Alain Deloin (útspr.: [a'lɛ̃ dǝ'lwɑ̃], likernôch: "alêng delû-aang"), echte namme ûnbekend (yn Frankryk, 20 febrewaris 1970), is in rêstend Frânsk pornografysk akteur fan etnysk Arabysk komôf. Syn artystenamme wurdt inkeld ek wol misstavere as Alain Delain, en fierders wurke er yn 't earstoan ek wol ûnder de skûlnammen Akim en Hakim. Hy sette yn 1990 útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Yn 2013 beëinige Deloin syn karriêre as pornoakteur.

Alain Deloin
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Alain Delain, Akim, Hakim
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Frânsk
berne 20 febrewaris 1970
berteplak ûnbekend (yn Frankryk)
etnisiteit Arabysk
wurkpaad
wurksum as pornoakteur
jierren aktyf 19902013
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Deloin waard yn 1970 earne yn Frankryk berne. Hy is fan etnysk Arabysk komôf. Mei tweintich jier begûn er yn 1990 oan in karriêre as pornoakteur, wêrby't er benammen opfoel troch in maal of deaplak op 'e ûnderside fan syn penis. Nei in lyts hoartsje as Akim of Hakim wurke te hawwe, naam er de artystenamme oan fan 'Alain Deloin', in wurdspiling op 'e namme fan 'e ferneamde Frânske mainstream-akteur Alain Delon ('Deloin' betsjut "fan 'e skamstreek": fan de, "fan" en loin(s), "skamstreek", ferl. Nederlânsk lendenen).

Under syn karriêre wie Deloin benammen wurksum foar it Sweedske Private-label, wêrby't er gauris gearwurke mei de Frânske regisseur Pierre Woodman en mei kollega-akteurs as Philippe Soine, Richard Langin en Jean-Yves Lecastel. Nei't Woodman foar himsels begûn, wie Deloin ek gauris te sjen yn produksjes fan syn studio Woodman Entertainment. Fierders wurke Deloin yn Jeropa û.m. foar it Frânske Vidéo Marc Dorcel en it Dútske Videorama, wylst er yn 'e Feriene Steaten yn 't spier wie foar sokke foaroansteande filmstudio's as New Sensations, Zero Tolerance, Hustler Video, VCA Pictures, Anabolic Video en Wicked Pictures.

Deloin wurke gear mei aktrises as Nikki Anderson, Erika Bella, Gabriella Blicq, Blondie, Gabriella Bond, Bettina Campbell, Vivienne Clash, Monique Covét, Nessa Devil, Carole DuBois, Rita Faltoyano, Cecilia Grout, Simone Horvath, Hedvig Kaser, Kathy Kash, Katja Kean, Laura Lion, Lolita, Mickaela, Angelica Mirai, Demia Moor, Valentina Nappi, Suzan Nielsen, Aletta Ocean, Peggy Sue, Jennifer Red, Ines en Inga Ridere, Olivia del Rio, Tania Russof, Alexandra Schiffer, Kristina Schwartz, Gabrielle Scream, Julia Spain, Amanda Steel, Lara Stevens, Su Ann, Julia Tchernei, Agnes Tilli en Tarra White.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Deloin yn totaal yn 275 pornofilms, al sitte dêr ek in stikmannich kompilaasjes mei recycle materiaal by, wylst oare films, foar it meastepart út it begjin fan syn karriêre, yn 'e list ûntbrekke. It is dêrom dreech en jou sekuer oan yn hoefolle films oft Deloin wier spile. Guon fan syn bekendste optredens hied er yn 'e films The Pyramid diel 1, 2 en 3, Tatiana diel 1, 2 en 3, Kruger Park, Cape Town diel 1 en 2, The Gigolo diel 1 en 2, en Sweet Baby diel 1 en 2, allegear fan Private; de Castings X-rige fan Pierre Woodman Entertainment en de Anal Intensive-rige fan Hustler Video. Yn 2013 beëinige Deloin nei 23 jier syn wurkpaad as pornoakteur.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: