse. Yn België bleau in Caravelle fan de Sabena bewarre yn it Loftfeartmuseum oan it Jubelpark yn Brussel. Yn it Loftfeartmuseum Aviodrome yn Lelystêd stiet in cockpit fan in Caravelle opsteld.

Technyske gegevens fan de ferskate ferzjes

bewurkje seksje
Gegevens Mk.I/IA Mk.III Mk.VI-N/VI-R Mk.10B Mk.10R Mk.11R Mk.12R
Langte 32,01 m 33,01 m 32,01 m 32,71 m 36,24 m
Hichte 8,72 m
Breedte / Romptrochsneed bûtenkant 3,20 m[1]
Kabinebreedte binnendoar 3,01 m[1]
Fleugelspanwiidte 34,30 m
Hoeke fleugelstân 20,0°
Fleugeloerflak 146,7 m²
Fleanberik 1.500 km 1.700 km 2.350 km 3.640 km 2.650 km 2.800 km 2.655 km
Krúsfaasje 746 km/o 805 km/o 845 km/o 800 km/o 835 km/o
Maks. fleanhichte 10.700 m 12.000 m 10.700 m 12.100 m 10.700 m
Maks. startgewicht 45 t 46 t 48 t (VI-N)
50 t (VI-R)
52 t
56 t (Super B)
52 t 54 t 56 t
Maks. lâningsgewicht 41,5 t 46 t 48 t 49,5 t
Maks. oantal stuollen 80 99 80 105 140
Oandriuwing Mk.I: 2 Rolls-Royce Avon RA-29 Mk.522 fan 46,7 kN

Mk.IA: 2 Rolls-Royce Avon RA-29/1 Mk.526 fan ?  kN
Mk.III: 2 Rolls-Royce Avon RA-29/3 Mk.527(B) fan 50,7 kN
Mk.VI-N: 2 Rolls-Royce Avon RA-29/6 Mk.531(B) fan 54,28 kN
Mk.VI-R: 2 Rolls-Royce Avon RA-29/6 Mk.535R fan 56,05 kN

Mk.10B/10R/11R: 2 Pratt & Whitney JT8D-7 fan 62,3 kN

Mk.12: 2 Pratt & Whitney JT8D-9 mei 64,5 kN

Earste flecht 27 maaie 1955 (prototype)

14 maaie 1958 (I)
11 febrewaris 1960 (IA)

30 desimber 1959 10 septimber 1960 (VI-N)

6 febrewaris 1961 (VI-R)

31 augustus 1962 (10A)

3 maart 1964 (10B)

18 jannewaris 1965 22 septimber 1967 29 oktober 1970

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Lorenz, Holger: Start ins Düsenzeitalter; Marienberg 2008, s138f. bzw. Buchseiten 138-139, Download (PDF, 217 KB)