Gabrielle Scream
Gabrielle Scream, echte namme: Cathleen Raymond (7 novimber 1971), is in rêstend Amerikaansk model, neakenmodel, pornografysk aktrise en mainstream-aktrise, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Gabriella Scream, en dy't fierders ek gebrûk makke hat fan 'e skûlnammen Gabrielle, Kathleen en Noelle. Hja is 1.73 m lang.
Gabrielle Scream | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Gabriella Scream, Gabrielle, Kathleen, Noelle | |
echte namme | Cathleen Raymond | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 7 novimber 1971 | |
berteplak | ? (Feriene Steaten) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1995 – 1996 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeGabrielle Scream begûn har karriêre as fotomodel en mannekên, mar sette al rillegau útein mei te posearjen foar neakenblêden. Se stie as Pet of the Month yn 'e Penthouse en wurke letter mei oan 'e Penthouse-fideo Venus Descending (1996). Doe't se 24 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film foar it Sweedske Private-label. Yn 1995 en 1996 spile se yn in stik as sân pornofilms, wêrûnder The Gigolo diel 1 en 2, fan 'e Frânske regisseur Pierre Woodman, en fierders yn fjouwer dielen fan 'e rige Private Triple X.
Njonken har pornokarriêre wie Scream ek aktyf as mainstream-aktrise, almeast ûnder har eigen namme (ynsafier't se op 'e ôftiteling neamd waard). Sa figurearre se yn 'e Amerikaanske B-films Perfect Gift (1994) en Sexual Impulse (1997), hie se in lyts roltsje yn Virtual Encounters (1996), en fertolke se in byrol yn 'e dramafilm Seduce Me: Pamela Principle 2 (1994).
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Gabrielle Scream (Cathleen Raymond) yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Gabrielle Scream yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |