Haadmenu iepenje

Joy Kiss, echte namme ûnbekend (30 desimber 1974), is in rêstend Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol wurke hat ûnder de artystenamme Joy. Hja is 1.70 m lang.

Joy Kiss
Happy feet.svg persoan yn de seksyndustry
Joy Kiss.jpg
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Joy
echte namme ?
nasjonaliteit Flag of Russia.svg Russysk
berne 30 desimber 1974
berteplak ? (Ruslân)
etnisiteit Flag of Russia.svg Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 1995
offisjele webside
gjint

KarriêreBewurkje

Joy Kiss gie yn 1995, doe't se tweintich jier wie, op audysje by de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, doe't dy yn East-Jeropa op 'e sneup wie nei nij talint. Datselde jiers noch spile se yn fiif fan Woodman syn pornografyske films, allegear foar de Sweedske Private-studio.

Dêrûnder wiene trije ôfleverings fan it Private Triple X-fideomagazine en ek de yn 1998 útbrochte audysjefideo Private Castings X 10, wêryn't sabeare Kiss har alderearste audysje fêstlein wie. Fierders hie se rollen yn 'e films The Gigolo diel 1 en 2. De Internet Adult Film Database (IAFD) neamt noch in trijetal oare films op, mar dat lykje kompilaasjes fan âld materiaal te wêzen.

Keppelings om utensBewurkje