Tania Russof
Tania Russof (Letske stavering: Taņa Rusova; Russyske stavering: Таня Русова, Tanja Rusova; Riga, 6 july 1974), is in rêstend Letsk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Russysk komôf.
Tania Russof | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Tanja Russof, Tania Russov, Tanja Russov | |
echte namme | Tanja Rusova (Таня Русова) | |
nasjonaliteit | Letsk | |
berne | 6 july 1974 | |
berteplak | Riga (Letlân) | |
etnisiteit | Russysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1994 – 1998 | |
offisjele webside | ||
www.taniarussofxxx.com |
Libben
bewurkje seksjeTania Russof waard berne yn 'e Letske haadstêd Riga as lid fan 'e Russyske minderheid yn Letlân, yn 'e tiid dat Letlân noch ûnderdiel útmakke fan 'e Sovjet-Uny. Se groeide op efter it Izeren Gerdyn. Yn 1991 wûn Letlân, nei de fal fan it kommunisme, syn ûnôfhinklikens werom, en waard it lân, krekt as it hiele Eastblok iepenlein foar de ferwurvenheden fan it frije Westen, wêrûnder de pornografy. Yn april 1994 waard Russof ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, doe't dy op 'e sneup wie nei nije aktrises yn in winkelsintrum yn Riga dêr't Russof har mem in kleanwinkel hie.
Russof sleat in eksklusyf kontrakt mei it Sweedske Private-label, dêr't Woodman foar wurke. Yn 1994 makke Tania Russof har debút yn in pornografyske film, yn 'e foarm fan in sêne yn Private Video Magazine #17. Tusken 1994 en 1998 spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 21 films, allegear fan Private, wêrûnder de Pyramid-trilogy en de Tatiana-trilogy, dêr't se de haadrol yn fertolkte. Op 12 july 1996 troude Russof mei Pierre Woodman, in houlik dat yn septimber 2000 op freonskiplike wize beëinige wurde soe.
Njonken har wurk as aktrise posearre Russof ek yn neakenblêden. Se wie yn septimber 1996 de Penthouse Pet fan 'e moanne fan it tydskrift Penthouse, en naam by de Penthouse Pet fan it Jier-ferkiezing yn 1998 it twadde plak yn. Yn datselde jier kearde se de pornoyndustry de rêch ta. Yn 1999 makke se in dokumintêre oer har karriêre as pornoaktrise, ûnder de titel Tania Russof: The Story.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1998 | Hot d'Or | wûn | bêste aktrise fan it jier | Tatiana 1 (Private Gold 26) |
Venus Award | wûn | bêste Jeropeeske aktrise | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Tania Russof
- (in) Biografy fan Tania Russof yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Tania Russof yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |