Ania (pornografysk aktrise)

Ania, echte namme ûnbekend (1976), is in rêstend Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise.

Ania (pornografysk aktrise)
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme ?
nasjonaliteit Russysk
berne 1976
berteplak ? (Ruslân)
etnisiteit Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 1995
offisjele webside
gjint

Karriêre bewurkje seksje

Ania waard yn 1976 berne yn Ruslân. Yn 1995 waard hja ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman. Se wurke dêrnei mei oan ferskate neakenfotografyske en pornografyske fotoreportaazjes yn pornoblêden, lykas Private en Triple X, dy't publisearre waarden troch de Sweedske pornografyske filmstudio en útjouwerij Private.

Dêrnjonken spile Ania ek yn trije pornografyske films, te witten Triple X 2 en Triple X 4, beide út 1995, en Private Castings X 22, dy't útbrocht waard yn 2000, mar mei earder opnommen materiaal (dat noch net earder publisearre wie). Ania loek har noch yn 1995 wer út 'e pornoyndustry werom, en it sizzen wie dat se mei har pornografyske optredens in universitêre stúdzje finansiere hie.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: