Angelica Mirai, echte namme ûnbekend (23 april 1976), is in rêstend Letsk pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol stavere wurdt as Angelica Marai.

Angelica Mirai
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Angelica Marai
echte namme ?
nasjonaliteit Letsk
berne 23 april 1976
berteplak ? (Letlân)
etnisiteit Letsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19961997
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Angelica Mirai waard yn 1976 berne yn Letlân. Mids njoggentiger jierren waard hja ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't hja yn 1996, mei 20 jier, har debút yn in pornografyske film makke. Woodman caste har yn ferskate films foar it Sweedske Private-label, wêrfan't de bekendsten de trije dielen fan 'e trilogy The Pyramid wiene, út 1996.

Dêrnjonken spile Mirai yn Private Stories 24 en Triple X 25, wylst se in net-pornografyske rol hie yn Triple X 20. Yn 1997 loek hja har alwer út 'e pornoyndustry werom, mar it jiers dêrop brocht Woodman Private Castings X 12 út, wêryn't Mirai har alderearste audysje te sjen wie.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: