Lofthaven Frankfurt am Main
Lofthaven Frankfurt am Main | |
---|---|
Basisynformaasje | |
Namme | Flughafen Frankfurt am Main |
Lokaasje | Frankfurt am Main, Dútslân |
Status | Ynternasjonale lofthaven |
Hichte boppe de
seespegel |
111 meter |
Lingte lâningsbaan | 2800 - 4000 meter |
Undergrûn | Asfalt en beton |
Koördinaten |
De Flughafen Frankfurt am Main, 12 kilometer súdwest Frankfurt am Main, iepene op 8 july 1939, is de grutste lofthaven fan Dútslân. Nei London Heathrow Airport en Aéroport de Paris-Charles de Gaulle is it de tredgrutste Europeeske lofthaven foar persoaneferfier, wrâldwiid stiet de lofthaven op plak alve. Yn 2013 wienen der 58,0 miljoen passazjiers op de lofthaven. Mei sa'n 2,2 miljoen ton frachtferfier yn 2011 wie de Frankfurter lofthaven nûmer sân fan de wrâld. De lofthaven hat twa terminals dy't mei elkoar ferbûn binne troch in shuttlebaan, de saneamde Skyline.[1]
Banen
bewurkje seksje- 07C/25C - Lingte: 4000 meter. Asfalt.
- 07R/25L - Lingte: 4000 meter. Asfalt.
- 18 - Lingte: 4000 meter. Beton. Allinne foar omheech geande fleantugen.
- 07L/25R - Lingte: 2800 meter. Beton. Allinne foar lânings.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Offisjeel webstee fan Lofthaven Frankfurt
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|