Katja Kean, echte namme: Sussi la Cour (7 febrewaris 1968), is in Deensk rêstend pornografysk aktrise, dy't letter namme makke hat as mainstream-aktrise, sjongster en moade-ûntwerpster. Yn it begjin fan har pornokarriêre makke se ek wol gebrûk fan 'e artystenammen Katja Jean, Nina en Sussi. Yn 2002 feroare se har artystenamme om juridyske redens fan Katja Kean yn Katja K, nei't in Deenske famylje dy't echt fan "Kean" hjit, deroer klage hie mei in pornoaktrise assosjearre te wurden. Doe hie se har karriêre yn 'e ynternasjonale pornografy lykwols al beëinige, dat yn it bûtenlân sil se nei alle gedachten altiten bekend stean bliuwe as Katja Kean.

Katja Kean
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Katja K, Katja Jean, Nina, Sussi
echte namme Sussi la Cour
nasjonaliteit Deensk
berne 7 febrewaris 1968
berteplak Frederiksberg (Denemark)
etnisiteit Deensk
Frânsk
wurkpaad
wurksum as pornoaktrise
jierren aktyf 19972000
offisjele webside
www.katjakean.net

Katja Kean is hikke en tein yn it Deenske Frederiksberg, in stedsje dat ynsletten is tusken de ûnderskate wiken fan 'e Deenske haadstêd Kopenhagen. Hja wurke yn in hotel doe't se yn 1997, op har 29ste, yn har earste pornografyske film spile. Dêr hie se al gau grut súkses mei, en hoewol't se yn har trijejierrige karriêre as pornoaktrise neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mar 41 films spile (wat foar pornobegripen net in soad is), wurke se foar foaroansteande porno-labels, lykas it Sweedske Private en it Amerikaanske Wicked Pictures en Sin City. Se spile ek de haadrol yn twa hurd pornografyske films dy't produsearre waarden troch Zentropa, it bedriuw fan 'e Deenske Oskar-winnend mainstream-filmregisseur Lars von Trier, te witten Constance (1998) en Pink Prison (1999). Dat wie de earste en oant no ta ek de lêste kears dat in mainstream-filmstudio pornofideo's produsearre hat. Allebeide wiene it bestsellers, en se bleaune jierrenlang yn 'e top tsien fan bêst ferkochte pornofilms stean.

Nei't Kean har yn 2000 út 'e pornoyndustry weromloek, bleau se yn Denemark bekend (en populêr) troch in trochstart as mainstream-aktrise yn 'e tillefyzjekomeedzjesearje Langt fra Las Vegas ("Fier fan Las Vegas"). Dêrnjonken song se it duët Save Your Love mei de Deenske sjonger Dario Campeotto, útbrocht op dy syn album Love Is in the Air, út 2001. Om te bewizen dat se echt sjonge koe en dat it op 'e cd net in studio-editing fan har stim wie, trede se live mei Campeotto op yn it Kopenhaachske ferdivedaasjepark Tivoli. Fierdersoan wurke se ek mei oan it nûmer Sunset Boulevard, fan 'e band Filur. Yn 2003 ferskynde der in biografy oer har, skreaun troch Henrik List, op grûn fan in rige fraachpetearen. It boek hie as titel: Katja KXXX – Stjerne i Syndens By (letterlik: "Katja KXXX – Stjer yn it Doarp fan de Sûnde"). Guon lju mienden dat se har namme no feroare hie yn Katja KXXX, mar dat is net sa; de trije X-en steane foar de trije lêste letters fan "Kean", dy't se doe om juridyske redens net mear brûke koe.

Yn 2004 sette Kean alwer útein mei in nije karriêre, diskear as moade-ûntwerpster. Se rjochte har eigen bedriuw op (fêstige yn Kopenhagen, ûnder de namme Katja K – Based oan a True Story), en brocht in rige linzjery op 'e merk. Letter begûn hja gear te wurkjen mei it Deenske designer-duo Femmes Regionales, mei wa't se in kûtuerlinzjerykolleksje ûntwurpen hat. Njonken har liedingjaande funksje yn har eigen bedriuw jout se ek lêzings, lykas oan 'e Universiteit fan Århus, oangeande it brûken fan en omgean mei in persoansmerk.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2000 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.