Lolita (pornografysk aktrise)

Lolita, echte namme ûnbekend (yn Ruslân, 20 desimber 1972), is in rêstend Russysk pornografysk aktrise.

Lolita (pornografysk aktrise)
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Russysk
berne 20 desimber 1972
berteplak ûnbekend (yn Ruslân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 1994
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Lolita waard yn 1972 earne yn Ruslân berne. Hja waard yn 1994 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman en makke datselde jiers noch har debút yn in pornografyske film. Under har koarte karriêre wurke Lolita eksklusyf mei Woodman foar it Sweedske Private-label, mei as tsjinspilers û.m. Barbara Doll, Alain Deloin en David Perry. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se yn 'e film The Golden Triangle 1 en yn it Private Video Magazine 6 (beide út 1994). Yn 1997 makke har audysjesêne diel út fan Woodman syn Private Castings X 3. Ek wie se te sjen op 'e kompilaasje-dvd Absolut Private 1, út 2000.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Lolita is blank, mei grize eagen en donkerblûn of brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang. Oer har gewicht en kupmaat is gjin ynformaasje foarhâns, mar hja hie ûnder har pornokarriêre yn elts gefal gjin boarstfergrutting dwaan litten. Fierders hie Lolita, behalven troch har earlellen, gjin piercings en allikemin tatoeaazjes.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: